Oer de brêge | Bonne van den Bos: ‘De tiid giet sa snel, dêr fyn’k neat oan’

Redacteur Fokke Wester ontmoette deze week op de Hoofdbrug van Gorredijk Bonne van den Bos (66).

66, dan binne jo der al út?

Ik bin der al út, ja, al seis jier. Want se woenen my graach kwyt, dus ik sei: Doei! Ik ha gebrûk makke fan in regeling, want ik wurke by PTT Post, Post NL, minsken fan 59, 60 en 61 koenen noch in pear bûssinten meikrije om de útkearing oan te fullen en dan koest der út. No, de iene nei de oare makke dêr gebrûk fan.

Jo seagen al jo kollega’s fuortgean en doe tochten jo: dat wol ik ek.

Dat like my ek wol wat. Want ik siet ek mei slitaazjeklachten, oan’e knibbels. Ja, ik moast noch seis, sân jier en ik tocht, nôh, dat kin noch wolris in probleem wurde. Ik tink dat it dat ek wurden wie, want ik ha no ynmiddels al in jier in nije knibbel. En de oare moat eins ek noch.

En hoe hat dat foldien?

De operaasje is goed slagge, mar de fysio-therapeut yn’t sikehûs dy hat myn knibbel in bytsje ferknald.

Wat dan?

No, dy hat der sa mei bezich west. Sjoch as jo opereard wurde op moandei, dan

moatte jo tiisdei eefkes nei de wc rinne, jo moatte eefkes in trapke in pear treetsjes op. No, en doe hat de masseur der mei oan’e gong west, hjir in hân en dêr in hân. En doe sei ik ho, want ik koe him, want mei myn hartfalen hat er my ek revalidaasje jûn. Dus ik pakte him by de earm, ik sei: je doet me ontzettend pijn, zou je alsjeblieft willen ophouden. Mar hy sei: effe doorbijten, in bytsje snauwerich, en hy drukte troch. Dat die sa sear, ik luts wyt wei, fernaam ik wol, en ik krige pikefel oer’t hiele lichem.

Dat is echt pine.

Ja. Mar doe waard ik de

woansdeitemoarns wekker, en fan de lys oant de ankels, in foet as in beamstam. Sa dik. Dus, trije ferpleechsters der by, yn de swachtels en de steunkousen oan, en doe mocht ik twa dagen letter wol nei hûs, mar ja, ik koe niks mei dy foet.

Jo hienen dêrfoar bot lêst fan de knibbel?

Ja, it siet bot op bot, iedere stap die sear. En op in gegeven momint dan moatte jo wat.

Faak hearre jo jubelferhalen fan nije knibbels: pine fuort en rinne as in ljip. Mar dat wie by jo dus net sa.

Nee. No, rinnen giet, mar ik moat mei de hakken fytse. Want sa fier wol er net bûge. Dy knibbel is stiif en dat fyn ik jammer. Ik hie net ferwachte dat ik alles wer koe, mar eh...

Ha jo him ek oanspraaklik steld? Yn Amearika hienen jo no miljonair west.

Ja, no yn septimber haw ik noch wer nei de sjirurch west en dy hat goed wurk levere. Dat sjocht der allegear keurich út. Dat siz ik, dy fysio-therapeut hat alles ferknoeid. En de earste fjirttjin dagen nei de operaasje dy binne júst krekt sa belangryk om it spul in bytsje soepel te krijen.

Ha jo it der letter ek noch oer hân mei de fysio?

Nee, nee.

Want jo nimme it him wol kwalik, begryp ik.

Ik nim it him kwalik, ja. No sjoch, jo jouwe in grins oan, hin? Jo sizze: wolle jo asjeblyft ophâlde. En ja, dêr is gjin gehoar oan jûn. En no sit ik yn wêzen mei de gebakken pearen.

Ik hoech him net te ferdedigjen, hear, mar fysiotherapeuten moatte ek faak krekt eefkes trochstrekke, dat is wol harren manier fan wurkjen altyd.

Ja, mar dizze foet dy hat tritich jier noait echt rjocht lizze kind. Ik koe altyd, as ik de foet rjocht hie, de pols der sa ûnder skowe. En dat is froeger kaam mei’t fuotbaljen. Ha’k in ûngelokje mei hân.

Echt ûnderút skopt, of...

Underútskopt, mei’t be-

driuwsfuotbal. Mar ja, yn ieder gefal, it is gebeurd, en no kinne jo miskien wol begjinne mei prosedueres, mar dat is eins myn bedoeling net, dêr ha’k hielendal gjin sin oan, eins.

En no moat dy oare knibbel noch, sjogge jo dêr ek bot tsjinop?

Ja, dat stel ik sa lang mooglik út. Dat moat al echt net oars kinne. Mar ja, goed, dat witte jo net.

Jo wienen altyd postrinner, of...

