De Hûnekop gaat zo kort mogelijk door de bocht

DRACHTEN

In een volgepakt Poppodium Iduna presenteerde De Hûnekop gisteravond haar vijfde cd, Klompetreen. ,,Dit is ús bêste'', zegt zanger, schrijver, manager, kapitein en directeur Emiel Stoffers.

Tekst en foto's Fokke Wester De Hûnekop wordt op het podium gevormd door zanger Emiel Stoffers, bassist Rik Alsma, drummer Bart Scheffers en gitarist Jeroen Seinstra. Toch mag ook gezegd worden dat De Hûnekop de band is van Emiel Stoffers (36). Hij heeft er een dagtaak aan. ,,Ik bin der kontinu mei oan'e gong, dat hâldt noait op. Hoe mear, hoe better, myn ienige belang is de Hûnekop.'' Hypotheek Stoffers en zijn vriendin moeten er ook van leven en er hun hypotheek van betalen. De garage bij hun woning in Leeuwarden is omgebouwd tot studio en dat heeft het muzikale leven een stuk simpeler gemaakt, zegt Stoffers tevreden. ,,In studio betellest per oere, dus sa gau ast der yn giest kostet it jild. Dat betsjut datst fan te foaren alles hiel goed betinke moatst en oefenje. Moatst hiel goed witte watst dochst, want ast it dêr noch útfine moatst, dan moatst der ekstra foar betelje. Yn myn eigen studio ha wy alle tiid om te ekspearimentearjen. Jûns nei't iten nim ik in bakje kofje en dan dûk ik de studio yn. As wy in nûmer opnaam ha, dan kinne wy gewoan troch ouwehoere.'' ,,Alles wat leuk is litte wy stean en wat net leuk is donderje wy fuort. Wy dogge alle rûge wurk, allinnich it miksen bestede wy noch út, want dat komt hiel krekt. Wy ha noait in producer hân. Ik nim mysels op en de drums. Bart en ik spylje dan tegearre it ferske en as it klear is wurdt myn part der wer ôf helle. Dêrnei wurde de oare partijen ynspile en sa bouwe wy laachje foar laachje sa'n nûmer op. De gitarist nimt de bassist op en oarsom, want as ik dat doch giet it op'e kop ferkeard. As ik my mei bas of gitaar bemoei, dan krije wy spul.'' Faktuerke De Hûnekop was jarenlang een trio, maar sinds een paar jaar speelt Seinstra mee als sologitarist. ,,En dêrtroch is it in stik better wurden, it lûd is foller. Ik hoech my op it poadium no ek minder drok te meitsjen, der stiet gewoan mear op it toaniel. Boppedat skreau ik dy ferskes ek altyd al mei in foller lûd yn'e holle.'' Bijzonder is dat Stoffers als kleine zelfstandige zijn medemuzikanten per klus inhuurt en betaalt. ,,Sa kin Jeroen hiel goed filmkes monteare, dy hat ek dy moaie filmkes makke op ús Facebooksite. Hy is zzp'er, dus dêr krij ik dan gewoan in faktuerke fan.'' ,,Soms is it dreech om wat te fertsjinjen. Sa ha wy de lêste tiid in soad wurk hân fan de cd en dit festival, mar dan komt der eefkes in skoft neat binnen. Dat witte de jonges ek en dêr dogge se net moeilijk oer. No't de cd der is komt der wer jild binnen en dêr profiteare se allegear fan. Wy ha allegear muzikaal sjoen al jierren ûnderweis west en dit is de earste band dêr't wy wat oan oerhâlde. Dat is ek sa moai oan Iduna. Wy hâlde it festival hjir no foar de tredde kear en it wurdt hieltyd mear ûntspannen. Wy ha ek wol yn it WTC spile en yn de sporthal yn Burgum, mar dat wie te ambitieus. Dan sitst in hiel skoft sa fol stress en fan al dat wurk hâldst úteinliks net in stoer oer.'' Gjin pesterij De basis onder de Hûnekop is volgens Stoffers dat iedereen tevreden moet zijn met wat hij doet en wat hij krijgt. ,,Ik fertsjinje der it measte oan, mar ik doch der ek it measte foar. Ik bin de kapitein fan it skip en de manager. Dat is soms wolris lêstich, want moatst stjoere, mar tagelyk ek meidwaan. Ik skriuw ek alle ferkses, de oaren skriuwe neat. As ik mei in idee kom, meie se it net ôfbrâne, se meie allinnich mar ideeën spuie dy't it lietsje better meitsje. Ik hâld net fan spul en ik wol ek gjin pesterij yn de band ha. As der ien narre wurdt, dan prate wy it út. Wy nimme mekoar fansels wol yn'e sijk, dat kin net oars.'' In de acht jaar dat de band bestond is er elk jaar wel iets uitgebracht, maar Klompetreen is de vijfde cd met nieuw eigen werk. Stoffers put voor zijn teksten uit zijn verleden als metaalwerker op scheepswerven en in de bouw. Hoe langer hij muziek maakt, hoe verder hij ook van die praktijk af raakt. ,,Ik bin wolris bang dat ik op in stuit útpoept bin, mar ik hear ek hieltyd wer nije dingen. Sa moast ik fan'e middei wat dwaan en doe joech ik myn pilske eefkes oan in oar. Hâld myn bier eefkes beet, sei ik. Doe realisearden wy ús hoe faak as sa'n sintsje it begjin is fan in hiel ferhaal. Soks komt aanst fêst ris in kear yn in ferske werom. Fierder djipje ik sa no en dan wat op út myn ûnthâld en ik praat mei in protte minsken, dan hearst ek gauris wat.'' Theatertoer Volgend jaar wil Stoffers met zijn band een theatertoer doen. Dan worden de zelfde liedjes gezongen, maar akoestisch. Dan komen ook de gevoeliger nummers wat prominenter aan bod, stelt de zanger. ,,Want dy sitte der wol tusken, hear. De minsken kinne ús fan it gek dwaan, mar net alles is foar de grutte meute. Us muzyk leit goed yn it gehoar en wy binne de ienige band dy't sa bot de wurkflier yn de teksten hellet. Dat herkenne de minsken. Ast dat wurk sels noait dien hast, kinst dat sa ek net skriuwe. Guon teksten geane sa koart mooglik troch de bocht, dat sprekt de minsken ek oan. Ik tink dat dit ús bêste cd is oant no ta. Der sit gjinien nûmer tusken dat net goed is, gjin opfullerkes. Uteinliks wolst sels ek tefreden wêze.'' De Hûnekop heeft een hele ontwikkeling doorgemaakt, maar waar de band over vijf jaar staat, Stoffers heeft geen idee. Zonder band had hij echter al lang weer over de wereld gezworven, weet hij. ,,Ik bin in flierefluiter. De band is oait ek ûntstien yn Australië, dêr't ik in jier wenne ha. Ik hie dêr allinnich mar myn gitaar en myn auto, mar dat wie myn moaiste tiid. No haw ik tsientûzen ynlognammen en pinkoades noadich. En ik hâld der net fan om alles út te stippeljen en te plannen. Ik bin op myn bêst as myn weareld op'e kop stiet.''

Auteur

Fokke Wester