Frysk mediaspektakel Swalk op toernee

Drachten

 Frysk mediaspektakel Swalk mei byld, lûd, muzyk en ferhalen, komt fan 9 oant 18 septimber yn Ljouwert, Aldebiltsyl, Gytsjerk, Warns, Frjentsjer, Drachten, Dokkum, Poppenwier, Mantgum en Feanwâlden.

Mei live optredens fan de band Wiebe en Fryske skriuwers, dichters en keunstners: Marga Claus, Aggie van der Meer, Yke Reeder, Joke Scheffer, Popke Popma, Sigrid Kingma, Ate Grypstra, Arjan Hut, Janneke de Boer,Tsjimk Scarse en oaren. Op alle lokaasjes ferkeap fan Fryske boeken. It tema fan Swalk 2016 is: brieven. Swalk begjint mei it Frysk Boekefeest yn Tresoar op 9 septimber mei û.o de Presintaasje fan it Kadoboek ‘Neiskrift’, skreaun troch Marga Claus en Aggie van der Meer en Aksjeboek foar bern ‘Wapper’, skreaun en yllustrearre troch Yke Reeder. Swalk einiget mei de Reisaksje: op fertoan fan Kadoboek of Aksjeboek foar bern: fergees reizgje op snein 18 septimber mei bus en trein fan Arriva, NS en Qbuzz yn Fryslân en yn Grinslân mei de Arriva trein. Dizze middei ek fergeze tagong by it middeisprogramma fan Swalk yn de Schiersstins yn Feanwâlden op fertoan fan ien fan beide boeken. Swalk is in projekt fan Tresoar.

Auteur

Redactie