Boek van Sus Wassenaar krijgt een vierde leven

GORREDIJK

Voor de vierde keer komt It Pak Fan Us Heit in de boekenwinkels, nu in het Duits. Sus Wassenaar (80) schreef het meer dan 25 jaar geleden om haar eigen jeugdtrauma te verwerken.

Tekst en foto Fokke Wester In 1994 kaam It Pak Fan Us Heit voor het eerst uit, bij de Afûk. Voor Sus Wassenaar was het schrijven een verwerking van een jeugdtrauma, die in alle hevigheid terugkeerde toen ze in haar schaatsgroep voor kinderen meemaakte hoe een meisje werd benadeeld. ,,Dat famke waard besoademitere, en dat makke my sa lilk, ik koe noait wer ophâlde fan lilkwêzen. It gie om de útslach fan in riderij, sokssawat. En ik bleau mar lilk. Ik besocht der mei oaren oer te praten, mar dy koenen har der net drok om meitsje. Ik frege my ôf, wêrom makket dit my no sa lilk? Doe't ik de jûns op bêd lei, seach ik ynienen mysels rinnen, as famke fan sân jier, doe't ús heit oppakt waard. Minsken rôpen my nei: 'jahaa, jim mem wurdt ek oppakt, sy wurde deasketten'. Dan bist sân jier.'' Yn ien klap Ze kon het verhaal de volgende dag meteen opschrijven. ,,Yn ien klap. Ik wist noch presiis wat foar klean oft wy oan hienen.'' Ze liet het lezen aan haar zoon, die vlak voor het eindexamen Atheneum zat, met geschiedenis in zijn pakket. Hij raadde haar aan om verder te schrijven. ,,Want hjir witte wy hielendal neat fan.'' Bij het voltooien van haar verhaal kreeg ze hulp van Bouke Oldenhof van Tijnje. Steeds als ze weer een paar hoofdstukjes af had, bracht ze die bij hem. ,,En dan krige ik se mei krityk werom.'' Psychiater Wâtse Hiddema, de geneesheer-directeur van de Psychiatrische Kliniek in Franeker, een aangetrouwde neef van haar, schreef een voorwoord. ,,Ik neamde it boek earst Einepikefel, mar dat fûnen se by de útjouwer net sa'n moaie titel. Ik wie op in sneintemoarn op de iisbaan te riden en dêr sei ik: ik moat in oare titel ha. Nou, waarom doe je dan niet It Pak van mijn Vader. Ik sei: dat is it! Us heit hie sa'n pak, sa'n unifoarm. En by myn witten hat er it ien kear oan hân en hat er ien kear mei dy ploech NSB'ers fuort west. No, it hûs wie te lyts, want ús mem wie poer. Heit hat it ek net wer presteard om fuort.'' Sjippe ,,Der wie gjin sjippe yn'e oarloch, mar der stie in grutte pot mei sjippe op solder en dêr mochten we mei gjin finger oan komme. En mem brûkte it ek net. Dat hie heit mei syn ploech yn beslach naam. Ik haw it leter neisocht by it NIOD, it Nederlands Instituut voor Oorlogs Documentatie, dat fan Lou de Jong. Dêr stiet dat er mar ien kear mei west hat. Der waard sein dat er wol mear op syn gewisse hie, mar dat hat er net. It stelde eins neat foar, hy is ek fuort wer diaken wurden yn tsjerke.'' Toch had de arrestatie van haar vader grote gevolgen voor de kleine Sus. ,,Ik waard pest troch oare bern, mar dy dienen it dan yn opdracht fan heit en mem. Ik waard echt ôfrekkene op wat ús heit dien hie, de minsken ruiden de bern op. En myn meester sette fuort in read krús troch myn sommen. Ik snapte der neat fan, mar ik fielde dat ik skuld hie. Net elkenien die sa hear, ik hie ek wol leuke freondintsjes. Ik ha noch altyd twa skoalkammeraatskes fan froeger.'' Verzamelboek Het Pak Fan Us Heit was binnen een jaar uitverkocht. In 2008 kreeg het boek een tweede leven, toen het door de Friese Pers boekerij werd opgenomen in het verzamelboek De Fergetten Oarloch. Daarin stonden ook It Spoekskip van