Oer de Brêge | Epke Veenstra-Overwijk: Yn’e kream is it net altyd feest’

Redacteur Fokke Wester ontmoette op de brug in de Hoofdstraat van Gorredijk Epke Veenstra-Overwijk (69) uit Rottevalle.

Epke, krekt as Epke Zonderland. Wurde jo dêr ek mei pleage?

Nee, nee, nee. Ik ha wolris, dat is hiel tafallich, want ik siet altyd yn de kreamsoarch, en doe haw ik wolris in befalling mei Epke Zonderland dien. Want hy studearde hin? Foar arts.

Dus der stienen twa Epkes oan it bêd.

Ja, der kamen twa Epkes, dus dat wie wol hiel bysûnder. Soks belibbest noait wer.

Hoe lang is dat lyn?

Dat is wol fiif, seis jier lyn al.

Overwyk, dat komt fan De Tynje?

Tynje, ja. Ien van de velen.

Fan it kafee?

Nee, dat wie in omke. Myn heit hie in VéGé-winkel, Durk Overwyk.

Jo binne dêr opgroeid.

Ja, en dat lûkt altyd noch, hin? Dit ek, hjir. Dan kom ik hjir yn'e Gordyk en dan tink ik, oh ja, hjir wienen wy froeger altyd. Ik wie no krekt eefkes by myn tante, mei myn suster, dy hie froeger hjir in skuonwinkel, Huisman, en dy wurdt aanst 94 en dêr ha wy no eefkes in bezoekje brocht.

Hoe binne jo yn'e Rottefalle telâne kaam.

No, troch myn man. Dy kaam fan Rottefalle en eh...

Hy wie sterker.

Hy wie sterker, ja, hy hie dêr ek wurk. Earst ha wy yn Koatstertille wenne, mar doe binne wy dochs wer nei Rottefalle werom kaam. En dat wennet dêr prachtich.

Jo wurkje net mear.

Nee, ik ha oant 66 jier wurke, altyd yn'e kream.

Witte jo ek hoefolle bern oft jo helle ja?

Oooh, nee, boeken fol, ik wit it net mear.

Jo binne echt oplieden as kreamfersoarchster.

Ja, froeger de oplieding yn Rijssen hân.

Yn Rijssen hielendal?

Yn Rijssen hielendal, ja. Hiest doe noch it Oranje-Griene Krús, en fan dêrút bin ik hjir de wrâld ynstjoerd.

Mar dat wie dus al yn de jierren sechstich.

Ja, ja.

Echt as jong famke, fan skoalle ôf.

No, nee. Ik ha earst fan alles wat dien en doe op't lêst yn de kreamsoarch terjochte kaam en dêr haw ik doe altyd yn sitten.

En altyd by húshâldings yn'e hûs dêr't se in poppe krigen hienen.

Ja. Doe wie it de earste tsien dagen en dan hiest ek noch dat ast safolle kilometer fan it gesin wennest, dan moast der nachts ek noch bliuwe. Dat ha'k ek hiel faak dien.En dat wie net altyd like leuk, hear.

Nee?

Nee, it wie net altyd datst yn in moai gesin sietst en dan moast der nachts ek noch bliuwe. Want oars dan hiest gjin ferfoer. Dan waardst ophelle troch de heiten. Dan sietst jûns te wachtsjen, of yn'e nacht, en dan kaam de buorman of de heit en dy helle dy op.

Jo holpen dan ek by de befalling al?

Ja, ja.

Dan kaam de húsarts.

Dan kaam de húsarts. En ik ha ek wolris in befalling allinnich dien, twa kear.

Mocht dat?

Ja, dat gebeurt, as de poppe komt dan moatst wat dwaan.

Ja, dy kinne jo net weromtriuwe.

Nee, kinst net werom.

Mei it swit yn'e hannen?

Nee hear, faak binne dat ek hiel maklike befallingen.

Eins geane se wat te flot.

Ja. Dat giet hiel flot, ja.

Ha jo ek wolris hân dat jo op it lêste momint tochten fan it giet net, wy moatte dochs nei it sikehûs?

Nee, noait allinnich. Ik ha wolris hân mei de ferloskundige dat it net woe. Dan hiest echt in Aziatysk famke mei in Nederlânske jonge, dus dan hast in bytsje in oare match. Dan wol it wolris in wat te grut bern wêze. As it echt net woe en as it in knikker op’e kant wie, dan kaam de ambulânse. No, en as dy der dan ien kear binne, dan bist ek wer rêstich, hear, dat binne kordate minsken. Dan wurde se ôffoerd en dan komt it altyd wol wer goed.

Is it altyd goed gien?

