Elise, Annet en Aryanne grutte winners FeRstival 2016

Drachten

Nei in machtich moaie middei mei in protte foardraachtalint binne de winners fan FeRstival 2016 bekend.

It publyk yn it Posthuis Theater op It Hearrenfean seach de folgjende foardragers der mei de prizen fan troch gean: Kategory Starters
  1. Elise Westerhof (Liudger Burgum) út Eastermar mei it gedicht De bêste broer fan 'e wrâld fan Berber Spliethof.
  2. Klaske Smid (Bogerman Koudum) út Himmelum mei it gedicht Striptease fan Froukje Annema.
  3. Marije Mous (Bogerman Koudum) út Bakhuzen mei it gedicht Model fan Berber Spliethof.
Kategory Trochsetters
  1. Annet Bouma (Lauwers College Bûtenpost) út Surhuzum mei it gedicht De acht hynders fan It Amelân fan Tsjits Peanstra.
  2. Klaske Stilma (Bornego College It Hearrenfean) út St. Jansgea mei it gedicht De soldaten fan Jurjen van der Meer.
  3. Ruerd Andringa (RSG Magister Alvinus Snits) út Reahûs mei it gedicht Neven fan Tsjits Peanstra.
Kategory Toppers
  1. Aryanne Abma (RSG Magister Alvinus Snits) út Warkum mei it gedicht Ik ha dyn namme yn 'e wolken skreaun fan Jan Kooistra.
  2. Jildou Smilda (Liudger Raai, Drachten) út Drachten mei it gedicht Dit lân fan Baukje Wytsma.
FeRstival is de Fryske foardrachtswedstryd foar learlingen út it fuortset ûnderwiis. It Sintrum Meartaligens fan Cedin organisearret it alle jierren yn novimber (foarrondes) en desimber (finale). Dit jier stienen der 31 dielnimmers fan fjirtjin ferskillende skoallen yn 'e finale. Doel fan FeRstival is om de jongerein yn kontakt komme te litten mei Fryske poëzy. By FeRstival giet it derom dat de dielnimmers in gedicht sa moai mooglik foardage. De dielnimmers wurde yndield yn trije kategoryen: Starters (klasse 1), Trochsetters (klasse 2 en 3) en Toppers (klasse 4 en MBU/HBU). In saakkundige sjuery rikt yn alle trije kategoryen de prizen út.

Auteur

Redactie