Oer de Brêge | Annie Blaauw-Wijnstra

Redacteur Fokke Wester ontmoette op de Hoofdbrug van Gorredijk Annie Blaauw-Wijnstra (71).

Wêr komme jo wei.

Ut De Gordyk, sûnt july. En fan oarsprong bin 'k geboaren yn Oerterp en doe binne wy... Ik bin troud yn 1968, mei Ynse Blaauw, dy kaam út Jubbegea, wy ha inoar troffen hjir yn'e Kûper.

Wat is de Kûper?

No sjoch, froeger wie dat in dansgelegenheid, hjir op it hoekje, in bytsje fierderop. Dêr wenne Hansje Wynalda en dy hie dêr in kroech. En dêr boppe koenen jo dûnsje en dêr ha wy inoarren troffen. En doe wie it dus raak, direkst dy jûnes en fan dy tiid ôf binne wy altyd by inoar bleaun. Dat wie yn 1965 en yn 1968 binne wy troud en doe binne wy yn Boarn kaam te wenjen, Aldeboarn.

Wêrom binne jim dêrhinne gien?

No, myn man wie oan it wurk by de Firma Sterk, ach, Firma Knol.

Wat die dy?

In hijbedriuw, in leanbedriuw wie it doe noch. Dêr hat er net hiel lang wurke, in jier as fjouwer, mar wy binne dêr bleaun.

Yn Aldeboarn.

Yn Aldeboarn. It wie wol it middelpunt fan Fryslân hin? Fan dêrút koenen jo moai, wêr't jo dan ek mar wêze moasten. Letter is er by de Firma Sterk kaam te wurkjen en doe wennen wy moai sintraal. Dêr fanút moast er oeral hinne. No ja, wy sieten dêr ek prachtich moai. Teminste, wy fûnen it dêr moai sitten.

Jim wennen echt yn it doarp?

Wy wennen midden yn it doarp en wy wennen yn'e buert en út'e buert. Wy wennen flak by it wetter, dus simmerdeis sieten wy altyd foar, dan sieten wy by't wetter en as de boatsjes dan foarby farden... Dêr ha wy dus jierren wenne, hast 49 jier. En sa lang wienen wy dus ek troud. Mar myn man waard yn 2003 siik, doe krige er earst blaaskanker en letter, yn 2005, krige er melanoom, dat is ien fan de hûdkankers. En dêr is er dus yn 2017, dus foarrich jier, oan weirekke. Hy hat allegear chemokueren hân.

Mar dan hat er dus wol hiel lang siik west.

Hy hat hiel lang siik west. Fan 2005 ôf ha wy hieltyd tsjin'e kanker fechte moatten. En dat ha wy ek dien, en dat ha wy ek altyd mei leafde dien, hear, dêr giet it ek net om. Mar yn it lêst waard hy wol minnichjes, fansels, en doe seinen de bern ek: no mem, it is miskien wol goed om no nei in appartemint. Us heit kin aanst miskien net mear traprinne. Doe ha wy ús hjir ynskriuwe litten.

Wêrom De Gordyk?

Wy gongen hjir ek altyd al nei de Gordyk ta te boadskipjen, dit wie ús plakje. En wêrom, no ja, it sirkeltsje is rûn. Hin? Want wy ha inoar hjir troffen yn'e Gordyk en wy binne hjir ek wer telâne kaam.

Ek wer hjir op'e hoeke?

Nee, ik sit no boven Appie Heijn. Dêr ha wy dus fjouwer wike tegearre wenne en doe is er weirekke.

Ach, dat is wol hiel tryst.

Ja, mar ja, dêr kinne jo neat oan dwaan.

Oan'e oare kant ek moai dat er noch meimakke hat dat jo in goed plakje hienen.

Ja, dêrom, dat is ek sa. Sorry, ik wurd wer eventsjes emoasjoneel.

Hindert neat, hear.

Mar goed, doe wenne ik hjir en dan koe ik, dêrom binne wy hjir ek hinne gong, boadskipje sa't ik woe. Jo sitte oeral tusken, alles is flakby.

Mar misse jo no Boarn ek?

Nee, net in sprút. Ik ha noch noait ûnwennich west. Ik sit hjir hiel moai, ik ha't útsicht op in parkearplak, en dêr kin elk parkeare dy't nei de winkel giet, fan de Poiesz, nei Albert Heijn... en nei Rinsma foaral. Mar dat is wol in hiele ommekear, fan Boarn hjirhinne, mar ik ha my noch noait in kear ûnwennich field. Der sitte ek wol guont yn dat appartemint, dy't sizze: wy wolle wol graach werom nei wêr't wy weikomme, mar dat haw ik net.

Jo hienen ek kieze kinnen foar Oerterp, dêr't jo weikomme.

