Oer de Brêge | Heily Water-Meesters: ‘Allinnich wêze, dat went noait’

Redacteur Fokke Wester ontmoet op de Hoofdbrug van Gorredijk Heily Water-Meesters (81) uit Gorredijk.

Heidi?

Nee Heily. Us beppe hjitte Heiltsje, en doe kamen der berntsjes en dy wurden ek wer Heily neamd, dat wie de ropnamme.

Okee, en jo achternamme?

Water.

Heily Water, dat klinkt sels wat kristlik.

Oh, is dat sa?

Heiligjend wetter.

Oh, holy... ja.

Holy Water. Hoe lang wenje jo al yn 'e Gordyk?

Fanôf 96, dus dat is no 23 jier.

Wêr komme jo oarspronklik wei?

Ut Wurdum, flakby Ljouwert.

En hoe binne jo hjir telâne kaam?

Ik kaam te wurkjen yn Assen, yn de ferstanlik gehandicaptesoarch. En dêr learde ik myn man kennen. Dy gie sollisitearen en hy krige in baan yn Uithoorn, yn it Westen. Dat is by Amsterdam, sis mar.

Hoe âld wienen jo doe?

Oh, eh...

Dat is hiel lang lyn.

Ja, 23 sa om dy tiid hinne, 22, 23. En op den duer dan giest der achteroan, hin? In húske, dat hienen wy earst net.

Yn Uithoorn.

Ja, inderdaad, dêr krigen wy in bejaardenhuisje, dêr binne wy begûn. No ja, it luts wol, want Uithoorn, dat is ûnder de rook fan Schiphol en dêr krijst hieltyd dy fleantugen oer dy hinne.

Dêr rekkest net oan wend?

Do rekkest der oan wend, mar 't is dochs irritant. Want ast yn'e tún sitst, dan moatst gewoan eefkes stopje mei dyn ferhaal, want it is in hoop herry. Drie kilometer.

Se fleagen echt rjocht oer.

Ja, dat leit oan'e wyn. It leit oan'e wyn hoe't de route is om op te stijgen. De stijgende dy kamen altyd by ús lâns. Dalende kin natuerlik ek, dy minsken hienen der ek lêst fan.

En dêr hienen jim jim nocht fan.

No, wy ha dêr leuk wurke. Myn man ek. Ik ha dêr ek in baan krigen, yn in gezinsvervangend tehuis. En wy krigen twa famkes. No, dat gong ek allegear foarspoedich. En zo ging het. Ja, wat sil ik no noch mear fertelle.

Mar doe binne jim hjir hinne kaam.

Oh ja. Myn man wie al út it wurk en ik moast noch eefkes myn wurk ôfmeitsje. En wy seinen, omdat de diken, de provinsjale wegen sitte ek altyd ferstoppe, want dy jonges fan Aalsmeer, dy grutte frachtweinen, dy moasten dêr ek allegear lâns. Der waard hieltyd praat oer in brêge sus en so, mar dat kaam mar net en dat duorre. Doe seinen wy: ast dan dochs mei pensjoen bist, kinst ek wol ergens oars wenje. Hin?

Bist net mear bûn oan't wurk.

Nee. En ús berntsjes hienen har bestemming al fûn, dus dan seist: ja, wat hâldt ús hjir. En omdat ik in Friezinne bin...

Jo man net, dus.

Nee, myn man is geboaren yn Heiloo. Mar dy die oh sa syn bêst hear, om Frysk te praten.

Mar wêrom dan dochs nei Fryslân?

Omdat dat in bytsje luts. En myn broers wenje hjir en myn sus, ek wer mei de húshâlding natuerlik.

Dan ha jo dochs in jier as firtich hast...

33 jier ha wy dêr wenne.

Hoe is it dan om wer werom te kommen?

No, it is sa gong, ik kaam de winkel yn, dat wie de âlde Albert Heijn noch, en dêr wienen fan dy stellingen.

Dat wie yn De Gordyk al.

Ja, dat wie yn de Gordyk. Dat wie yn it begjin dat ik hjir wenne. Dat moast allegear ek wer, eh wenne. Dat is it selde wurd, mar dochs oars, haha. Eh, no ja...

Ja, moai. Mar jo kamen de âlde Albert Heijn yn...