Nee, ik haw ek wolris in berntsje hân dat net goed gong. Ja.

Weirekke by de geboarte.

Ja. En ek wol berntsjes dy't al wei wienen, yn't sikehûs. Ja, it gebeurt allegear.

Dat is tryst.

Ja, dat is tryst, mar it is ûn-foarstelber as minsken in poppe krije en it is net goed, dan is it earst triennen, mar se binne samar wer fan: wy moatte dy kant út. Dêr ha'k my altyd oer ferwûndere.

Dat is inderdaad frjemd. Je soenen sizze: jo libje moannen ta nei sa'n blide dei en bouwe sa'n ferwachting op, dan moat dy klap just deste grutter wêze.

Dy is ek grut. Mar dochs, se geane dan ek wer in kant út, dan tinkst fan: Ja, jim pakke ek fuort wer de oare kant, fuort wer linksôf. Hiel wûnderbaarlik. Ik tink dat se dêr dan ek de kracht wer foar krije. Dat is sa. Der bart wat yn dy hollen. Hiel apart.

In befalling is dochs al apart, it is hiel swier, mar ast sjochst dat sa'n jonge mem samar wer krekt docht as is der neat bard...

Mar dat hiest froeger net, hear. Dan leinen se tsien dagen op bêd, of seis dagen. En dan wienen wy der noch twa dagen en as wy dan nei hûs gienen dan moasten sy sels. En tsjintwurdich is it: de poppe is der en sy steane njonken it bêd.

En is dat goed?

Ja, dat moat de tiid mar útwize. Ik ha my der wol oer ferwûndere dat der tsjintwurdich hiel folle bekkenynstabiliteit is. Ik tink: dat hienen wy froeger net. Ik tink dat it sa goed net is as dat se rêst nimme. Der is wol hiel wat bard. Ik tink dat in hiele protte froulju dat wol ûnder-skatte. Dy tinke: no ja, leuk, in babytje. Mar dan komt it, hin?

Sa'n húshâlding wurdt ek ynienen hielendal oer de kop goaid.

Ja, ja, dat wie altyd it bysûndere fan de kreamsoarch, want wy komme binnen en it is krekt as hast der altyd wenne. Dat is hiel apart. Do hearst der direkst by en wy nimme... Ja, ik bin ek in type, jo goaie de kasten iepen en sykje alles op en sy litte it allegear gewurde. Dat is gewoan hiel wûnderbaarlik.

Nimme jo dan it heft yn hannen?

Nee, nee. Froeger wol, dan hiest eins sa'n bytsje de regy, mar dat is no net mear sa. Nee, it is no allegear oerlizze. 't Is hiel oars wurden.

Dus der is in grut ferskil tusken doe't jo begûnen en doe’t jo der mei ophâlden.

Ja, ja, ja. It is no echt oerlizze. Wolle jo graach dat ik dit doch, wolle jo graach dat ik dat doch. Der is no ek in zorgplan, dan skriuwe se mei de intake al op wat de winsken binne. No, dêr hâldst dy wat oan. Mar hast ek noch wol in kear in gesin, dan seinen se: no, rêd dy mar, hear, ik wol lekker genietsje. Dy binne der ek wol. Wy ha wol in moaie tiid hân.

Jo hawwe it hast fyftich jier dien, of net.

Ik ha der ek eefkes tuskenút west, doe't de bern lyts wienen. Letter bin'k wer begûn, doe't de jongste in jier as santjin, achttjin wie, tink ik.

Is it wurk dan ek oars, as jo sels ek bern ha?

Ja. Ja, hiest de erfaring. Mar sjoch, ik kom út in húshâlding fan tsien en dan wiest wol hiel wat wend. Myn susters hienen al wer bern, dus dêr wie'k ek altyd wer oan'e gong. Mar it gefoel, ja, do kinst dy folle mear ferdjipje yn wat dy froulju fiele en wat der bard is. Dat is wol sa. Doe't ik begûn en dy froulju gûlden, no ja, snap ik dêr wat fan? Ik tink: do moatst gelokkich wêze. Dat hienen wy wol leard, wat der allegear bart en sa, mar no wist ik wol: och berntsje, dat komt allegear wol wer goed. Dan koest se hiel oars helpe.

It skeelt dus wol.

Ja. Ik wurke by Isis en de measten woenen ek graach in wat âldere kreamfersoarchster ha, ien mei erfaring. Ja, in bytsje feilichheid, tink ik. Ik ha noch in soad thúsbefallings dien, mar ik hear wol fan de kollega's dat de measten no befalle yn it sikehûs en dan pas komt de kreamfersoarchster.

Dy meitsje dus it hichtepunt al net mear mei.