Ja, dêr wol'k net hinne.

Nee?

Nee, wy moatte der kommende saterdei hinne, want ik sit by it shantykoar, en dêr moatte wy in optreden jaan, en no bin ik benijd oft ik dêr ek noch wat bekenden sjoch.

Jo binne ek al fyftich jier fuort, fansels.

Ja, mar ik sil dêr dochs wol degenen treffe dy't dêr op de legere skoalle sitten ha mei my. En dy tref ik hjir ek wol hiel inkeldris yn De Gordyk, en dy kin my wol. Ik snap net dat se my herkenne, want ik bin hiel bot feroare.

Jo ha hjir noch fjouwer wike wenne mei jo man. It klinkt miskien raar, mar ik kin my ek foarstelle, nei tolve jier fan sykte, dat it ek in soarte fan opluchting is.

No ja, dat ek, mar sjoch, it wie ek sa, hy is weirekke oan in hartinfarkt. Ik wie yn Grins op besite by him, want hy lei der al in wike, hy mocht hast wer nei hûs. Hy hie al lêst fan it hart, mar doe krige er ynienen in ôfgrysliken druk op it boarst. En hy sei: ooh Annie, dit wit ik net. Hy is lizzen gong en ik ha de suster roppen en doe wie it binnen in heal oere gebeurd. Doe wie er fuort. Mar ja, goed, sjoch, hy hie gjin chemokueren mear krije kind. en hy hie in melanoom yn de lever, en yn'e altvleesklier. Dêr siet de kanker yn. Dus hy hie pine. En wat is der no better? Moatte jo dan op besite by in man dy't hiel bot pine hat? Ik fyn it ferskriklik dat ik no allinnich fierder moat, mar oan'e oare kant, dan is't in útkomst, hear.''

Hoe âld binne jo?

Ik bin no 71, yn juny wurd ik 72. Dus wy hienen noch wol in tydsje tegearre wêze kinnen, mar it hat net sa wêze mochten.

Mar as de lêste jierren lijen binne...

Nee, hy hat gjin pine hân. Yn dy hiele jierren fan kanker hat er hielendel gjin pine hân. Nee, gelokkich net. Mar der ûntstienen knobbeltsje ûnder de hûd en dy moasten ferwidere wurde, want oars koe it dus útbreide, mar dy ha harren settele yn de longen en yn de lymfeklieren. Dat wie yn 2012. Mar doe hat er dus chemokueren krigen en doe binne dy allegear oprûme. Mar der wie ien melanoom en dy sei: jim krije my net dea. En dy stuts de kop wer op en dy hat dus yn'e altvleesklier en yn'e lever wrotten en yn'e galblaas en doe waard it lijen. En dêrom seinen wy: dit is in útkomst. It is net in fleurich ferhaal, mar it is wol minsklik. Hin? It is de gong fan it libben.

En hoe is it no mei jo?

Wol goed. Ik bin yn in ommesjoch, yn novimber, bin ik ek noch oan in heup opereard. Dus ik ha al wer in nije rjochterheup.

Dat sjogge jo der net oan as jo der sa oanrinnen komme.

Nee, falt mei, hin?

Jo hienen ek altyd lêst fan'e heup?

Ja. Ik ha mear as fiif jier op'e wachtlist stien eins, mar ja, trochdat myn man siik wie, koe ik net sizze: no jonges, nim my mar op, want ik moast him fersoargje as er thús kaam. En dat ha'k dus ek altyd mei leafde dien. En dan moatte jo kieze of diele. Pine hâlde, mar ik hie pijnstillers mei, hear, de pine wie net sa bot.

Mar jo ha josels dus in bytsje fuortsifere.

No ja, dat moast eefkes. Mar de bern seinen ek: mem is no wol aardich fluch, doch it no mar. Dat ha'k dus ek dien, no, nei trije moanne rûn ik wer as in ljip. It is no wer hielendal prima. Dus ik bin sa bliid as wat. De oare heup moat mei in jier ek.

Jo witte no hoe goed as it útwurkje kin.

Dêrom, dus ik sjoch der net tsjinop. Ik ha der ek noait tsjinop sjoen, hear, op dy operaasje, want ik wist dat it gebeure moast. Dan witte jo wêr't jo oan ta binne.

It is in tryst ferhaal, mar jo sjogge der net tryst út. Jo binne moai opmakke, hawwe it hier yn'e slach, moaie klean oan. Jo ferwaarloaze josels net.

Nee, mar dat moat ek net. Dat ha'k ek tsjin myn man sein, dêr ha wy it hieltyd wol oer hân en dat hat Ynse ek sein: As ik der net mear bin, Annie, dan moatsto dwaan en litte watst wolst. Net achter dy ferd... geraniums. No, dat ha'k dus ek net dien.

