Wytze en Joan gaan na 50.000 km hun dagboeken vergelijken

De Wilgen

Vreemd, zegt Wytze van der Land. Je leeft anderhalf jaar van dag tot dag en zodra je thuiskomt, stroomt je agenda meteen vol. ,,Ik moat nei it sikehûs foar de plande check ups, de meubels moatte werom en de beide auto’s moatte keurd wurde om se wer yn de fersekering te krijen, want dy ha oardel jier yn de opslach stien en wienen salang skorst. Wy wurkje beide al net mear, mar no’t wy wer thús binne bepaalt de aginda ús ritme wer.

Pikulan

Sinds 11 maart vorig jaar hebben Wytze en Joan van der Land uit De Wilgen in hun camper gereisd. Hun agenda begon de laatste weken voor hun thuiskomst vorige week al weer langzaamaan vol te lopen. Zo hebben ze binnenkort ook hun eerste vergadering weer van de Stichting Pikulan uit Surhuisterveen. Het eerste deel van hun tocht was een sponsorreis naar Singapore. De opbrengst, 6600 euro, is bestemd voor een kinderproject in Indonesië van Pikulan, waarvan ze bestuurslid zijn.

De reis ging via het midden-Oosten en Azië via China naar Laos, waar ze niet verder konden omdat hun auto defect raakte en ze niet door mochten rijden. Het laatste stukje hebben ze daarom gevlogen naar Singapore. Na een korte onderbreking in Friesland, onder andere voor de periodieke controles in het ziekenhuis, vervolgden ze hun reis in Nieuw Zeeland en Australië. Die landen ontdekten ze een paar maanden lang in een huurcamper.

Rattenkolonie

In mei begon hun laatste etappe, terug met de camper van Laos naar Friesland. Dat kon niet zomaar. De camper was in het halve jaar in de garage veroverd door een kolonie ratten, die er flink in tekeer was gegaan. Het defect was inmiddels verholpen, zodat ze na een flinke schoonmaakbeurt weer op weg konden. De terugreis ging opnieuw via China en verder door Rusland terug naar West-Europa.

Vorige week kwamen ze weer in Nederland. Ze waren iets te vroeg, omdat de mensen die zolang hun huis huurden, omdat ze onderdak nodig hadden in de periode dat hun nieuwe huis werd gebouwd, nog niet helemaal klaar waren. De laatste week hebben de twee daarom in hun camper door Nederland gereden. Zo konden ze onder andere in Ede het huwelijk meemaken van de oudste kleinzoon. ,,Dêr hienen wy fansels ús planning ek op ynsteld. En wy ha noch in nacht by De Leijen stien en twa nachten by myn sweager yn Aldegea.’’

Vorige week konden ze in hun eigen woning, maar ze sliepen nog in de camper op hun eigen erf, omdat pas na twee dagen ook hun huisraad werd teruggeplaatst. ,,Dêrom wie it ek noch wol wat ûnwennich. It moast foar ús beide noch wol eefkes lande dat wy wer thús wienen. Wy hienen oardel jier lang elke dei mar in pear soargen: wêr sliepe wy fannacht, wêr kinne wy wetter en wat te iten krije en wêr kinne wy ús wc leegje.’’

Nee, ze hebben nog niet een volgende reis gepland. Eerst deze maar eens verwerken, zegt Wytze van der Land. De komende maanden willen ze al het materiaal van hun reis verwerken tot een boek. ,,Dat is in moai winterkluske’’, zegt hij lachend. Onderweg maakten ze duizenden foto’s en beiden hielden ze een dagboek bij, zij op papier en hij in de computer. Dat deden ze zonder met elkaar te overleggen, dus als ze straks de teksten vergelijken kunnen ze zien hoe de ander de reis heeft ervaren. ,,Je neemt toch allebei op je eigen manier de dingen weer’’, zegt Joan. Ze reden 50.000 kilometer in totaal, 32.000 op de heenweg en 18.000 terug. ,,En dan ha wy de kilometers yn Australië en Nij Seelân net iens meirekkene.’’

