Rjucht en Sljucht De Tynje spilet 'TWA'

Tijnje -  Toanielferiening Rjucht en Sljucht spilet op freed 14 en sneon 15 maart 2014 de jûns om 20.00 oere yn kafee ‘Overwijk’ it stik 'TWA'.

It stik is in komeedzje fan Jim Cartwright en is yn it Frysk oerset troch Romke Toering. It stik ‘TWA’ spilet yn in doarpskafee earne op it Fryske plattelân. Ornaris is it in rêstich kafee mei gemiddeld sa'n seis, sân klanten. Drokte is der mei de jierlikse toanieljûn en fansels mei de merkedagen. Freed- en sneontejûn wurdt der oanstutsen troch de jongerein, dy't nei tsienen syn heil fierderop siket. Mar der binne ek jûnen dat de doar om healwei tsienen op slot giet. It is dizze jûn lykwols ûnferwachts tige drok yn it kafee fan Klaas en Jantsje. Neist de fêste klanten lykas ome Kees en de dikke twilling, it Dútse wiif mei har man en beppe Jet, is der yn de seal njonken de bar in feestje geande. It rint Klaas en Jantsje suver oer de fûst. En se lykje dochs al net sa op elkoar ynspile. TWA is in hilaryske mar ek in ûntroerende foarstelling fol ôfwikseling. Om te laitsjen en in bytsje te skriemen. De rezjy is yn hannen fan Wiesje Jansma-de Vries út Snits. Kaarten kinne tillefoanysk besteld wurde by Klara Dam 0513 571320 (tusken 17.00 – 18.00 oere). Of oer de mail: info@rjuchtensljucht.nl (net ferjitte jo namme yn de mail te setten). Kaarten binne fierders op freed en sneon te krijen oan de kassa.