Finalisten SjONG 2017 bekend

Drachten

SjONG, it Fryske sjongfestival foar jongeren tusken 12 en 18 jier, lûkt ek dizze edysje talint. De sjuery, Raynaud Ritsma en Tet Rozendal, wie ûnder de yndruk.

Nei in pear drege audysjesdagen keazen sy 9 acts dy't troch meie nei de grutte finale op sneon 3 juny yn Neushoorn yn Ljouwert.
  1. Tara van der Meulen (Bogerman Snits) mei 'In moaie dream', orizjineel: Burning house fan Cam
  2. Sara en Lisa (Bogerman Wommels/Snits) mei 'Freonskip', orizjineel: Remedy fan Adele
  3. Baukje de Graaf (Liudger Burgum) mei 'Doe't wy jong wiene', orizjineel: When we were young fan Adele
  4. Iris Bosma (Drachtster Lyseum) mei 'Prins op in Frysk hynder', orizjineel: White horse fan Taylor Swift
  5. Nynke en band (Bogerman Snits) mei 'Myn nije thús', orizjineel: Feels like home fan Chantal Kreviazuk
  6. Katie Aaldersova (Lyndensteyn Beetstersweach) mei 'Blomke', orizjineel: Hoe lang fan Nick & Simon
  7. Nicole & Anniek (Bornego College It Hearrenfean) mei 'Frij', orizjineel: This town fan Niall Horan
  8. Rixt Rypma (Friese Poort Snits) mei 'Myn dream fan ea', orizjineel: I dreamed a dream fan Susan Boyle
  9. Elske en Marten (Bornego College Snits en Hanzehogeschool Grins) mei 'Yn waar en wyn', orizjineel: Calm after the storm fan The Common Linnets
De audysjedagen fûnen plak op 5 en 6 april yn de studio fan ROC Friese Poort Drachten. Studinten regissearren en filmen de audysjes. Alle dielnimmers krije in fideoklip, nije wike te sjen op it YouTube kanaal fan Cedin/sintrum meartaligens.  Ekstra optreden finalisten De finalisten wurde op de finale tarieden mei in workshop fan Vangrail-sjonger Raynaud Ritsma. Dêrneist trede se op freedtemiddei 12, 19 en 26 maaie en 2 juny op by Noardewyn, it programma fan Omrop Fryslân. Dy optredens wurde live útstjoerd op radio, tv en ynternet.  Finale Elk is fan herten wolkom om de finale op 3 juny yn Neushoorn by te wenjen. Kaarten binne te bestellen fia de website fan Neushoorn. De acts wurde dan beoardield troch sjueryleden Elske DeWall, Tet Rozendal en Piter Wilkens. Dêrneist is der in tekstsjuery yn de persoan fan Jurjen van der Meer. Hy sil alle Fryske songteksten beoardielje en de bêste tekst útkieze. Ek dy priis wurdt by de finale bekend makke. SjONG SjONG is it Frysktalich sjongfestival foar jongerein fan 12 oant en mei 18 jier, organisearre troch Cedin. Dielnimmers skriuwe in Fryske tekst op in besteand nûmer. Dêrmei dogge se audysje, mei 'live'-begelieding of mei in karaokebân. De bêste dielnimmers geane troch nei de finale. Doel fan SjONG is om jongeren te entûsjasmearjen foar it skriuwen en sjongen fan Frysktalige nûmers.

Auteur

Redactie