Kortste evaluatie ooit voor Oerrock: tevreden!

Ureterp

De Stichting Oerrock had zondag de kortste evaluatie ooit: alles is precies zo verlopen als vooraf in de draaiboeken was uitgedokterd. ,,Wy kinne dan ek allinnich mar tevreden wêze’’, zegt voorzitter Sietze Boonstra.

,,Alles is gien sa’t wy it pland hienen. Wy krije it nei al dy jierren blykber hieltyd better yn’e fingers. As de planning goed is, rint it in stik soepeler. Fansels ha wy der dan noch wol wurk fan, mar der is fierder gjin gestress mear.’’

Preventief

Op het festival liep dit keer een flinke groep politiemensen rond, naast de toch al grote groep eigen beveiligers. Dat had duidelijk een preventieve werking, oordeelt Boonstra. De afgelopen dagen hebben zich wel incidenten voorgedaan, maar op een bezoekersaantal van 33.000 is dat marginaal.

,,Dat sei de plysje ek, yn ferhâlding bart der gewoan mar in hiel lyts bytsje. Der binne in pear oppakt en yn’e boeien slein en der binne wat fechtersbazen fan it terrein set, foaral op de freedtejûn. As de plysje minsken arrestearde dan gienen dy foar ferhoar mei nei in rûmte njonken ús frijwilligerstinte. Der waard fansels wol lake as der wer ien lâns kaam en op it lêst waard sels in pear kear it konfettikanon oansetten, dat it wie suver in Walk of Shame.’’

Puntsjes

Muzikaal gezien was het festival weer geslaagd, oordeelt Boonstra, met drie uiteenlopende avonden. ,,En dat stramyn wolle wy de kommende jierren ek hanthavenje. Miskien binne der noch in pear puntsjes om te ferbetterjen, sa kin der op it middenterrein miskien noch wol wat mear barre. Dêr hienen wy no in grutte oerkapping stean foar as it reine soe, mar it wie der soms wat te stil.’’

En misschien dat de kleinste tentjes toch wat groter moeten, want bij sommige optredens, zoals bij Jelle B op donderdag en de tributeband van Mumford & Sons zaterdag, konden veel mensen niet meer naar binnen. ,,Ja, miskien dat dy lytse tintsjes noch wat grutter kinne, mar ja, wy moatte ek oppasse dat it net in festival fan allegear grutte tinten wurdt. Fierder hienen wy alles wol sa’n bytsje ûnder kontrole.’’

Foto’s Fokke Wester

Kijk op de Facebookpagina van de Drachtster Courant voor livebeelden van diverse optredens.