Toanielferieniging it Heideblomke spilet Is siet yn é loft

JOBBEGEA

Toanielferieniging it Heideblomke út Jobbegea spilet dit toanielseizoen it stik Is siet yn é loft.

Dat is in blijspul fan Maro Camoletti neffens de Nederlânske fersy fan Boeing, Boeing fan Luc Lutz.

It stik wurdt spile troch eigen leden. De regy is yn hannen fan Tineke Hielkema.

Paul bewennet in flat yn Parys. Hy hat in soad wille yn syn libben. Sa hat hy wol trije froulju, stewardessen, dy’t om bar út de loft falle. As de tsjinstroasters omgooid wurde rint it wolris mis. Mar mei help fan de faam en de freon hat net ien yn de gaten dat se bedondere wurde.

Hoe dat allegearre om en ta giet is te sjen tiidens de útfierings op saterdei 20 en 27 jannewaris yn kafee de Alde Slûs yn Jobbegea. It stik begjint om 20.00 oere. Nei ôfrin fan it toaniel is der musyk mei Ronny.

Besprekke kin fia 0516-462979 of toanielferienigingheideblomke@gmail.com.


Auteur

Redacteur