De Lawei verliest visitekaartje Sjoukje achter de balie

DRACHTEN

Sjoukje Lageveen-Oosterwoud werkt deze week voor het laatst in De Lawei. Het zal wennen zijn, zowel voor collega's als bezoekers, want ze was jarenlang een van de gezichten van de Drachtster schouwburg.

Tekst en foto's Fokke Wester Vrijdag 31 maart is ze officieel voor het laatst als werkneemster in De Lawei. Ze koos zelf voor die einddatum, want vorige week werd ze 64 jaar en op 1 april is het precies 37 jaar geleden dat ze in De Lawei werd aangenomen. In 1980 had Sjoukje er al negen jaar bij de Rabobank op zitten, toen ze besloot wat anders te gaan doen. ,,Ik tocht by mysels: ik leau net dat ik hjir in âld wyfke wurde wol.'' Gesellich praat Ze kreeg een baan op het gemeentehuis en hoorde daar bijna een jaar later van een collega dat er een baliemedewerkster werd gezocht in De Lawei. ,,De Lawei wie anneks mei de gemeente, dat wie semi-oerheid. Ik soe dat graach wolle, mar ik wie bang dat se my al te âld fine soenen. Ik wie doe 27. Mar se bellen my op ûnder it wurk: kinst delkomme? Doe haw ik foar yn'e hal by de âlde yngong, dêr hiest bankjes by it rút, mei Roel Oostra en mei Murk, dat wie de twadde man en mei Tiety sitten. Wy ha hiel gesellich praat en it wie klear. Neat net in dreech petear, ik tink dat se gewoan efkes sjen woenen: past dy der by.'' Sindsdien is Sjoukje Lageveen te vinden achter de balie van De Lawei. Ze neemt de telefoon aan, ontvangt bezoekers, verkoopt er kaartjes en in de beginjaren hield ze onder andere ook de verhuur van zaalruimte bij. ,,Dat is allegear folle grutter en intensiver wurden, dat dogge wy no net mear. Ek de kaartferkeap is bot feroare, folle mear ‘online’, al krije wy noch geregeldwei minsken dy't leaver harren kaartsje hjir ophelje. It rint noch altyd de hiele dei troch. Eartiids bestelden ús gasten alle kaartsjes foar it hiele seizoen yn ien kear, no sjogge se mear fan: wat spilet der hjoed of moarn.'' Verbouwingen Wie De Lawei kent weet dat de schouwburg sinds 1980 twee forse verbouwingen heeft ondergaan en flink gegroeid is. Het personeelsbestand verviervoudigde tot over de honderd en dat heeft ook zijn weerslag gehad op de sfeer, vertelt Sjoukje Lageveen. ,,Yn it begjin wie it ien grutte famylje. Dan dronken wy ek meiïnoar kofje; dêr is it no fierstente grut foar wurden. By ús op de ôfdieling, wy binne mei syn njoggenen efter de baly, is it noch wol altyd hiel gemoedlik. Yn it begjin holpen bygelyks de partners ek mei as der boekjes ynpakt wurde moasten en wy seagen ek net op in oere. Wy wienen hjir gewoan sa lang as it noadich wie. Miskien wiene wy wol in bytsje gek efterôf besjoen, mar ik fûn it gewoan moai.'' Sjoukje werkt nu nog 22,7 uren per week, oftewel drie dagen. En dat kan zijn van negen tot vijf, maar ook van twaalf tot negen uur. ,,Jûns is it hjir fansels altyd it drokste, dan moatte der guont by de kaartferkeap en de ûntfangst sitte.'' Soms gaan de medewerkers na het afsluiten van de kassa naar de voorstelling kijken. Dat is een van de grote voordelen van werken in de schouwburg, zegt Sjoukje. Youp ,,As in eigen foarstelling fan De Lawei net útferkocht is, dan meie wy fan de baly der sa wol hinne te sjen. En dat is net allinnich plezierich, mar ek hiel nuttich. It is belangryk dat wy witte wat der spilet, want wy ha kontakt mei it publyk. Kinst minsken in oare kear fertelle wat se ûngefear ferwachtsje kinne. Sa hâld ik ek de resinsjes wol by fan dingen dy't hjir noch komme. Ik fyn alles wol moai. As oan it begjin fan it seizoen it boekje útkomt, dan krús ik oan wat my moai liket. Dat binne soms wol tachtich foarstellings, mar dêr kin ik fansels net altyd hinne. En as ik nei Youp wol, dan moat ik krekt as elkenien ek gewoan myn kaartsje keapje.'' Sjoukje Lageveen maakte in haar loopbaan bij De Lawei vier directeuren mee. Tot 1986 werkte ze onder Roel Oostra. ,,In skat'', zegt ze over hem. ,,In waarme man, noch altyd. Hy koe oerwei mei Evert dy't it ferkear hjir op it krúspunt regele, mar ek mei de boargemaster. Wy wurken doe fansels ek noch by mekoar yn ien rûmte.'' Zijn opvolger Thom van der Goot kreeg als directeur na de verbouwing een eigen kantoor en dat schiep meteen al een afstand, vertelt ze. ,,Dat wie in hiel oare man, wat ôfhâldender, mar wol hiel kundich.'' Gasthear Ruud van Zuilen was directeur van 1999 tot 2003 en sindsdien zwaait Stef Avezaat de scepter in de schouwburg. ,,Ja, Ruud van Zuilen. Dy pleatste himsels net sa graach op de foargrûn. Hy wie net in echte gasthear, Thom wol, dy stie der wol. Stef hat dat ek. Mar ja, dy hat syn kantoar boppe, dus dy sjoch ik hast net. En dat jildt foar mear kollega's. It gebou is ek sa grut tsjintwurdich, komst mekoar gewoan net mear de hiele dei tsjin. Dan fielst dy dochs minder mei mekoar ferbûn en dat is by elke ferbouwing in stapke fierder gien.'' Als visitekaartje van De Lawei hecht Sjoukje aan een verzorgd uiterlijk. ,,Wy ha in bryfke mei rjochtlinen, mar dat is ús eigen bryfke. Sjoch de minsken oan dy’t by de baly steane, net yn in spikerbroek oan't wurk, soksoarte dingen. Mar dat is myn fisy, dat binne net de regels fan De Lawei. De hoareka en de jonges fan de technyk ha fansels in unifoarm oan en foar de baly wurdt dêr ek oer neitocht. Dat is der noch net troch, mar it liket my ek wol maklik. Hoechst as frou net te tinken: wat sil ik no werris oandwaan?” Misse Sjoukje heeft er wel zin in om te stoppen. Een jaar geleden nam ze de beslissing om met vervroegd pensioen te gaan en sindsdien werkt ze naar het afscheid toe. Haar man Appy hoopt door te werken tot hij volgend jaar mei zijn zilveren jubileum kan vieren bij zijn werkgever Lippe Wonen. ,,En dat is ek wol goed tink ik, dat jo net tagelyk stopje. Dat de iene al fêst efkes wend is. Mar ik sil it wol misse, de kollega's, it fêste wykritme en de foarstellings. Ik hoopje, troch der hiel bot oer yn te sitten, dat it aanst tafalt.''

Auteur

Fokke Wester