FNP-er Evert Wilstra út Bakkefean ferlit gemeenteried Opsterlân

Drachten

Evert Wilstra út Bakkefean, riedslid fan de FNP fraksje Opsterlân, ferhuzet meikoarten nei Ljouwert en dat betsjut dat er de gemeenteried  ferlitte sil.

Wilstra wurdt opfolge troch Janco van der Werf fan Terwispel, nei de winter wurdt hy de nije fertsjintwurdiger fan de FNP yn de ried. Wilstra en syn frou wolle tichterby de foarsjennings wenje om’t Wilstra syn frou in groanyske sykte hat en fysyk behindere  is. De FNP-er fielt him mei ferantwurdelik foar de ûnrêst dy’t ûntstien is yn de ferskillende doarpen oer projekten dy’t realisearre wurde. De FNP-fraksje is ek fan betinken dat it nei de bestjoerskrisis fan begjin dit jier noch net folle better giet mei bestjoerlik Opsterlân. Benammen de kommunikaasje mei de boargers en de ried is ûnder de mjitte. Opsterlân is ta oan in nije generaasje bestjoerders. De fraksje fielt him ferantwurdelik foar it wolwêzen fan de boargers en sil yn de takomst mei Van der Werf it kolleezje dan ek kritysk folgje. Wilstra wol him ek yn Ljouwert  ynsette foar syn partij en foar de ûntwikkeling en fernijing fan de Fryske sporten.

Auteur

Redactie