Fryske jûn yn Drachten: Swalk yn boekhannel Van der Velde

Drachten

It Frysk multymediaspektakel Swalk fersoarget woansdei 14 septimber fan 20.30 oere ôf in Fryske Jûn by boekhannel Van der Velde yn Drachten.

Foar wa't fan in gesellige Fryske jûn mei muzyk hâldt, hat Swalk in moaie ôfwikseljende  jûn yn petto. Swalk is in projekt fan Tresoar yn Ljouwert. Swalk bringt de Fryske literatuer en kultuer by de minsken yn Fryslân. Mei in rige optredens troch Fryslân, mar ek op Twitter, Facebook en in webside (www.swalk.nl) wol Swalk de leafhawwers fan de Fryske taal en kultuer graach berikke. Brieven Swalk is in Frysk multymediaspektakel mei byld, lûd, muzyk en ferhalen. Dit jier is it tema fan Swalk  ‘Brieven’ omdat it Kadoboek ‘Neiskrift’, in brieveroman is. Marga Claus en Aggie van der Meer ha inoar brieven skreaun en dy binne opnommen yn it boek. De namme ‘Kadoboek’ seit it al: dat krije jo kado by oankeap fan in Frysk boek. Fierder is der as spesjale oanbieding it Aksjeboek foar bern, Wapper, skreaun en yllustrearre troch Yke Reeder. Sigrid Kingma De muzyk tidens Swalk wurdt fersoarge troch de band Wiebe, besteande út Wiebe Kaspers, Florian den Hollander en Daan Slagter. Bekend fan ûnder oare Omrop Fryslân mei de hit: ‘Der rydt in boer by Aldegea…’.  Wybo Smids, ûnder oare bekend fan iepenloftspul Jorwert, hat de lieding fan de Swalkoptredens. Tidens alle optredens is der plak ynrûme foar in live optreden fan in Fryske skriuwer of keunstner. Yn Drachten is dat dejonge dichteres Sigrid Kingma. Der is krekt in dichtbondel fan har útkaam yn it Frysk en it Ingelsk: Reade triedleas. Sy sil gedichten foardrage en sy begeliedt harsels opgitaar. Reizgje Der is boekeferkeap yn ‘e winkel en fansels binne de boeken fan de skriuwer dy’t optreedt ek te keap. Op snein 18 septimber jildt it Kadoboek as ferfierbewiis tidens de Reisaksje. Jo hoege dy deis yn Fryslân yn bus of trein net yn te tsjekken, mar kinne it Kadoboek sjen litte. Ek it Aksjeboek foar bern’Wapper’, jildt as jildich ferfierbewiis. Yn Grinslân jilde de boeken yn de Arriva treinen ek as ferfierbewiis.  

Auteur

Redactie