Fryske Foarlêswike: Foarlêze yn it Frysk oan pjutten

Drachten

 Foarlêzers geane fan 6 oant en met 10 juni op ’en paad mei 18.000 Tomke-boekjes yn de Fryske Foarlêswike.

Goed seishûndert foarlêzers sille rûnom yn ’e provinsje foarlêze oan goed 12.000 pjutten. It tema is dit jier ‘Dat hast goed dien, Tomke!’. De Fryske Foarlêswike wurdt organisearre troch it Selskip foar Fryske Tael en Skriftekennisse yn gearwurking mei de Tomke-wurkgroep. Fryske Foarlêswike Oeral yn Fryslân wurdt yn de Foarlêswike foarlêzen yn it Frysk oan pjutten op pjutteboartersplakken, bernedeiferbliuwen en by gastâlders. Der wurdt foarlêzen troch pakes en beppes, troch heiten en memmen, mar der binne ek bekende Friezen dy’t harren ynsette foar de Fryske Foarlêswike, sa as yn Tytsjerksteradiel: Theo Smedes, akteur Tryater, lêst tongersdei 9 juny om 10.00 oere foar op de Bistebus yn Burgum. De Stellingwerven en it Bilt lêze foar út it Tomke boekje yn harren eigen taal. De organisaasje fan it projekt wurdt droegen troch frijwilligers en kriget mei dêrtroch strukturele subsydzje fan de provinsje Fryslân en de gemeente Ljouwert.

Auteur

Redactie