No, in protte al net mear, nee. De kreamfersoarchster giet ek wol mei nei it sikehûs. Dêr hiere se dan in keamer en as der al wat is dan is fuort de gynaekolooch der by. Miene se dan, mar dat is ek net altyd sa. En dan geane se wer nei hûs.

Is dat út foarsoarch, angst?

Ja, dat is allegear angst. Mar ik ha noch noait meimakke dat in thúsbefalling ferkeard gong.

Nederlân skynt dêr hiel bysûnder yn te wêzen. Yn Noarwegen mei it net iens.

Mar Nederlân is hiel bysûnder hear, ek wat de soarch betreft. Dat wy de soarch thús krije, dêr meie wy hiel wiis mei wêze. Dat fyn ik echt moai.

Hjir fanút 'e Gordyk bist ek samar yn Nij Smellinghe of Tsjongerschans as it thús net giet.

Ja, dat is samar klear.Thúsbefallen hat altyd in sjarme. Thús is eigen, noflik, ja, sa moai. As dan de ferloskundige en de kreamhulp kamen, no, dat wie in feestje. Dan wienen dy mannen rêstich.

Binne jo al beppe?

Ja, ik ha tsien lytsbern, dêr ha'k ek by alle bern kreamd.

Is dat sa? Wat leuk.

En fan skoandochters hin? Dat is ek hiel bysûnder.

Dat liket my ek hiel goed foar de bân.

Ja, ja, ja. Ik haw ek in hiel goeie bân mei de bern. Mar it is dan de keunst om ek echt as kreamfersoarchster op te treden, hin? Net as... Ik sei tsjin de âldste: no bin ik hjir as beppe, as skoanmem, mem en as kreamsuster.

Dan moatte jo inderdaad goed sjen wat pet jo opsette.

Ik wie de kreamfersoarchster.

Moai, mar jo ha noait byhâlden hoefolle as jo no...

Nee, ik ha de kaartsjes wol hâlden yn allegear dikke boeken, mar... aaah, wol in....

Tsien dagen, dan helje jo sa de tritich yn't jier.

Ja, mar hiest ek wolris in pear dagen frij, hin? Ik wurke yn it lêst ek net hielendal mear folledich, dan wurke ik foar fyftich persint, dus dan tikket it net sa hurd mear oan. Twa, trije gesinnen yn'e wike ek wolris, dan diest eefkes wyksoarch.

Mar dan giet it dochs wol om hûnderten.

Ja, ik tink wol in trijehûndert.

Binne der ek noch poppen by werfan't jo witte: dy sil ik noait ferjitte?

Ja. Ik haw it ien kear hân, doe kaam ik yn in gesin en dêr soe in poppe komme, en dy heit hie'k sels ek op'e wrâld holpen.

Ja, as jo sa lang meigeane, dan krije jo dat. As jo noch eefkes trochgien wienen, dan hienen jo sels by de pake- en beppesizzers kaam.

Nee, safier bin'k net kaam. Mar ik ha ek wol gesinnen, dat ferjitst noait wer. Dy kom ik noch wolris tsjin en dan siz ik: hé, bisto dy en dy? En dan sizze se ja! Guont bliuwe op jo netflues stean. Dy ferjitst noait wer.

En ha jo dat ek mei nammen?

Nee, froeger koe'k se allegear, mar yn'e lêste jierren kin'k gjin nammen mear ûnthâlde. Mar do krijst ek fan alles hin? De âlden en de famylje, mar ek de buorlju. Dat koe'k allegear net mear ûnthâlde.

Bin der ek noch gesinnen dy't jo bybleaun binne?

No ja, wol kwa gesin, mar dat is te privee. Ek wol gesinnen dêr't ik noch wolris oan tink. Hoe soe dat no gean? Dat wienen echt soarchgesinnen, dy hiest de lêste tiid wol folle, hear. En in protte samengestelde gesinnen, hin? Fûn ik wol skrijnend hear.

Ja? Twadde lech?

Ja, dat komt by inoar en dat klikt dan noch net hiel goed of dy bern fûnen dat net hiel leuk. Of dy berntsjes kamen by heit syn nije baby en dan moasten dy berntsjes wer fuort en dat woenen se net en gûle. Nee, papa blijft nu bij zijn vriendin en jij moet nu weer naar mama. Dat is skrijnend, hear. Dêr hie'k wolris wat muoite mei. Mar ek wol gesinnen dat ik tocht fan: oeh, hoe komt dit, hoe komt dit.

It wie dus net altyd feest.

Nee, nee, nee.

Mar faak wol.

Gelokkich wol, oars hie'k it net folhâlden. Nee, ik fûn it altyd moai wurk.