Prijzen

Wat het echtpaar terug in Nederland vooral opvalt zijn de prijzen. Vooral brandstof, eten en drinken zijn hier stukken duurder dan ze onderweg gewend waren. Van der Land hield alle tankbeurten bij en komt op een gemiddelde dieselprijs van 65 cent. Dat is de helft van de prijs in Nederland. ,,Yn Iran wie it it goedkeapste, 14 sinten de liter. Ik ha berekkene dat de auto gemiddeld 1 op 9 riden hat, en dat is net raar foar in auto fan fjouwer ton.’’

Doordat ze voor de terugweg een andere route kozen, zijn ze nergens voor de tweede keer langsgekomen. Gevraagd naar het mooiste onderweg noemen ze beiden Kirgizië of Kirgistan, een van de vele Stan-landen tussen West-Europa en China. Een van de snelwegen ligt daar op een hoogte van drie kilometer. ,,En dan sjochst om dy hinne allinnich mar hege bergen, mei snietoppen. Sitst dêr sa heech, datst amper sykhelje kinst. De earste oardel jier hoege wy nergens hinne, mar as wy wer in reis meitsje, dan soenen wy noch wolris yn dy Stan-lannen sjen wolle.’’

Grutste bargen

Wat de meeste indruk op het stel heeft gemaakt is China, maar zowel positief als negatief. ,,Dat is ús ek it measte ôffallen. Sjinezen binne de grutste bargen dysto fine kinst. Dêr wienen wy echt bliid dat wy yn de camper ús eigen wc hienen. Underweis binne wy echt net ien skjinne wc tsjinkaam. Op’t lêst legen wy ek ús eigen toilet mar gewoan yn in klosetpot. Echt skandalich, ûnfoarstelber.’’ Wat dat betreft was het in de Stan-landen weer perfect, zegt Van der Land.

,,En sa’t se dêr yn Sjina de minderheden behannelje, dat is gewoan ferskriklik. Dy wurde gewoan fuortpest. Ek de burokrasy is dêr ûnhuer. Dy sjochst oeral fansels wol, mar Sjina spant dêryn echt de kroan. Wy hienen beide kearen in ferplichte gids, dat moat elkenien dy’t der yn in auto trochhinne rydt, en de earste wie wat nofliker. Dy sei dat Sjina de burokrasy útfûn hat, want dêrtroch hoecht net ien de ferantwurdlikheid te nimmen. Us twadde gids wie wat folchsamer oan de regearing. As wy diskusjearden oer bygelyks de Oeigoeren, ien fan de minderheden, dan ferdedige hy echt it offisjele stânpunt. Se binne dêr freeslik streng tsjin en dogge krekt oft alle Oeigoeren terroristen binne. Oeral binne ek roadblocks om te sjen ofst net in terrorist meismokkelst.’’

Translate

Om met elkaar te kunnen praten zonder elkaar te verstaan gebruikten de Van der Lands vaak gebarentaal. Of ze tekenden op een stukje papier wat ze bedoelden. ,,Mar ûnderweis hie elkenien Translate op syn mobyl. Dan sprutsen se wat yn en lieten ús de Ingelske oersetting hearre. Folle makliker, fansels.’’

Opvallend was ook de grote gastvrijheid, vooral in het Midden-Oosten. Als ze mensen de weg naar een restaurant vroegen, werden ze vaak meegenomen naar huis om bij hen te komen eten. ,,En ûnder it iten kamen der hieltyd mear minsken by. Wy ha dêr foar de doar kampeard en de oare moarns stienen se al wer klear mei in ontbijt. Se kloppen oan om ús út te noegjen en wy fûnen ek wolris in briefke ûnder de rutewissers om te freegjen oft wy ergens kamen te iten. Kinst net alles oannimme, want dan komst der gewoan net wer wei.’’

