Honderdjarige Janke van Zwol-Boerstra haalt nog zelf haar boodschappen

URETERP - Janke van Zwol-Boerstra viert vandaag haar honderdste verjaardag. Wethouder Rob Jonkman brengt haar vanochtend een bezoek om namens de gemeente Opsterland de gelukwensen over te brengen.

Tekst & foto's Fokke Wester Janke van Zwol-Boerstra woont sinds twee jaar in verzorgingstehuis De Lijte in Ureterp. Tot die tijd woonde ze nog zelfstandig in Terwispel. ,,Mar der wie tefolle soarch noadich, it koe net langer sa.'' Tijdens het gesprek, een dag voor haar verjaardag, helpt kapster Gea de eeuwelinge aan een nieuw permanentje. ,,Ik moat der dochs in bytsje knap opstean, no? It is in foarrjocht dat ik sa âld wurde mei en dat ik it ek sels belibje mei.'' De Wereld Draait Door ,,Fansels wurde jo minder. Ik lês de krante mei in loep, mar der is safolle ôflieding, dêr kom ik net iens altyd oan ta. Ik haw it op myn âlde dei noch drokker as oars.  Ik sjoch alle jûnen De Wereld Draait Door, dan bliuwst moai op'e hichte. Jawis, ik kin it noch bêst neikomme, al praat dy jonge my wolris wat te lûd en te fluch. Mar it is wol interessant en jo moatte dochs wat bybliuwe. Yn ien ear haw ik in gehoarapparaat en rinne doch ik mei de rollator. Ik bin fansels wol minder as dat ik west ha, mar fierder mei ik net kleie. Ik kom der noch geregeld út om eefkes in boadskip te dwaan hjir yn't doarp.'' Dat Janke Boerstra de honderd zou halen, dat hadden ze 87 jaar geleden niet gedacht. Als meisje van een jaar of twaalf leed ze namelijk aan pleuritis, een ontsteking aan het longvlies. ,,En ik hie ek in ûntsteking oan de hertkleppen. Se tochten dat ik it net rêde soe.'' Café De Veehandel Janke Boerstra is geboren in Kortezwaag, maar groeide op in Jubbega. Haar vader en moeder zaten beiden in de veehandel. Haar vader kocht en verkocht vee bij boeren en op markten, terwijl haar moeder een café dreef met die naam, Café De Veehandel. Janke was de oudste in het gezin. Na haar kwam er nog een tweeling, een zusje en een broertje. Toen ze van school ging vroeg meester wat ze later ging doen. ,,Moeder helpen', sei ik. Oant myn trouwen haw ik thús yn de húshâlding holpen. Ik ha wol kursussen dien, by it Buerthûs fan Jubbegea. Dat wie doe nij, dêr hie minister Kan foar soarge, om famkes yn achterstânsgebieten te helpen. Der wienen naaikursussen, mar ek wol lêzingen. It wie in soart húshâldskoalle. Elk gie der hinne en it wie ek wol gesellich.'' Op haar vierentwintigste trouwde ze met Tjeerd van Zwol en ging ze met hem op een boerderij in Terwispel wonen. ,,Wy ha seis jier ferkearing hân. Hy hat seis jier om my fytse moatten, doe kaam dy pleats frij. Wy hienen fiifentwintich kij, foar dy tiid wie dat wol aardich grut. Ik fûn neat oan it boerewurk. Freeslik! Ik siet in kear in ko te melken, doe gie de ko neist my stean en rekke de amer molke oer de weareld. Hâld mar op, sei Tjeerd, hoechst it net wer te dwaan. Doe wie ik mei eare frij.'' Beter zo dan andersom, concludeert kapster Gea. ,,Datst it wurk wol leuk fynst, mar de boer net.'' Gelders dialect De jarige is nog helder, vertelt de kapster. ,,Sa krekt wienen wy yn de badkeamer, doe hearde se de dokes bûten. En se hat noch in