Buro Douwe Kalma yn Skriuwersarke

de wilgen - It eardere skriuwburo fan Douwe Kalma is pleatst yn de Skriuwersarke. It Fryske Gea hat it buro fergees yn brûklien krigen foar pleatsing yn de arke.

De Skriuwersarke – earder yn besit fan skriuwer Rink van der Velde, mar nei dy syn dea yn 2001 oergien nei It Fryske Gea – leit yn in petgat tusken De Wylgen en De Feanhoop. Op útnoeging fan de Stichting FLMD hâlde dêr in pear kear it jier skriuwers ta om oan har oeuvre te wurkjen. Fan ’t simmer waard de Skriuwersarke bewenne troch André Looijenga fan Grins; yn ’e neisimmer sille Piter van der Woude en Meindert Reitsma noch tahâlde op de arke. Koart nei Kalma syn dea, yn 1953, is it buro út it boelguod opkochttroch de jurist en âldfrisist Meinte Oosterhout (1920-1970). Dy syn widdo hat it 2014 oerdien oan Anne Tjerk Popkema, dy’t it buro no yn brûklien oan it Fryske Gea skonken hat. It buro wie slim fertutearze rekke, mar is, mei stipe fan de Douwe Kalma Stifting, opknapt troch restaurateur Johan Boersma fan Easterwierrum. Op de foto it buro fan Douwe Kalma yn de Skriuwersarke.