Nieuwe TV en rollator voor honderdjarige Wijtske Veenstra

URETERP - Wijtske Veenstra-Pietersma viert vandaag in De Lijte haar honderdste verjaardag. ,,Ik hie't net tocht, sels net doe't ik al 99 wie.''

Tekst en foto's Fokke Wester De familie Veenstra viert vandaag driedubbel feest, want op haar vijfentwintigste verjaardag beviel Wijtske Veenstra van een tweeling. Zoon Jan en dochter Hillie vieren derhalve vandaag hun vijfenzeventigste verjaardag. Is een tweeling vandaag de dag al een hele belevenis, driekwart eeuw geleden was het een wonder dat de beide baby's overleefden. Trije dagen kreund ,,Ik fielde my net goed dy deis. Ik tink: dit is yn'e war, want ik ferwachte de poppe pas yn juny. Doe wienen it der twa. Dat wisten wy hielendal net. Der wie ek net in sikehûs yn'e buert. Ik ha se sels yn'e koeveuze dien, dy lienden wy fan it Griene Krús. Se ha der seis wiken yn lein. Se wienen beide mar twa pûn by de geboarte en se ha trije dagen kreund. Doe't it kreunen stoppe sei dokter: 'stjoer no mar geboartekaartsjes'. Se binne mei kowemolke grutbrocht, babyvoeding bestie doe noch net iens. No sjoch ik it as in wûnder, mar doe stienen jo der net by stil.'' Wijtske Pietersma zelf is in 1914 op een skûtsje geboren. ,,Op De Nijverheid, hy lei doe by de skoalledraai.'' De eerste acht jaar van haar leven voer ze met vader Hille en moeder Baukje van hot naar her om allerhande vracht te halen en te brengen. Het was een zwaar leven, vertelt ze, maar ze ziet er met genoegen op terug. ,,Somtiden moast ik it skip stjoere en ik haw ek wol mei ús mem it skip lutsen. It wie hurd wurkjen, mar it wie in hiel oare wrâld as no. Wy hellen in amer wetter út de Wide Ie, dêr makken wy tee fan en mem sea it iten der yn. Doe koest noch oan de boaiem ta sjen.'' In de kost Toen Wijtske acht was, moest ze naar school. Dat betekende dat ze in de kost moest. Zover liet haar vader het echter niet komen. Hij verkocht het schip aan zijn broer en kocht een stuk land en een boerderijtje aan de Zuiderhogeweg in Drachten, ongeveer waar nu Maartenswouden is. ,,Mem koe melke, dat skeelde.'' Vier jaar lang liep Wijtske elke dag naar de school aan de Bopper-ein. ,,Op klompen en in trompke mei. Heit wie gek mei my, hy woe net dat ik allinnich yn in kosthûs sitte soe. Doe 't ik tolve waard kaam ik te wurkjen op it gemeentehûs oan it Mûnein, skjinmeitsje. Dat haw ik oant myn trouwen dien. Ik koe goed mei ús heit en mem. Us mem wie sa skjin as de brân. Soms sieten mem en ik yn de skimer yn in hoekje te breidzjen, dan stuts heit in pypke op. Dat wie sa fredich. Heit helle by't winterdei út'e bosk fan Olterterp beamwoartels foar de kachel, dy joegen de hiele jûn waarmte. As ik dêr oan tink, bin ik noch ûnwennich. Ik haw ek in foto fan heit en mem boppe it bêd hingjen. Sy binne beide hiel âld wurden, heit 91 en mem 95.'' Vijfde generatie In 1935 trouwde Wijtske Pietersma met Catrinus Veenstra uit Drachtstercompagnie. Ze woonden eerst drie jaar in Surhuisterveen, waar oudste dochter Baukje werd geboren en verhuisden toen naar een boerderij aan De Feart onder Ureterp. Daar kregen ze eerst de tweeling Jan en Hillie en daarna nog de zonen Tjisse en Wouter. Op dit moment heeft Wijtske Veenstra-Pietersma negen kleinkinderen, van wie een is overleden. ,,En in lytse tritich oerbeppesizzers. Ik ha se lêsten noch teld'', zegt de jarige. Onlangs diende