Oer de Brêge | Emma de Jong: Wat werom dwaan voor de maatskippij

Redacteur Fokke Wester ontmoette op de hoofdbrug van Gorredijk Emma de Jong (57) uit die plaats. Ze is geboren in Jubbega.

Mar ik wenje al 34 jier yn de Gordyk.

Ha jo ek wurk?

Nee, ik doch frijwilligerswurk bij de Kringloop hjir yn'e Gordyk.

Jo ha noait in baan hân?

Ja, hiel froeger wol, by Tectronix yn it Hearrenfean en ei kompjoeters en sa.

Hienen jo in oplieding hân dêrfoar.

Nee, nee, ik ha weinig oplieding hân. Spinazy-akademy, hin?

Sa neamden se froeger de húshâldskoalle.

Ja, de húshâldskoalle.

De bynamme spinazy-akademy hat wol wat negatyfs, hin?

Ja, dat hat wol wat negatyfs. Mar ik fûn it geweldich.

Jo skamje jo der net foar.

Nee, nee, makket my neat út. Mar spinazy-akademy, dat wie doe sa. Yn it Hearrenfean haw ik der op sitten.

Hienen jo achterôf ek wol wat oars dwaan wollen?

Nôh, ik wie in bytsje rebels, dus eh...

Jo wienen wat dwers.

Ja, ik wie wol in bytsje dwers.

Mar dat heart ek wol wat by in Jobbegeaster, of net.

Ja, echt wol, dat merke se wol dat ik in Kompenijster bin. Ja, ja, ja, meitsje my net lilk, haha.

Ik sil my ynhâlde. Jo famylje komt fanâlds ek fan Jubbegea?

Ja, allegear, wy komme eins fan de wiken, wy binne echte Kompenijsters. Hast dat boek ek: Mei de kont oansjoen? Kinst dat?

Nee.

Dat is in boek, dat ha se oer Jubbegea skreaun. Ik kom echt fan de Belgyske wiken, ik bin in echte kompenijster, fan froeger út al.

En is dat dan in apart slach folk.

Dat is in hel apart slach folk, ja.

Wêrom?

No ja, hoe moat ik dat sizze?

Eigengereid.

Ja, eigengereid. Wol wurkers, mar in protte earmoede, hin?

Dat sjogge jo oeral op de earme heide, ek by Sumar en Harkema.

Ja, ja.

Dêr sjogge jo ek minsken dy't dwers binne, mar ek wol kriich ha.

Ja, fechtlust. en wrotters. Se wolle echt wol wurkje.

En dat sjogge jo by josels ek werom?

Ja, ik kin net stilsitte. Ik moat wol wat te dwaan ha.

Wat dogge jo as frijwilliger by de Kringloop?

Ik stean by de ynbring en tongersdeitemiddei stean ik by de boeken.

Dy Kringloop is fan in ynstelling, hin?

Ja, dy is fan de Stichting Wil.

En as frijwilliger begeliede jo ek minsken?

Nee, ik soargje gewoan dat de boeken yn'e winkel komme, de Fryske boeken by de Fryske, en natuer en literatuer.

Jim hawwe in moaie boeke-ôfdieling, trouwens, ik mei der wol graachris wat omsneupe.

Ja, ik ek. en ik mei wol graach lêze, dus ik fyn it wol moai op de boeke-ôfdieling.

En kinne jo dan ek boeken mei koarting meinimme?

Ja, ik krij 25 persint koarting. Mar ja, it kostet dêr ek allegear gjin drol. Per boek in euro en dan krijst ek noch 25 persint koarting, no ja.

Wat lêze jo graach.

Ik mei graach wiergebeurde ferhalen lêze, en wat thrillers.

Ek yn't Frysk?

Nee, gewoan yn it Nederlânsk. Ja, ik mei wol graach lêze.

Moai.

Doe't ik noch troud wie hat myn man wol in kear tsjin my sein: Ik woe dat'k in boek wie, dan hiest my ek sa faak fêst.

Jo binne al lang skieden?

No, dan moat ik eefkes rekkenje, in jier as fjirttjin.

Sûnt dy tiid binne jo allinnich.

Ja, mar ik haw him noch wol fersoarge nei de tiid. Wy gienen wol goed meiïnoar om, hear, mar hy hat doe by my yn hûs noch in beroerte krigen.

Ach.

Doe wie hy noch mar fyftich en doe haw ik him yn'e hûs naam. Omdat er noch sa jong wie, haw ik him noch safolle jier fersoarge.

Jo eks-man.

