Sneintemiddeiblues yn café Rolbrêge

Tynje

Foeke van Bruggen en de Rolbrêge Brûsband spylje snein 20 jannewaris yn café Rolbrêge.

Eartiids spilen de Healers jierliks yn desimber in kear yn café Rolbrêge by de Tynje en dan feroare it kafee yn in âlderwetske Jukejoint. Hjoeddedei binne der noch tal fan minsken dy’t mei nocht werom tinke oan dy memorabele sneintemiddeis.

Nij libben

Healers binne net mear, mar café Rolbrêge noch wol. Piet Zwerver, oait bassist fan Healers, hat inkele ex-Healers benadere mei it idee om dy optredens op ‘e Rolbrêge nij libben yn te blazen. Op dizze wize wurde de optredens, dy’t de foarrich jier ferstoarne sjonger fan de band Jehannes Veenstra altyd organisearre, yn eare hâlden.

Op snein 20 jannewaris is der no wer in muzykmiddei yn café Rolbrêge. De line up is Foeke van Bruggen, in muzykfreon fan Healers en de Rolbrêge Brûs Band. Foeke spilet in akoestyske set mei syn bekendste nûmers en de Rolbrêge Brûsband fersoarget it elekryske diel fan de middei. Dizze ‘gelegenheidsband’ bestiet út de ex-Healers Piet Zwerver, Feiko Wouda (Challenger), Marten Scholten en Bauke de Grouw. Piet Smit (Challenger) en Henk Bloemsma (Hawar) meitsje de band kompleet.

It repertoire bestiet út bekende nûmers út de jierren ‘60 en ‘70, mar ek Fryske Blûs út de Healers-katalogus stiet op it programma. It optreden begjint om 16.00 oere en duorret oant 18.30 oere. De tagong is in frije gift yn de molkbus.