Tonielstik In Noflike Fakânsje yn Us Doarpshûs yn Jonkerslân

Opsterland-Ooststellingwerf - ÂN  Toanielferiening it Freonental spilet op 12 en 20 desimber om 20.00 uur it toanielstik In Noflike Fakânsje yn Us Doarpshûs yn Jonkerslân.

It stik spilet op Skylge. Els en Rommie, twa freondinnen mei in fêste relaasje, hiere in
fakânsjehúske en hoopje sa in setsje by skoanmem wei te wêzen. It minske moat
har altyd oeral mei bemuoie, wit alles better en hat de rezjy yn meardere húshâldingen.
Noflike fakânsje dus, mar wa komt mei de folgende boat, ek nei Skylge? Júst...
Foar kaarten: wh.stoelwinder@kpnmail.nl of tel. 0513-463111.