Ja, doe ha wy noch in oanbou oan ús hûs hân. Mar it waard my op it lêst te swier. Hy sit no yn in fersoargingstehûs yn Bedum, yn Grins.

Jim wienen goed út inoar gien, sizze jo.

Ja, ja, seker weten.

Mar it is dan wol hiel bysûnder om him wer yn hûs te nimmen.

Ja, mar omdat wy dochs wol goed koenen. Sjoch, wy hienen fierder gjin relaasje mear, mar wol as freonen en hy wie fansels de heit fan'e bern.

Hoefolle bern ha jim?

No, ik ha fiif, mar ik ha der fan myn dochter noch ien by. Dy hat hiel jong in jonkje krigen en dy foed ik op. Dy is no ynmiddels tolve.

Dy ha jo noch yn'e hûs.

Dy ha ik noch yn'e hûs, ja.

Dat liket my ek wol lestich, want jo moatte dochs ynienen wer yn'e lytskes.

Dat wie hiel moeilik, ja, want myn eigen jongste wie tsien. En doe kaam der sa'n lyts hummeltsje wer by. Mar ik bin wol bliid mei him, hear, oars hie'k no allinnich west. Alle bern binne der út. Mar ja, no komt de pubertiid, dan wurdt it wol in bytsje minder.

Mar jo ha no erfaring.

Ik ha erfaring. Genôch. Gosjemijne.

Jo ha in útkearing?

Ja, WAO.

Jo binne ôfkeurd?

Ja.

Mei ik freegje werom?

Froeger oerspand west en sa, witst wol. No ja, froeger gong dat folle makliker as no, hin? Kaamst samar yn'e útkearing.

Is der ek noch in risiko dat jo der wer útsmiten wurde.

Nee, ik kom der noait wer út. Mar ik wol der wol foar wurkje, sjoch, dêrom doch ik ek frijwilligerswurk. Ik ha net sa yts fan ik gean op myn kont sitten en ik doch der neat foar. Jo kine wol in útkearing krije, mar dna kinne jo der wol wat foar dwaan.

Jo wolle wat weromdwaan foar de maatskippij.

Ja. fyn ik wol. En jo bliuwe ek wat ûnder de minsken, jo bliuwe wat sosjaler. Oars sitte jo mar wat yn'e hûs. En dêr wurde jo ek net frolik fan. dus ik mei wol graach ûnder de minsken wêze. Ik ha der wol sin oan om der fan'e middei wer hinne. Dan sjoch ik allegear minsken dy't ik kin, eefkes in praatsje meitsje.

Jo dogge dat al lang?

Nee hear, trije, fjouwer wiken no.

Okee, noch mar krekt begûn.

Ja, ik ha ek in hiele tid by Voltawerk west, by de demente minsken, dêr ha'k ek twaëninheal jier frijwilligerswurk dien.

Gewoan mei de minsken te kuierjen, prate, sjonge.

Ja, fan alles. Mei it iten. Moarns om acht oere begûn ik en dan hâlde ik tolve oere wer op. Dat die ik elke moarn, mar dat wurde my op it lêst tefolle. Dat is wol hiel yntinsyf, hear. Dêr bin ik mei stoppe.

Dat wurk moatte jo inderdaad oer kinne.

Ja, dat wurde my tefolle. Ik sei: ik wol wol twa kear yn'e wike wat dwaan. Ik bedoel, ik ha ek noch wurkhûskes. Dat doch ik ek mei plesier. Skjinmeitsje en sa.

Dat mei gewoan neist de útkearing?

Ja, dat mei. Meist safolle yn't jier...

Want ik wol jo ek net ferklikke fia de krante...

Nee, meist safolle yn't jier by fertsjinje, moatst it gewoan opjaan, want oars hingest, natuerlik. Se ha my al in kear pakt, dus eh, dat doch ik net wer. Doe ha'k in warskôging krigen.

Heart dat ek by de Jubbegeasters, dat se it dochs prebearje?

Ja, tuerlik! In bytsje swart wurkje, dat heart der by.

Ja?

Ja, dat heart wol sa. Dat moat tsjintwurdich wol.

No ja, ik sil der neat fan sizze, ik ha ek wolris ien swart oan it wurk hân.

Mar ik mei dit gewoan dwaan, dus dan jou ik it ek mar op.

Mar jo geniete fierder wol fan it libben.

Oh ja, seker weten. Hin? Juster mei de bern sitten te barbecuën, bierke der by.

Lekker hin? Moai waar.

Ja, wy geniete mei folle teugen. Myn bern ek. Ik haw in moai hiem, dus...