Rijdend selfiemaken

De gastvrijheid was het grootst in Iran, zegt Van der Land, maar daar was het verkeer dan weer link. ,,De diken wienen fantastysk, mar it gedrach yn it ferkear wie freeslik. Dy minsken binne echt suïsidaal. Se koenen dy mei 120 km yn’t oere ynhelje en dan flak foar dy samar op de remme stean. Of se rieden njonken ús en dan makke se in selfie mei ús camper derop. Past dy der hiel gau by oan, mar it bliuwt oppassen. Wy ha ûnderweis ek in pear hiel slimme ûngelokken sjoen.’’

Toch heeft het echtpaar zich in al die maanden nooit onveilig gevoeld, al hebben ze wel het een en ander meegemaakt, vooral met douane en politie. Een wisseltruc van een nepagent kostte hen 1000 euro. Dat was bij het Mausoleum van Khomeini in Iran. ‘s Ochtends vroeg werden ze uit bed geklopt door een agent, die meldde dat er vals geld in omloop was en of hij even hun geld mocht controleren. ,,Doe hat er as wie it Fred Kaps it jild yn syn mouwe glide litten. Ik hie de sliep noch net goed út, mar ast dat letter troch hast, dan fielst dy wol sa’n loser.’’

Absurde sketches

De confrontaties met de douanes leverden soms absurde sketches op, die niet zouden misstaan in een aflevering van Monty Python. ,,Echt belachlik soms, om krûme teannen fan te krijen. Dan siet der achter in loket in frommis rêstich har neils te lakjen, wylst de rige foar it loket hieltyd langer waard. Der is hast gjin grins dêr’t wy gjin mot hân ha. Allinnich út Sjina wei, doe’t wy oankamen yn Kirgizië, doe waarden wy echt wolkom hjitten en as in echte gast behannele. Dêr wie de hiele kontrôle ek yn twa menuten klear. By in oare grins gong it echt yn fases. Wy moasten hieltyd 50 meter fierder ride en dan waard alles wer opnij neisjoen. Dat binne echt lessen yn geduld. Absolút net goed foar it hert.’’

,,Ien kear woenen de plysjes jild ha, foardat wy fierder mochten. Doe haw ik se echt yn it Frysk útblaft. Wy ha ek ferskillende plysjekontrôles mist. Dan stienen se oan de oare kant fan’e dyk te winken en dienen wy krekt of hienen wy neat sjoen. Ast Kazachstan yn wolst, hoechst net in fizum, mar moatst in aparte autofersekering ha. Dy hienen wy net kocht, want dat like ús ek oplichting.’’

Lyts baaske

,,Mar by in folgjende kontrôle fregen se der wol om. Doe bin ik mei in hiele dikke map it buro ynstapt, ik aktearde echt as in lyts baaske en ha se alle paperen sjen litten, en hieltyd mei de fûst der op slaan. Ast mar hiel selsbewust oerkomst en tinkst fan: lit se mar lulle, dan komst in hiel ein. Gewoan ûnnoazel dwaan helpt ek. Ast hiel timide bist, dan naaie se dy, mar sa ûnderweis learst gau genôch om fan dy ôf te biten.

,,Allinnich ien kear ha se ús ferskriklik naaid. Doe stie der op in boerd by in bensinepomp dat der op it folgjende stik dyk in vignet noadich wie. Dat koenen wy net lêze, dus wy hienen dat vignet net. In pear hûndert kilometer fierder waarden wy oanhâlden. Dy plysjes hienen trije foto’s fan ús ûnderweis, alle kearen sûnder vignet. Dus trije oertredings. Dat koste 300 euro. Doe wie ik wol eefkes hiel kûgelsk. Hie ús dan fuort de earste kear oanhâlden! En, sei dy iene plysje der ek noch by, dat vignet hie jo mar 12 euro koste. Ik hie’m wol wat dwaan kinnen. Mar fierder, it wie in fantastyske reis en wy ha in hiel soad geweldige minsken troffen.’’