Drachtster Koos Tiemersma by 5 winners Rely Jorritsmapriis 2018

Drachten

Koos Tiemersma út Drachten is ien fan de fiif winners fan de Rely Jorritsmapriis 2018.

Trije ferhalen en twa gedichten wurde dit jier bekroand mei in Rely Jorritsmapriis. It giet om de ferhalen ‘In bysûndere moeting’ fan Sipke de Schiffart (Ljouwert), ‘It weagjen fan de see’ fan Lomme Schokker (Hillegom) en ‘De ereksje fan in oar’ fan Koos Tiemersma (Drachten). Tiemersma hat de Rely Jorritsmapriis faker wûn. Ek wie er mei syn boek De Ljedder yn 2004 de earste winner fan de Rink van der Veldepriis, de literêre priis fan de gemeente Smellingerlân. Yn 2015 wûn er foar syn roman Einum de provinsjale Gysbert Japicxpriis.

De winnende gedichten fan de Rely Jorritsmapriis 2018 binne ‘Kintsugi foar in diggelbast’ fan Paul van Dijk (Warkum) en ‘Sa as di wynd fan dae vlkenum waait’ fan Edwin de Groot (Aldehaske).

Foar de Rely Jorritsmapriisfraach wiene 63 ynstjoeringen ynkommen, te witten 36 gedichten en 27 ferhalen. It wie de earste kear dat de priisfraach ûnder auspysjes stie fan de gemeente Ljouwert, dy’t it bestjoer fan it Rely Jorritsmafûns oerkrigen hat fan de op 1 jannewaris 2018 opdoekte gemeente Littenseradiel. De sjuery bestie diskear út Tryntsje van der Steege, Karen Bies en Douwe Kootstra. De prizen fan 1000 euro elk wurde op saterdei 6 oktober útrikt yn it doarpshûs te Weidum.

Lees hier een eerder interview met Koos Tiemersma.