Toneelvereniging it Heideblomke speelt Gewoan Te Gek

Jubbega

Toanielferieniging it Heideblomke út Jobbegea spilet dit toanielseizoen it stik Gewoan te gek fan Ton Davids.

It stik wurdt spile troch eigen leden en de rezy is yn hânnen fan Tine Bijstra. It stik spilet him ôf yn de húskeamer van Huize van Speykstraat, wer fjouwer eks-psychiatryske pasjinten wenje. De sosjotherapeute moat har helpe harren plakje yn è normale maatskippij wer te finen. Se docht spitigergenôch faak te goed har bêst, mar de bewenners lykje noch net echt op normale minsken. De wet-hâlder dy’t ferantwurdlik is foar de subsydzje, komt derom mar in kear om it spul troch it gat te sjen. Op eigen gekke wize meitsje de pasjinten dúdlik dat se harsels poerbêst rêde kinne…

Hoe dat allegearre om en ta giet is te sjen tiidens de útfierings fan saterdei 19 en 26 jannewaris 2019 yn kafee de Alde Slûs yn Jobbegea, it begjint om acht oere. Nei ôfrin fan it toaniel is der musyk.

Plak besprekke kin fia 0516 462979 of toanielferienigingheideblomke@gmail.com