De flok fan it ‘Goddeleas' Tolhek

HEMRIK - Henk F. Hansma uit Hemrik speurt graag in oude archieven. Zo nu en dan komt hij bijzondere, verdrietige of spannende verhalen tegen. Deze week het verhaal over het tolhuisje aan de weg van Beetsterzwaag naar Gorredijk; in de volksmond genaamd ‘It Goddeleas Tolhek'.

Beetstersweach begjin 19 ‘e ieu. It wie in kâlde hjerstjûn doe yn it âlde kafee Boschlust yn Beetstersweach noch mar in pear lette klanten oan de stamtafel sieten. Dit Boschlust is net it restaurant dat no oan de rjochterkant stiet, mar oan de lofterkant. De wei nei De Gordyk gie doe neist it grutte kafee lâns nei efteren en de neie dyk wie der doe noch net. Ek net it protte ferkear dat no troch it doarp hinne ‘toutert', it wie doe ien fan de rêstichste doarpen en strjitten yn de omkriten. Wa soe er op dizze lette jûn noch in ein fuort moatte nei in oar doarp ta? Tsjin slútingstiid kaam in ûnbekende, noartlik útsjende keardel deryn. It wie net ien dy't je fuort en dalik fol betrouwen útnoegje soenen om mei nei hûs te nimmen foar in kopke tee of sa. Mar ja, alles wat liket is net altyd wier. Soe dit opgean foar dizze man? Hy bestelde in glês bier en dat krige er. Folle hie er net te melden en gie yn ‘e hoek sitten sadat hy it hiele laach oersjen koe en it each op ‘e doar hâlde koe. Net lang dêrnei kaam in heareftich persoan deryn, goed klaaid mei in tas oan in learen riem oer de skouders. Oan ien fan syn fingers hie er in swier gouden ring sitten dat de oanwêzigen hienen wol yn de gaten dat dy man net ien fan de earmsten wie. Hy liet dat ek wol blike troch te lûd te ferkundigjen oan de waard dat er foar in solide firma de trije provinsjes troch reizge. Sa't in goede kafeehâlder foeget hearde dy dat praat oan en knikte belangstellend. Ja, je moatte wol dwaan foar de fertsjinst. De measte kafeehâlders heare heel wat libbensleed en geswets oan. Ek fertelde hy dat er dizze jûn fan plan wie noch nei de Gordyk te rinnen om der yn de Koornbeurs te oernachtsjen. “Dat is wol in lyts oardel oere rinnen,” sei de kastlein, “jo komme der dan wol wat let oan sa yn ‘e nacht.” De swijsume man hie it hele gesprek oanheard en efkes letter betelle hy syn fertarring, stapte op en mei in koarte hast ûnfersteanbere “goejûn” gie er nei bûten. Bûten kommen gie er de strjitwei nei de Gordyk op. Doe't er ticht by De Walle kommen wie, gie er mei in ear tsjin de grûn oan lizzen om te hearen of de keapman der al oan kaam. Hy hie dit blykber al faker dien want oars komme je net op sa'n idee. It wie tige stil en iensum op de wei. Syn eigen fuortstappen wienen net te hearen om't er yn de barm lâns ron. Ticht by Siberië (in plak tusken it Keningsdjip en it Tolhûs yn) harke er opnij mei it ear op de dyk, mar hearde noch neat. Doe de Sweachster klok tolve oere sloech waard de keapman ûnder goede winsken (hy hie wol wat fertard) troch de waard útlitten. De man sette útein de stille en lange wei nei de Gordyk ta. Hy hie syn tiid wol wat ferpraat yn it gesellich kafee want wa wol no yn de neare nacht sa'n ein rinne as it net hoecht? It wie in dûnkere nacht en oan wjersiden wie heech opgeand bosk. De swerver, sa meie wy him wol neame, wie oer it Keningsdjip kommen by in herberchje neist it Tolhûs. Hy bleau efkes stean, mar net lang, doe seach er in dikke bûk wer hy efter krûp en dêrwei hie er in frij geunstich útsicht op in ljochtplak fan in flikkerjend raapoalje lampke yn it tolhekslantearne. It duorre tige lang foar hy de fuortstappen fan de keapman hearde. Op it lêst, ja dêr hearde er wat. De doffe klank fan fuotstappen op de brêge oer it Keningsdjip. It klonk hol yn de neare nacht. It kaam tichteby en tichteby doe seach er him kommen. Syn fûst krampet him om de boksbûgel dy't er yn de bûse hie en mei ien sprong kaam er efter de mânske bûk wei. De keapman skrok mar koe gjin wurd útbringe. Mei in doffe klap sloech in fûst tsjin holle oan, flak neist syn eagen en op ‘e sliep. Mei ien sucht sakke de keapman yn elkoar en wie fuort wei. It bloed sipele út de wûne en dripte op de stienen fan de wei. Mei-iens sleepte de deader it lichem nei de kante en goaide him yn de wâl. Sûnder ek mar nei him te sjen lege er de tas en alles wat fan syn gading wie pakte er der út, skuorde de gouden ring fan de ringfinger en sette doe ôf en waard wei yn de nacht. De man sil wol net pakt wêze, dêrfan is nea wat fan fernommen. Mar nei dizze moard by it tolhek skynt er in flok op de omjouwing te lizzen. De namme seit genôch: It goddeleas Tolhek, want wat is er letter dan bard? - It tramûngefal by Beetstersweach 9 septimber 1897 (De Woudklank 24.06.2010) - It skriklyk ein fan in pear âlde minsken 18 february 1898 (De Woudklank 03.03.2011) - It tramûngefal by Beetstersweach 28 february 1907 (De Woudklank 24.06.2010) - En der is noch in selsmoard west ticht by it Tolhikke fan in ‘Van der Berg' De âlde wei sa fol fan mysterie is er wol, mar ek net mear. De bocht yn dizze wei, wêr't alles bard is, is der út helle en ferfongen troch in rjocht stik wei. Ek Beetstersweach is net geef út de tiid kaam, der is krekt as yn Drachten te folle fernielt foar de ekonomy. It is net sa kaam, sa in dichter út fiere tiden sei: “Oer hûndert jier (de tiid dy fljocht as men it libbenspaad oersjocht!) Wurdt bloei en groei en tier hjir fûn. De heide, dy't no rinteleas leit, wurdt lân, of, as de tiid sa seit, licht ek wol bosk, sa fris, sa sûn! Dan sil De Sweach in lusthof lykje, Dêr't siken komme en sûnens sykje, As yn ‘t Oranjewâld gjin blom mear bloeit En Gaastlân ‘t lêste beamke snoeit.” Mei tank oan Sytse fan Sawnwâlden