Nieuw in de Woudklank: column van de redacteur

Opsterland-Ooststellingwerf - Tsjelluns

Ik keapje no in broadsje ham en ik nominearje dy en dy en dy om binnen fjouwerentwintich oeren ek in broadsje te keapjen. En as se dat net dogge moatte se in hap mostert nimme. It sil jo mar sein wurde. Se soenen my raar oansjen. Ik jou no jild oan in goed doel en ik nominearje dy, dy en dy om dat ek te dwaan. En as se dat net dogge, dan moatte se in amer iiskâld wetter oer harsels hinne goaie. It is gekkepraat, mar ast no op Facebook sjochst, dan docht elkenien der gewoan oan mei. Ik net. Froeger stjoerde ik ek noait kettingbrieven troch. Dêr sieten leuke by, dy't beloofden datst binnen in heal jier 20.000 ansichtkaarten krije soest, mar ek wrede, dy't dy de freeslikste sykten tawinsken ast der net oan meidiest. Ik haw in oantal kettingbrieven in sachte dea stjerre litten en der is my noait wat fan oerkaam. Teminste, ik leau net dat der in relaasje is tusken dy sabotaazje-aksjes en it feit dat ik altyd ferkâlden wie. Der sit wat driigjends yn dy iisamer, dy komt nammentlik hieltyd tichterby. De earste dy't ik seach mei sa'n amer fol iisklontsjes wie Bill Gates van Microsoft. Dat is net ien dy't ik alle wiken de hân jou. Mar foarrige wiken dienen minsken fan de klub dêr't ik tennisje ek al mei oan dy mâle fratsen en dit wykein stie sels myn buorman al op Facebook mei in filmke, wêryn't hy in kontener fol wetter oer him hinne krijt. Gelokkich nominearre hy de buorman oan de oare kant. It komt tichterby, mar tagelyk hat dat ek wat sneus. Wa't net nominearre wurdt, fielt him suver oerslein. It fielt in bytsje as froeger by gimmestyk. By it kiezen fan ploechjes foar slachbal bleaunen altyd deselden oer. Gelokkich waard ik meast wol aardich flot keazen, mar no bin ik tink ik de lêste yn Fryslân dy't noch net dy útdaging krigen hat. Neat mear oan feroarje, sizze se dan. Ik herhelje dêrom de wurden dy't myn âlde pake froeger sei as it him te drok waard: ôfjaan! Hjirby nominearje ik foar de folgjende column op dit plak myn kollega/einredakteur fan dizze krante: Tine van Knijff. Fokke Wester