Noch trije kear Grûn fan Tryater yn De Lawei

Drachten

Op 27, 28 en 29 maaie spilet Tryater noch trije kear de jubileumfoarstelling Grûn yn De Lawei.

Nei de útferkochte foarstellingen yn oktober koe De Lawei noch romte meitsje foar in koarte rige succesfoarstellingen. Freed 27 en sneon 28 as jûnfoarstelling; snein 29 as middeifoarstelling. Twa rollen yn Grûn wurde yn maaie beset troch oare spilers. Tamara Schoppert nimt har rol as Marta wer oer fan Lysbeth Welling. Tamara rekke flak foar de premiêre blessearre oan har achillespees, wêrop ’t Lysbeth har yn koarte tiid de rol eigen makke. Joop Wittermans is tidens de reprizefoarstellingen oan de betterjende kant fan in operaasje, dy’t krekt dêrfoar plakfûn hat. Peer van den Berg is ree fûn om de rol fan Pier fan Joop oer te nimmen. Mei syn komst wurdt Grûn beset troch twa akteurs (Henk Zwart en Peer van den Berg) fan it trio Suver Nuver. Peer spile earder dit jier al by Tryater: yn Rooftop Memories, in lunchfoarstelling yn Theater Bellevue, skreaun troch Eelco Venema. It fyftichjierrich jubileum fan Tryater waard in oktober grut fierd mei Grûn, in kronyk fan it libben fan twa boerefamyljes, skreaun en regissearre troch artistyk lieder Ira Judkovskaja. Grûn fertelt it ferhaal fan twa boerefamyljes út itselde doarp. It is it ferhaal fan de libbens fan dizze famyljes, yn goede en minne tiden. It publyk sjocht hoe’t dizze minsken sykje nei sinjouwing, mei elkoar en op harsels. Grutte groep spilers De foarstelling fan fjouwer oeren wurdt spile troch in bysûnder grutte groep fan sechstjin spilers: Aly Bruinsma, Joke Tjalsma, Henk Zwart, Peer van den Berg, Tamara Schoppert, Hilbert Dijkstra, Arnold Dijkstra, Nynke Heeg, Thijs Feenstra, Lourens van den Akker, Aukje Schaafsma, Brecht Wassenaar, Raymond Muller, Eva Meijering, Marit de Weerd en Sjoerd Blom. Dekôrûntwerper Roos van Geffen makket de grutte seal fan De Lawei ta it universum mei dêryn ús ierde (mei al har bewenners). De planeten fan filt yn har dekôrûntwerp komme fan filtkeunstneresse Claudy Jongstra, dy’t op dit stuit in exposysje yn it Fries Museum hat. Peter Sijbenga ferbynt ferskate muzikale eleminten dy’t in langstme nei oerjefte oproppe. Kaarten Kaarten binne te keap by De Lawei, www.lawei.nl of 0512-335050.

Auteur

Redactie