Fjirde Fryske ferhalewedstryd: workshops én in junioredysje

BURGUM

 De Fryske ferhalewedstryd, dy’t dit jier foar de fjirde kear organisearre wurdt, kriget no ek in junioredysje. Mei it Cedin, de ûnderwiisbegeliedingstsjinst as nije organisaasjepartner fan it Skriuwersboun, Omrop Fryslân en it Friesch Dagblad, is der no noch mear omtinken foar de jongerein.

Boppedat kinne meidoggers ek in workshop 'koarte ferhalen skriuwe’ folgje, yn respektyflik Koudum (25 jannewaris), Burgum (1 febrewaris fan 20.00 oere ôf yn de Pleats) en Wommels (8 febrewaris). Gysbert Japixwinner Koos Tiemersma sil nigethawwers de technyk fan it koarte ferhaal bybringe. Ek de middelbereskoalbern krije dit jier gâns omtinken. Yn ’e oanrin ta de wedstryd sil skriuwster Lida Dykstra in tal gastlessen jaan op de middelbere skoallen yn de trije neamde doarpen, mei op ’e nij it koarte ferhaal as ûnderwerp. De tips dy’t Tiemersma en Dykstra jouwe, kinne noch moai yn de ynstjoering meinaam wurde, want de deadline foar de ferhalen is pas op 1 maart 2016. Oars De wedstryd hat ditkear as tema: Oars. Dat ûnderwerp hat te krijen mei Gysbert Japix (1606-1666), de Boalserter skoalmaster, foarsjonger en dichter, dy’t dit jier, 350 jier nei syn ferstjerren, betocht wurdt mei allerhanne festiviteiten. Japix hat tige wichtich west foar it skreaune Frysk. Hy gie ferrassend oars as syn tiidgenoaten om mei syn taal en mei syn styl. De ynfolling fan it tema ‘oars’ is lykwols folslein frij; it ferhaal hoecht dus hielendal net oer Gysbert Japix te gean. Fan de ynstjoerders wurdt ferwachte dat se in ferhaal skriuwe fan maksimaal 775 wurden. De talen dêr’t de bydragen yn skreaun wurde meie, binne de streektalen fan Fryslân, dus neist Frysk bygelyks ek Stellingwerfsk, Skiermuontseagersk of it Snekers – eins alles útsein it Nederlânsk. It stik, dat begjinne moat mei namme, bertedatum, emailadres en telefoannûmer fan de ynstjoerder, kin maild wurde nei: bestjoer@skriuwersboun.nl, ûnder fermelding fanFerhalewedstryd, en wurdt dan anonym trochstjoerd nei in betûfte sjuery. De deadline foar ynleverjen is 1 maart. Ferfilming De bêste trije ferhalen fan beide skiften, de junior- en seniorwinners, wurde beleanne mei in priis en publisearre yn it Friesch Dagblad. Ut de beide winners fan de twa kategoryen kiest de sjuery boppedat ien dêr’t in ferfilming fan makke wurdt troch Omrop Fryslân. Dy koarte film wurdt yn juny yn fjouwer dielen útstjoerd yn it tv-programma Bynt. Yn itselde programma sille op tongersdei 7 april de priiswinners bekend makke wurde. Opjaan foar de workshop fan Koos Tiemersma graach minimaal twa dagen yn it foar, fia in mail oan bestjoer@skriuwersboun.nl, ûnder fermelding fan ‘workshop’.  

Auteur

Fokke Wester