Fryske tsjinst snein yn de Grutte tsjerke

DRACHTEN - Yn de Grutte Tsjerke fan Drachten wurdt sneintemoarn fan alve oere ôf in Frysktalige tsjerketsjinst hâlden.

Ek yn ‘e fakânsjetiid iepenet de Grutte Tsjerke fan Drachten har doarren foar in Fryske Earetsjinst. De tsjinst sil plakhawwe op snein 3 augustus om 11.00 oere. Foargonger is ds. A. Elverdink en oargelist J. Renkema. Ut it Alde Testamint sil lêzen wurde Genesis 45: 3 – 10 en 25 – 28. Dêryn is optekene hoe’t Joazef, soan fan aartsfader Jakob, him bekend makket oan syn bruorren. Sy binne ferbjustere, is dizze man, dizze hearsker oer Egypte, harren broer Joazef, dy’t hja earder ferkocht hawwe? Sil hy harren samar, sûnder wrok, troch de hongersneed hinne helpe? Hoe is dat mooglik en wat sil harren heit dêr wol net fan sizze? De foargonger sil de gemeente meinimme yn dit ferhaal en syn ljocht der oer skine litte. De tsjerke is iepen fan 10.30 oere ôf, der is dan tiid foar kofje/tee en in praatsje.