Oandacht foar Frysk en Rink van der Velde yn Wike fan Rink

Drachten/De Veenhoop

Yn kafee Marktzicht begjint tongersdeitemiddei de Wike fan Rink, in wike yn it teken fan libben en wurk fan Rink van der Velde. De wike wurdt organisearre troch de gemeente Smellingerlân, It Frysk Gea, Stifting FLMD, Tresoar en in grutte groep frijwilligers.om it oantinken oan de Fryske skriuwer libben te hâlden. Oant en mei 23 juny wurdt der ek ekstra omtinken frege foar de Fryske taal. De wike is in ûnderdiel fan LF2018.

Beafeart

Tongersdei is om 17.00 oere yn MarktZicht de presintaasje fan de werútjefte fan Beafeart nei Saint-Martin, de tredde roman fan Rink van der Velde. It earste eksimplaar sil offisjeel oanbean wurde oan boargemaster Tom van Mourik. It boek giet oer in Fryske sjoernalist dyt in beafeart ûndernimt’nei Saint-Martin. Yn de oarlochsjierren hat er, as finzene fan de Dútsers, yn it konsintraasjekamp fan Troyes sitten. Mei help fan de Maquis, de Frânske ûndergrûnske, koe er flechtsje.

Heal as ûnderdûker, heal as partisaan hat er de lêste moannen foar de befrijing tahâlden op it lytse boerespultsje Ferme la Vacherie op it Frânske plattelân. Dêr hat er kunde krigen oan Krysta, de jongfaam dêr’t er mear fan hâlden hat as fan de Fryske frou dêr’t er letter mei troud is. Mar it is net allinne om Krysta – yntusken ek al lang troud – nochris wer te moetsjen dat er krapoan tweintich jier letter syn beafeart oangiet. It is foaral ek om ferantwurding ôf te lizzen oer neambere en ûnneambere skuld dêr’t er sûnt dy tiid altyd mei ompakt hat.

Bokwerder Belang

Rink van der Velde (1932-2001) is ien fan de populêrste Fryske skriuwers fan de 20ste iuw. Neist syn wurk as sjoernalist skreau er ferskate romans, lykas De fûke en Feroaring fan lucht, en ferhalebondels mei kroechferhalen en it nijs út Bokwerder Belang. Yn syn boeken sette Van der Velde gewoane minsken yn in bysûnder ljocht, en troch syn gefoel foar humor en skerp each foar maatskiplike ferhâldingen is syn wurk hjoed-de-dei noch hieltyd tige lêsber. Beafeart nei Saint-Martin ferskynde foar it earst yn 1965. Foar de werútjefte is it oarspronklike omslachûntwerp fan Meinte Walta op’e nij brûkt. It boek is omstavere troch Martsje de Jong.

Freed 15 juny is by de skriuwersarke yn De Feanhoop de útrikking Rink van der Veldepriis 2018 oan Willem Schroor (Ternaard, 1959) foar syn roman De nacht fan Mare. It boek giet oer Thomas en Mare dy’t nekoar yn de jierren santich treffe by in konsert fan Herman Brood yn Ljouwert. Der ûntstiet in relaasje tusken de twa, dêr’t ek ferslavind in rol yn spilet. Njonken Schoorstra wienen ek Geart Tigchelaar (mei syn boek Bêste Jonge) en Nyk de Vries (foar Renger) nominearre foar de literatuerpriis.

Utstapkes

Schoorstra is de lêste jieren foaral bekind wurden troch syn histoaryske romans oer Grutte Pier en Rêdbâd. ,,Mar dat wienen eins útstapkes. Boeken as Mare binne eins mear myn metier. Dochs ha dy beide boeken flink publisiteit krigen en se binne ek behoarlik ferkocht.'' Fan Rêdbâd ferskynt oare moanne yn it spoar fan de nije film Redbad in fertaling yn it Hollânsk. Dochs hat de film neat te meitsjen mei it boek fan Schoorstra.

,,De film is net basearre op myn boek, mar der fansels wol troch ynspireard. Ik ha wol kontakt hân mei de produsint en ik haw it skript fan de film lêzen, mar der is in grut ferskil tusken ús oer hoe't wy mei de skiednis omgean wolle. It echte ferhaal is neffens my al spektakulêr genôch. Mar it is dúdlik dat Rêdbâd de kommende jierren syn publisiteit noch wol hâldt. De impakt fan dat boek hat echt in oare diminsje.''

De Rink van der Veldepriis bestiet út in byld fan Anne Woudwijk en in jildbedrach fan 2000 euro. Tidens de seremoanje by de Skriuwersarke wurde ek de skriuwers foarsteld dy’t kommend seizoen in skoft yn it arkje wurkje meie. De skriuwers fan foarrich jier sille ferslach dwaan fan harren wurk.

Programma

Saterdei 16 juny is der in Boekemerk mei Fryske boeken op it Raadhuisplein yn Drachten.

Moandei 18 juny wurdt der in Sutelaksje mei Fryske boeken hâlden yn Aldegea. Frijwilligers komme tusdken 16.00 en 20.00 oere mei kroaden fol Fryske boeken by de doarren del.

Tiisdei 19 juny is der yn de Bibleteek fan 19.30 oere ôf in Fryske literêre jûn mei de 3 nominearre skriuwers fan de Rink van der Veldepriis 2018.

Tongersdei 21 juny wurdt der yn kafee Marktzicht in Ferhalejûn hâlden. Underdielen binne it bekend meitsjen fan de winner fan de skriuwwedstryd kroechferhalen en in kwis oer Rink van der Velde.

Freed 22 juny is yn de Grote Kerk foar útnûge gasten de Iepening fan de útstalling fan Anne Woudwijk ‘Beitelje yn ‘e siel’ en de presintaasje fan de film ‘Thuis’. Fan saterdei 23 juny ôf is de útstalling fergees te besjen.

Saterdei 23 juny is der yn Marktzicht in konsert fan de band Bokwerder Onbelang, mei ûnder oare gitarist Ferdinand de Jong, de eardere winner fan de Rink van der Veldepriis.