ook de vijfde generatie zich voor het eerst aan. Het leven op de boerderij was druk, maar ook gezellig, herinnert de eeuwelinge zich. ,,Wy wienen altyd thús en de bern hawwe ek altyd meiholpen. Achternei besjoen wie it in protte wurk, mar wol hiel moai.'' Toen de jongste zoon de boerderij overnam, liet het echtpaar een woning bouwen aan de Mounestrjitte in Ureterp. Dertig jaar geleden overleed haar man aan kanker, 75 jaar oud. ,,Ik ha tritich jier allinnich west, mar ik koe my rêde, want ik koe autoride. It rybewiis haw ik helle doe't ik al njoggenenfjirtich wie. Earst learde myn man it en doe de bern. Ik tocht: no moat ik ek. Ik ha der trije kear foar west, doe hie ik it. Ik ha fjirtich jier riden, oant tsien jier lyn. Ik ried in protte mei oare froulju, dy't gjin auto hienen.'' Gjin sâlt en gjin fet Vijf jaar geleden verhuisde ze voor het laatst, nu naar verzorgingstehuis De Lijte.  Het woont er best, vindt ze en met haar kamer is ze heel tevreden. ,,Allinnich it iten mei ik net oer, dat is knudde. Der sit gjin sâlt op en gjin fet yn. It is de lêste tiid wat better wurden, mar it is net lekker. Der sit ek totaal gjin help yn. Lekkere jus, dêr kin ik wol in sleef fan op, mei lekkere ierpels fan'e klaai. Mar wat se hjir meitsje, dat liket der net op. Ik ha hiel lang sels iten makke, mar ik ha der net altyd nocht mear oan. En ik hoech ek mar in bytsje mear.'' ,,Ik haw in moai libben hân en in soad meimakke'', zegt Wijtske Veenstra. Ook nu neemt ze alles nog scherp in zich op. Ze leest de krant en kijkt vaak tv. Ook de politiek volgt ze nog op de voet. ,,Raar hoe gemien as guon minsken soms wurde. En de mannen mei de wite boardsjes geane der altyd mei de bút fan troch. Ik doch oan alles mei, oars is it my fierstente dea. Ik bin net doof en neidat ik fjouwer jier lyn yn beide eagen holpen bin oan staar, lês ik wer alles sûnder bril. Ik ruilje mei de buorfrou de krante, mar dan sjoch ik foaral nei de rou-adfertinsjes. Der binne net safolle mear dy't ik noch ken, fan de âlde buorlju en kunde is der sa stadichoan al hast net ien mear oer.'' Nije rollator ,,Ik fyn it noch steeds leuk om te hantwurkjen. Ik breidzje no tekkens foar Roemenië, fan allegear lytse lapkes. En ek sokken breidzje ik noch wol. Allinnich it rinnen giet folle minder. Ik sit de hiele dei op myn keamer en kom der mar amper mear út. Ik ha lêsten wol noch in nije rollator kocht, dat haw ik hielendal allinnich dien. Ik hie net genôch jild yn'e beurs, mar hy wie yn de oanbieding. Twa dagen letter haw ik de skuld ôfbetelle. Mar wat haw ik net allegear meimakke. De komst fan elektrysk ljocht, de oarloch, doe stielen se ús in baarch út'e kelder.'' Dat ze honderd zou worden, daar heeft ze nooit op gerekend. ,,Ik hie net tocht dat ik it belibje soe, sels net doe't ik al njoggenennjoggentich wie. It moat noch, sei ik hieltyd, ik kin sa falle. Justerjûn bin ik ek noch fallen, ik haw it de bern mar net iens ferteld. Ik ha wol wat lêst fan't skouder, mar dat jout neat. Mar hûndert wurde is wol moai. Ik hie it noch net earder meimakke, mar it falt my net ôf. Ik fyn it wol gesellich. Ik leau yn God, dêr praat ik alle dagen mei. Dy skuort my der ek troch. Ik bin sa ryk, ek al haw ik net in protte jild. Ik ha in protte steun oan it leauwen. Ik wit dat ik it sels net yn hannen haw. As ik hjirwei moat, is it my goed. Sa lang't ik bliuwe mei ek.''