Lekker by't shantykoar.

Ja, hjir by't shantykoar. En dat is hartstikkene moai, ja. Echt leuk. Elke moandeitejûn repetysje en in pear optredens ha wy yntusken al hân.

Jo kenne alles al út'e holle?

Nôh, in protte wol. Ja, en ik koe de ferskes doe't ik der kaam, dy koe'k ek hast allegear wol. In protte Ingelstalich. En ach, it wie sa moai. Der wie in frou fan oer de tachtich, Minke, en dy sei: jo lykje my wol geskikt foar by it shantykoar.

Dat wie by jo yn't appartemint?

Nee, dat wie by sa'n party. Buorfrou frege: komst ek? Ik sei: ik kom wol, mar ik wit net oft ik wat nim, mar dan kom ik tusken de minsken, want ik woe my net ôfsûnderje. Doe kaam ik dus by dy frou te sitten. Ik sei: wat ferskes sjonge jim dan, net allegear seemans, wol? Nee, evergreens. Sy sei: Ingelstalich, Dúts en Nederlânsk. Frânsk dogge wy net. En doe duorre it eefkes en doe sei se: Och Annie en wy ha in moai ferske leard! En doe song se: Quand le Soleil. Ik sei tjsin har: ik miende dat jim gjin Frânske ferskes songen. Sy sei: is dit Frânsk? En ik ha sa lake. Mar sy sei: ik ha noait Frânsk op skoalle hân.

Sy herkende it gewoan net as Frânsk.

Nee, mar sy hienen it foar har wol sa opskreaun sa't se it útsprekke moast. No, fûn'k sa moai. En dat ferske, dat bliuwt by ús de favoryt. Quand le soleil dit bonjour aux montagnes. Dat is de French Song fan Lucille Starr. Mar wy ha wol mear moaie ferskes, hear.

Soks jout wol freugde yn't libben.

No ja, earst doe't ik der by kaam, doe moast ik my der echt ta sette om te sjongen.

Ja?

Ja. Jo binne jo man krekt ferlern, en dit wie nochal rillegau der achteroan. Binnen it heal jier, sis mar, mei fjouwer moanne dat ik der by wie. Mar ik ha yn myn libben in hiele protte song en fluite. Dus, dat sjit der wol wer yn. It ken no ek wol wer. Ik bedoel, ik moat fierder. En de bern sizze it ek: mem docht it fantastysk.

Hoefolle bern ha jo?

Twa, twa dochters. En dy wienen grandioas, echte kanjers, dy ha my ek echt der trochhinne sleept. Al foel dat ek wol mei, dat trochhinne slepe, want ik wie sels hiel posityf. Wy wienen hiel posityf, beide, dêrtroch ha wy ek sa lang fechte kinnen tsjin'e kanker, tink ik, hear.

It stomme mei kanker is: jo kinne der eins net tsjin fechte. Jo moatte altyd aksepteare wat der bart.

Jo moatte it aksepteare.

Om te fechten moatte jo ek winne kinne...

Nee, dit winne jo noait.

It is noait in earlik gefecht.

Nee, dat is't ek net. Wy wisten dat wy belies jaan moasten, allinnich, wy seinen: wy jouwe it net gau op. Dat ha wy ek moai wat jierren dwaan kind. En sa lang wienen wy ek noch by inoar. Dêr fochten wy ek foar. It hat in hiele tiid fan ús libben yn beslach naam, mar wy ha't ek net foar neat dien. En wy wienen hartstikke bliid mei mekoar.

Tolve jier, dat is hast in fyfde fan jo libben.

Ja, en wy sieten om de trije wike yn Grins. Ja, yn it begjin net, hear, de earste fiif, seis jier net, mar letter, doe't de chemokueren kamen hielendal. Dan sieten jo om'e trije wike yn Grins. En dan libben jo gewoan fan sikehûs nei hûs en jo kamen net oan oare dingen ta. Dan sieten jo al wer te tinken. Ik folge alles wat mei kanker te meitsjen hie, en as der wer in nije methoade wie, dan sei'k: oeh, dat moat ik eefkes opskriuwe, want dat moat'k meinimme nei Grins, want miskien kinne se der wat mei.

It waard hast in obsessy.

It wurdt in obsessy. Ja, echt. Dat seinen de bern ek: wat sil mem yn in djip gat falle. Mar dat is my hûndert parten meifallen. Ik miste allinnich dat reizigjen.

Dat behearste jo libben fansels ek.

Ja, dat behearste ús libben de lêste jierren. Dat miste ik dus wol. Mar fierder, nee, ik bin der hiel tefreden mei, hiel kontent dat it sa rûn is.

Moai, en moai dat jo wer sjonge kinne.

No dêrom, it sjongen giet my no wer goed ôf, hear.