Geart van der Zwaag en de Unbetelle Rekken van Anne Wadman. ,,Dat binne fansels wol nammen, ik wie der suver grutsk op dat myn ferhaal dêrby keazen wie. Dat boek waard presintearre yn it âlde Verzetsmuseum.'' Bij Elikser kwam in 2009 een Nederlandse vertaling uit. Wassenaar was lid geworden van de Werkgroep Herkenning Kind van Foute Ouders. ,,Dy is oprjochte troch psychiater Alje Klamer. Yn Amsterdam skine in hiel soad minsken by de NSB west te hawwen en dy harren bern krigen der letter allegear problemen mei. Jo wolle as bern graach loyaal mei jo heit wêze, mar dat mei net fan de bûtenwrâld. En Klamer begrypte dat net. Oare wurkgroepleden woenen myn ferhaal wol lêze, mar se koenen gjin Frysk. Doe haw ik it sels mar oersetten.'' In de Werkgroep ontmoette Sus Wassenaar ook mensen die na 1950 waren geboren. ,,Ik tocht by mysels: wat ha dy der no fan lêst fan hân. Mar ik hearde letter fan ien: ik mocht thús gjin wille ha, want dat hie ús heit ek noait. Har heit hie oan it Oastfront sitten. Ast dy ferhalen soms hearst, it hat echt in hiel soad húshâldings fernield. Dan tocht ik echt: myn ferhaal stelt neat foar.'' Onbewust wordt vaak de schuld overgedragen op de tweede generatie. ,,Mar myn bern ha der gelokkich gjin lêst fan. Sels fernim ik it noch wol altyd, jo bliuwe alert. Jo sitte op te letten: dy haw ik gjin lêst fan en dy, dêr kin ik aanst in opmiter fan krije. It gefoel dat jo oaren net fertrouwe kinne, dat sit hiel sterk yn my. Ik belle lêsten ien en dy naam hieltyd net op. Dan tink ik al hiel gau dat se dat mei opset dogge. Sjochst wol, ik hear der wer net by.'' It Pak krijgt nu zijn vierde leven. En dat komt omdat in de schaatsgroep die ze meer dan dertig jaar begeleidde ook Tsjêbbe Hettinga reed. De blinde dichter kon goed schaatsen, maar had wel iemand nodig die met hem meereed. Sus Wassenaar zorgde daar voor en reed ook vaak zelf met hem. ,,Dat wie hiel simpel hear, no komt de bocht, no wer rjochtút. Dan sei er tsjin my: wat rydsto hurd. Nee, sei ik, do triuwst my. Mar doe't se nei syn dea in sammelbundel makken mei al syn wurk, kamen se ek in gedicht oer my tsjin.'' Het zorgde er voor dat Teake Oppewal, de literatuurbevorderaar van Tresoar, Sus Wassenaar opzocht en haar in contact bracht met een uitgever in het Duitse Oldenburg. Die had wel interesse, maar wilde eerst wel eens weten wat hij kon verwachten. Daarop benaderde ze een oude schaatsvriend uit Lemmer. ,,Hy die al myn boekhâlding en hat syn buorfrou benadere, in Dútse frou dy't ek yn de redaksje fan in tydskrift sit. Tegearre ha se twa haadstikken oerset en dat hat de útjouwer oertsjûge om it boek út te jaan. It past yn syn stramyn.'' Er komen nog gesprekken, maar als alles goed gaat kan het boek binnen drie maanden klaar zijn en dan ligt het volgend voorjaar in de winkel. Wassenaar kijkt er erg naar uit, want Duitsland is een grote markt. ,,En dêr binne fansels in hiel soad bern fan âlders dy't fout west ha yn'e oarloch. It is wol in ear, fyn ik, mar it is fansels ôfwachtsjen oft it wol ferkocht wurdt. Ik wit sa ek net oft der al folle mear fan dit soarte boeken binne, mar de útjouwer hat it al hân oer in promoasjetoer. Ik bin net hiel goed yn Dúts, mar ik kin my der wol mei rêde. It boek makket ek wer ferhalen los. Ik ha faak meimakke dat minsken it boek lêzen hienen en der mei my oer prate woenen. It wurdt spannend, ik bin hiel benijd.''

Auteur

Fokke Wester