Preek van de Leek in Gorredijk door Steven Sterk

Drachten

In de Mariakerk van Kortezwaag wordt zondag 22 januari om 16.00 uur de Preek van de Leek uitgesproken door Steven Sterk, directeur Tialda/ Steven Sterk BV en Uitgeverij Bornmeer, culturele alleseter.

Het thema van de preek is Wannear binne jo in Fries? In oanset ta diskusje oer Fryske identiteit. It hawwen fan in identiteit is wichtich. As jo net witte wêr’t jo weikomme, kinne jo noait wat wurde en yn eltsgefal net jo libben yn balâns krije. Oer de hiele wrâld wurde diskusjes fierd oer identiteit. Mar net yn Fryslân. Wannear binne jo eins in Fries? Wat hâld dat yn, Fries wêze? Wat ûnderskiedt Fryslân fan oare streken? Fryslân liket – kulturiel en lânskiplik – hieltyd mear op oare parten fan Nederlân. Wylst minsken Fryslân wurdearje om har eigensinnigens fan minsken en lânskip. Neffens Steven Sterk giet it om it behâlden fan kulturiele biodiversiteit. Wêrom wol in soad jild stekke yn behâld fan panda en walfisk mar net yn behâld fan kulturiele biodiversiteit? Wolle wy aanst oeral deselde taal prate en gjin ferskillen mear hawwe yn kultuer? In ta smots draaide hamburger dy’t oeral itselde smakket? Steven Sterk pleitet foar it ferstevigjen fan de Fryske identiteit. Net omdat Friezen better binne, of minder, mar om behâld fan it oars. En as jo wolle kinne jo moarn beslute om Fries te wêzen en dêr hoege jo net Fries foar te praten, as jo mar kieze om jo te ferbinen mei de kultuer en minsken fan dit hoekje ierde. De toegang is gratis, maar aan de bezoekers wordt een vrijwillige bijdrage gevraagd. Deze zal dan ten goede komen aan het onderhoud/exploitatie van de kerk. Na afloop zal er gelegenheid zijn om na te praten.

Auteur

Redactie