Ja, dêr wie'k bleaun. Doe hearde ik in mem praten. In famke frege oan har: mem, wat binne dit. Oh, seit dy mem, en ik hearde dat oan de oare kant fan dy stelling, no geane dy wat yn'e hichte mar doe noch net. Oh, sei se, dat binne de aaikes. En doe tocht ik: ik bin thús.

Moai.

Sa is't gong, dat wie yn't begjin. No, fierder ek, och... 't went hiel gau, fyn ik, dêr ha'k net safolle muoite mei.

Mar jo koenen Gordyk dus net, wêrom ha jo dêr foar koazen?

Wy koenen Gordyk net, mar hjir wie in hûs.

As it hûs yn Drachten of Dokkum stien hie, dan hienen jo dêr no wenne.

Ja... wy ha wol yn Drinte ek sjoen, want myn man kaam natuerlik fan Assen, ek al is er dêr net geboaren. Dêr ha wy ek wol socht, mar myn man wie grafisch kunstenaar en wy hienen rûmte noadich dat hy syn... eh...

Syn atelier.

Presys. Syn atelier opsette koe. En dat koe hjir. Dêr sjochst dan nei út, hin? En sa is't gong.

It is in keaphûs?

In keaphûs, ja.

En jo man makket noch altyd moaie keunst?

Myn man is gestorven, dat is heel jammer.

Ja. Al lang lyn?

Fjirtjin jier.

Dat is al in moai skoft lyn, mar...

Ja, dat is de bedoeling net. Mar ja, it gebeurt. De dood is niet leuk.

Nee. En hoe âlder as jo wurde, hoe mear as jo it om jo hinne sjogge, natuerlik.

Ja. Mar dyn eigen rekket it heftichst, eigenlik, hin?

Binne jo der al in bytsje oan wend om allinnich te wêzen?

Jaaah, jawol, en de minsken helpe jo geweldich.

Ja? Jo fiele jo no echt thús yn Gordyk?

Heel erch thús, ja hear. Yn't begjin, doe't myn man krekt stoarn wie, doe tocht ik: ooh, wat moet ik hier in Gorredijk. Dan bist ûnwennich, dat is it.

Hat dat lang duorre?

No, dat tink ik net, hear. Dat wit ik net mear sa goed. Mar it went eigenlik noait. Kinst net sizze, nee.

Se sizze altyd dat der fjouwer seizoenen oerhinne gean moatte, want alles wat jo yn dat jier belibje, dat is de earste kear sûnder...

Ja, no ja, dy seizoenen, dat hie'k net sa betocht, mar it went eins net.

Dochs net.

Nee, jo misse it. It wie net de bedoeling, wy ha fjirtich jier troud west. En dan ynienen, plotseling. Tiisdei siik wurden en freeds yn'e iere moarn stoarn.

Wat foar sykte hie er?

It hert. Ja. En sûnder dat wy der erch yn hienen. Ik ha't noch neifrege by syn broer: sit it yn'e famylje? No, hy wist it ek net. Dus...

Dan giet it hiel hurd, hin?

Ja.

Mar oan'e oare kant: jo hearre ek wol fan minsken, dy binne moannen siik en dan wurdt it op't lêst in lijen.

Ja, dat is ek...

Wy ha't gelokkich net foar't kiezen.

Nee, wy hawwe it net foar't kiezen. No, is't sa genôch?

Wat dogge jo no om de dei troch te kommen?

De dei, oooh, ik tink as ik jûns foar't bêd stean: moat ik nó al wer op bêd?

Ja? De dei hat te min oeren?

Ja, dat wol ik net sizze, maar je moet gehoorzaam zijn aan de tijd. Hast dyn sliep ek noadich, dat wit ik wol. Mar ik fyn it wol hiel fluch gean, de tiid giet sa ûntsettend snel,

Hie't no oars west as jo noch wenne hienen yn eh, de Randstad?

Uithoorn, ik help jo wol eefkes.

Ja, hie dat dan oars west? Want dêr hienen jo ek jo sosjale libben opboud.

Ja, mar ik kom der noch geregeld, want ien fan myn dochters wennet dêr yn'e buert. En ik bin dêr ek noch thús. Sa giet dat gewoan.

Dat is wol moai, twa plakken dêr't jo thús binne.

Ja.

Dat is better as hjir net thús wêze en dêr ek net mear.

Nee, nee, dat is sa.