Nut en Genoegen spilet 'Famylje Postma oan de Costa' in Langsweagen

LANGSWEAGEN - Op sneon 8, snein 9 en sneon 15 febrewaris spilet tonielselskip Nut en Genoegen de komeedzje 'Famylje Postma oan de Costa' yn it doapshûs 't Paradyske yn Langsweagen.

It is it ferhaal fan in Fryske famylje, dy foar it 20e jier op rige deselde Spaanske Costa besiket en foar de 20e kear yn itselde hotel bivakkearret. It gesin wurdt foarme troch in lompe en altiid better wittende heit, dy allinne komt fanwege it naakt-strân yn de buert, syn frou, har lijen mei geduld dragend, en har dochter, dy al in tal jierren stikem in ferhâlding hat mei de hoteleigner. Boppedat hawwe hja dizze kear ek pake meinommen. In oare famylje, die yn dizze dagen ek op dizze lokaasje ferbliuwe, is fan it soad exclusievere aard. Sy bestiet út in kakmadam, har sul fan in man en har soan, fan it typ seft kôke aai. Dat moat botse en de gekke situaasjes binne dan ek net fan de loft. Kaarten foar ien fan de útfieringenop bin te reservearje by Bareld fan der Meer: bareld@langezwaag.com of 06-43223945.