Fjouwer generaasjes De Bos út Opsterlân

Opsterland-Ooststellingwerf - ÂN ,,Ferneamd nei harren pakes; fjouwer generaasjes De Bos. Wat in rykdom; dizze fjouwer mannen út Opsterlân op ien foto!", stjoert famylje De Bos by dizze foto. 

Op 19 juni 2014 is Jenne Wieger berne. Hy is ferneamd nei syn beide pakes en hat Wieger as ropnamme krigen. Mei de berte fan Wieger is Tamme de Bos (30 jier) foar it earst heit wurden.

Tamme syn heit Wieger de Bos (59 jier) is foar it earst pake wurden.

En Wieger syn heit Tamme de Bos (86 jier) is foar it earst oerpake wurden.

Alle fjouwer mannen binne ferneamd nei harren pakes; in bysûndere tradysje dy’t al mear as seis generaasjes werom giet.