Murk springt met nieuwe band in het diepe

HEMRIK

Murk Aukema maakte zondagmiddag in de Witte Kerk in zijn eigen dorp een nieuwe start als muzikant. Met een nieuwe band en eigen liedjes.

Tekst en foto's Fokke Wester Murk Aukema (27) speelt al heel lang muziek. Vroeger drumde hij, maar toen hij op zijn negentiende een gitaar in handen kreeg, voelde hij meteen dat dat instrument bij hem hoorde. ,,Ik wist gelyk: dat wie wat ik woe.'' Hij leerde spelen en oefende urenlang om zichzelf te kunnen begeleiden bij het zingen van liedjes. ,,Begjinst fansels hiel maklik, dan sikest op Youtube wat ferskes dy't snel te spyljen binne, fan John Mayer en John Denver, sokke mannen. Letter wat mear country en folk. Ik spile soms wol seis oeren deis en al gau begûn ik myn eigen ferskes te meitsjen. Ik woe myn eigen ferhaal fertelle, net leune op in oar.'' Vlucht Op zijn twintigste vertrok Murk naar Australië. Een vlucht, noemt hij dat nu zelf. Hij had de opleiding tot automonteur gevolgd en werkte zelfs een tijdlang in een garage. ,,Ik ha sels noch in jier op in buske riden, mar ik seach it hjir hielendal net sitten. It befoel absolút net en ik woe hjir wei. Doe't ik nei Austraalje gie hie ik krekt de gitaar ûntdutsen en dêr woe ik besykje it spyljen te kombinearjen mei in baan. Dat slagge. Ik bin dêr 21 wurden en ik ha der ûntdutsen dat ik mei sjongen in publyk fermeitsje koe.'' Hij keerde na een jaar terug naar Nederland en maakte in 2014 zijn eerste album, Satisfaction Chase Routine, maar daar wil hij het liever niet meer over hebben. ,,In oantal nûmers dêrfan spylje wy no noch, mar de produksje wie striemin. Hy is ek net mear yn'e hannel. De minsken dy't de cd oait kocht ha, meie him hâlde, wat oerbleaun is lit ik mar moai op solder lizze.'' Na een poos besloot hij opnieuw te vertrekken naar Down Under, omdat de muziek daar veel meer leeft dan hier. ,,En ek wol in bytsje om it waar, earlik is earlik. Ik kin net sa goed oer de kjeld hjirre.'' Learskoalle Omdat hij voor Australië niet nog eens een visum kon krijgen, ging hij nu naar Nieuw Zeeland. Dit keer kon hij leven van uitsluitend de muziek. ,,Ik spile yn kroegen en op strjitte. Dat is in hiel goeie learskoalle. De minsken komme net foar dy, moatst it hielendal sels ôfdwinge. Ik ha leard om oer it kabaal fan in kroech hinne te sjongen en minsken op strjitte te boeien, sadat se stean bliuwe.'' ,,Fan't simmer haw ik it noch in kear dien yn Kirchheim yn Dútslân. Dat wie in grut súkses, ik hie echt in hiel soad minsken om my hinne. Echt hearlik om te dwaan.'' Waarom de mensen voor hem blijven stilstaan weet Murk ook wel. ,,Ik sjong miskien net it suverst, mar ik smyt wol al myn gefoel der yn. It is puer en yn muzyk kinst net lige. In soad muzikanten spylje gewoan de nûmers fuort, mar ik haw it ervaren en dat kin ik oerbringe.'' Na zijn tweede comeback in Nederland zocht hij op internet muzikanten om samen een coverband te vormen. Dat werd Murk and Friends, hoewel hij geen van de muzikanten eerder kende. ,,Wy ha in hiel soad spile, en oeral. Wy spilen allegear covers, mar wol altyd op ús eigen manier. Hast ek wol bands dy't alles sa sekuer mooglik neispylje, mar dat seit my net safolle.'' ZZP'er Sinds Nieuw Zeeland was Murk Aukema als zzp'er al helemaal met muziek bezig, maar vorig jaar november besloot hij de gok met zijn eigen liedjes te wagen. Hij ging opnieuw op zoek naar muzikanten en vond nieuwe begeleiders in bassist Cees van der Linden uit Veenhuizen, die 22 jaar in Los Angeles heeft gewoond, gitarist Vlad Petrachuk, die 11 jaar in Wit-Rusland woonde en toetsenist Marcel de Weerd, uit Heerenveen. ,,Ik hie wer in advertinsje set en sy ha reagearre. It is altyd ôftaaste en ôfwachtsje oft it klikt, mar it liket goed.'' De drummer van de Friends zou ook meedoen in de nieuwe formatie, maar op een gegeven moment bleek die toch niet in de groep te passen. ,,Pas in wike lyn haw ik tsjin him sein dat wy net mei him fierder woenen. Dat is bêst wol ferfelend om te dwaan. De rol fan baas is net in maklike. Mar ik ha yn it ferline safolle slikke moatten fan oaren, dat wol ik net mear. Ik wol it no op myn eigen manier dwaan en net mear tiid fergrieme. De oaren kinne yn de oefenrûmte har eigen partijen ynfulle, mar as ik it oars ha wol, dan komt it ek oars. Muzyk is net demokratysk, der moat ien de lieding ha, ien dy't úteinliks bepaalt. En dizze band hjit net foar neat MURK.'' It komt of it komt net Ook al wil Murk in zijn nieuwe muzikale leven slagen met zijn eigen liedjes, hij blijft bij optredens zijn repertoire afwisselen met covers van bijvoorbeeld Bruce Springsteen, Neil Young, De Band en Paolo Nutini. ,,Dat is de muzyk dêr't ik sels ek nei lústerje. Myn eigen lietsjes sitte ek yn dy rjochting. Ik bin no wer drok oan it skriuwen, mar ik gean der net hiel krampachtich foar sitten, it komt of it komt net. Soms komt der moannen neat en dan ynienen komme der yn in fleach achter mekoar kompleet nije nûmers. En wy binne bedoarn mei de moderne apparatuer, as ik in idee krij kin ik it op myn mobyl daliks fêstlizze.'' MURK beleefde zijn vuurdoop zondag in het Witte Kerkje in Aukema's woonplaats. Dat was wel een beetje eng, erkent de zanger, maar hij kreeg er een goed gevoel door. ,,It wie spannend, mar der waard hiel goed reageard. In thúswedstryd jout dochs ekstra spanning, it is soms makliker om ergens oars te spyljen.'' De Hemriker hoopt de komende maanden veel op te treden. En de mogelijkheden daarvoor zijn legio, want met Murk als basis kan 'het concept MURK' worden uitgebouwd van solo singer/songwriter via duo en semi-akoestische band tot stevige elektrische rockband. ,,Fan't simmer hoopje ik op wat festivals en dan wolle wy kommende winter de theaters yn. Ik hâld sels wol fan dat akoestyske, mar op in festival rêdst it dêr net mei, dan moat de muzyk echt ballen ha. Dan moat der in drummer by en miskien wol mear. Op Oerrock spylje mei de band? Dat soe'k sa dwaan. Ik oerlis alles mei de jonges, mar sy witte wat ik wol. Fierder yn de muzyk!'' Luister hier naar het nummer Now I Miss You, zondagmiddag opgenomen tijdens het concert van MURK in de Witte Kerk in Hemrik:

Auteur

Fokke Wester