ferske foar my song, mei in hiel soad koepletten.'' Het was een liedje in Gelders dialect, vertelt Janke van Zwol. En zonder haperen zingt ze het opnieuw, vier heel lange coupletten. ,,Ik haw froeger wol optreden, by de plattelânsfrouwen en by feesten. Foardrage, sjonge, toanielspylje. Ik kin goed ûnthâlde, dan is it maklik. Miskien hie ik tsjintwurdich mear kâns krigen om my te ûntwikkeljen, mar it wie doe in hiel oare tiid.'' ,,Yn'e oarloch ha wy ek ûnderdûkers hân, trije. Ien dêrfan wie sa'n jonkje út Amsterdam, mei hiele wite hantsjes. Hy moast ek boerewurk dwaan. Ja jong, sei Tjeerd, sa giet dat op'e buorkerij. Letter kaam dy jonge op de grutte feart. Ut alle havens wei stjoerde er ús in kaart.'' Het echtpaar kreeg drie kinderen, twee jongens en een meisje. Een zoon en een dochter zijn al jong overleden, beiden net in de zestig. De derde zit in Drachten in Bertilla, hij lijdt aan schizofrenie. ,,Hy koe hiel goed leare en studearde skeikunde. Doe krige er waanideeën. Dat sit yn de famylje, fan myn man syn kante. Dan sille se de wrâld rêde. Hy is hiel goed fan aard, in bêste jonge. Hy bellet my ek alle jûnen om te fernimmen hoe't it giet.'' Net gelovich Twaalf jaar geleden overleed haar man, aan een nierkwaal. ,,Ik ha hiel wat meimakke, moaie dingen en minder moaie dingen. It libben is net altyd leuk, de iene makket dit mei, de oare dat. It ferliezen fan in bern is hiel slim, dêr haw ik hast oerspand fan west. Mar ja, jo kinne sitten gean te gûlen, mar dêr komme jo ek net fierder mei. Ik bin net gelovich, by ús yn Jobbegea gie froeger net ien nei tsjerke. Ik haw al katechisaasje hân op skoalle en ik gean hjir ek wolris nei byienkomsten. Jo stekke oeral wat fan op, mar wy witte allegear wol hoe't it heart en wat wol en net kin. 'Wat gij niet wilt dat u geschiedt, doe dat ook een ander niet', sei ús heit altyd al. En 'Doch dyn plicht en lit de lju mar rabje'. Sprekwurden, dêr sit faak in hoop wiers yn. Weest tevreden met uw deel, de ene weinig, de ander veel'. Dat sei ús heit ek altyd.'' Het leven in Ureterp bevalt haar prima. Ze heeft alle zorg bij de hand en het eten smaakt haar nog altijd redelijk. Een kleindochter zorgt dat ze genoeg geld om handen heeft en zo nu en dan haalt ze zelf haar boodschappen in de plaatselijke supermarkt. ,,Sa lang as it kin, moatst soks dwaan. It binne allegear âlde minsken, moatst dy der ek wat tusken jaan. Ik wie al hiel jong griis, mei tritich al. Ik ferve it earst, mar dat foldie net. Doe't myn man en ik nei Kanada gienen, omdat syn broer stoarn wie, bin ik ophâlden fan fervjen. Wy ha wol mear reizen makke, nei Noarwegen en yn in bus nei Frankryk. Wy hearden hieltyd al in raar lûd en doe't wy krekt wer yn Fryslân wienen, fleach it ûnderstel der achter ûnderwei. As dat yn de bergen yn Frankryk bard wie, hienen wy allegear wol dea wêze kinnen.'' Voor het feest vandaag zijn veel mensen uitgenodigd. Janke van Zwol-Boerstra heeft vijf kleinkinderen en een stuk of wat achterkleinkinderen. ,,Ik kin se allegear wol, mar om se te tellen, dêr haw ik soms wol oan. Se hawwe oeral berjocht hinne dien. Se hoege der om my net sa'n drokte fan te meitsje, mar ja, net elkenien makket soks mei.''