Op Nij Foriene spilet 'De Wenarke' yn Oerterp

Ureterp - Op Nij Foriene Oerterp spilet dit jier 'De Wenarke', in komeedzje in twa bedriuwen skreun troch Haye van der Heyden. De utfierings binne op freed 7 en sneon 8 febrewaris. 

In it koart: de haadpersoanen yn dizze komeedzje sitte al jierren yn in houlikskrisis. Se geane by elkoar wei. Hy hellet in breidsje út Tailân, sy wol him jaloersk meitsje mei in man út de sportskoalle. mar sa maklik komme se net fan harren eksen ôf. In komeedzje oer leafde, grutskens en oerjefte.Wiesje van der Wijk ut Aldeberkeap docht mei as gastspylster en spylet Petcharin de Taiske breit. De utfierings beginne om 20.00 oere yn MFC ‘De Wier” yn Oerterp. Op tongersdei 6 febrewaris om 14.00 oere is de generale, ek tagonklik foar publyk.