Nij Boek fan Koos Tiemersma ek op papier útbrocht

DRACHTEN

It nije boek fan Koos Tiemersma út Drachten is ek op papier útkaam. ‘In aap klimt út ’e beam’ is tagelyk ferskynd yn it Nederlânsk as ‘Een aap klimt uit de boom’.

Skriuwer Koos Tiemersma publisearret de lêste jierren syn wurk allinnich as e-boek. Foar syn roman Einum krige er de provinsjale Gysbert Japicxpriis en dat boek waard by dy gelegenheid útbrocht troch Elikser. Dizze twa boeken ferskine lykwols fuort ek op papier en binne te besetten yn de boekesaak. De boeken binne útjûn by de Friese pers Boekerij/Noordboek. In aap klimt út'e beam giet oer Bobo de aap, dy't ûntsnapt is út ’e dieretún om him nei wenjen te setten yn ’e bosk. Dêr is er sûnder it te wollen tsjûge fan in frijpartijtsje yn ’e fiver. Hy klimt út syn beam, siket wat klean byelkoar om ferklaaid as minske de wrâld yn te lûken. Even letter wurdt er opfongen troch de ôfkeurde learaar Norbert Schnabel, dy’t him yntroduseart by in nije, populistise beweging. Dan giet it rap. Mei Donald Trump as ljochtsjend foarbyld dûkt Bobo op yn populêre praatprogramma’s, rjochtet er út ’e snackbar fan Harrie Kroket wei in buertwacht op, komt er yn ’e kunde mei Spûky, de meast ûnsjogge hûn fan it lân, beswykt er foar de ferliedingen fan ’e leafde om it mei allerhanne dubieuze útspraken úteinlik te skoppen ta listlûker fan de Nije Partij. ‘In aap klimt út ’e beam’ is in mei faasje en humor skreaune satire, mar ek in bitend kommentaar op in maatskippij dêr’t ûnfrede foar master opslacht en de waan fan ’e dei regeart. Mear ynformaasje is te finen op de webside fan de skriuwer, www.froonakker.nl. Lês ek: Gysbertwinnaar Koos Tiemersma wil zichzelf niet herhalen

Auteur

Fokke Wester