Ja, ik ha seis jier by de bakkerij wurke hjirre, by Verloop, hie’k alle diploma’s foar, en doe haw ik 43 jier by de post west.

Hoe wurdt in bakker ynienen postrinner?

Se hienen minsken noadich.

En jo hienen gjin sin mear om moarns sa betiid fan bêd ôf?

No, dat moast by de post ek. Mar myn buorman wie by de post en dy wie middeis moai op tiid thús. Ik kaam om seis oere thús, dan hie hy middeis it gers al meand. Dat moast ik jûns nei’t iten noch. Ik tink: dat liket my ek wol wat. Doe wienen wy noch ambtenaar, hin? yn 76.

En dan ha jo de rest fan jo libben sekerheid.

Ja, no ja, dan hienen jo in fêste baan. Mar ja, dat is allegear feroare. Dat hiele moaie postbedriuw, dêr is hielendal niks fan oerbleaun. Want dêr wie’k altyd wol trots op. It wie in hiel moai bedriuw.

Mar dan ha jo de knibbels dus wol goed brûkt.

Ja, ja, ja, oant seis jier lyn. Doe bin’k ophâlden.

En dat hartfalen dat jo krekt neamden, wannear wie dat?

Trije jier lyn. Dus ik rin net in hiel ein, want ik bin samar wurch.

Wat is hartfalen presiis? Dan hâldt it eefkes op? Of...

No, ik ha in ûntsettende pine op it boarst hân. Enne, dokter belle...

Binne jo dan ek fuort bang dat jo dea geane?

Ach, dat wit je net. Dat hie’k al earder hast west.

Ja?

Yn 99, ik wie ien fan de slachtoffers fan de legionellabesmetting yn Bovenkarspel.

Oh, fan dy Floriade. Troch sa’n fontein of sa, wetterdrippen.

Ja, dêr bin ik ek siik fan wurden.

Bot?

Jaha, ik bin op freedtejûn nei’t sikehûs rekke en doe seinen se: saterdei wie’t net mear noadich west.

Echt op it nipperke.

Ja, dus ik ha mei oardel foet yn it grêf stien. Doe haw ik njoggen moanne hielendal neat kinnen en doe bin ik sa stadichoan wer in bytsje begûn. Ik moast eins binnen it jier wer folledig oan’t wurk wêze...

Want oars dan komme jo yn de mûne fan ôfkeure...

Ja, no ôfkeure dienen se net sa gau, mar dan sochten se oar wurk. en dat woe’k eins net.

Mar dan binne jo hielendal waardeloas? As jo legionella ha?

Ikke wol.

Slop en siik en mislik.

It docht tinken oan gryp, allinnich, ik hie hege koarts, mear as 41, en ik hie in gefoel as... Froeger hienen astronauten sa’n glêzen helm op, of wat dat mar is. No, dat gefoel hie ik ek, sa gloeide dat. Dan gong ik op’e trap yn’e kelder sitten, want dan wie’t in bytsje koel. No en doe waard dat op freedtejûn bekend makke, op telefyzje, journaal, en doe sei myn skoanmem: Jim ha dêr ek west, hasto dat ek?

Jo hienen gjin idee wêr’t dat weikaam.

Nee, dat begjint ûngefear nei in wike.

En jo skoanmem dy sei: dit liket der op.

Jaha, want dy seach dat op’e telefyzje. No, doe ha wy de dokter belle, wy hienen in plaatsferfanger, dat sille jo dan ek noch krekt treffe, mar dy man ha wy it útlein en hy sei: wy nimme gjin risiko, direkst nei’t sikehûs yn Hearrenfean. En doe seinen se dêr dus fan saterdei hie’t net mear noadich west. Dus, eh...

Dat is wol hiel krap.

Ja, ja, ja, mar dat gefoel hie’k sels net, hear. Mar ik wie dus wol dea- en deasiik.

En dat hat noch moannen duorre, soks knapt net yn ien kear wer op.

Nee, ik wie hartstikke wurch. As ik de fiters fan’e skuon fêst hie, dan wie’k bek ôf. En ja, dan kinne jo niks. Dêr ha’k it wol eefkes moeilik mei hân, de earste moannen, want jo witte net hoe’t it komt, der is gjin fergelikingsmateriaal, en ja, der wienen dik tritich minsken oan overleden. De stichting Veteranenziekte is doe oprjochte troch in sjoernalist, dy syn heit wie ek by de slachtoffers. En dat siet allegear yn Noord-Hollân, want dy West-Friese Flora dy wie yn Bovenkarspel.

Jo wienen dêr gewoan te blomkes sjen.

Ja, der wie in blommeten-toanstelling, no? En dat wie ek moai, hartstikke moai.

Mar ien sa’n lullige fontein en dan...

Ja. En achternei hie dat ek net hoecht, want dy man dy’t dat bubbelbad dêr hie, dy wie warskôge om it mei chloar te behanneljen. No, dat hat er dus net dien. En ja, ik wie in bytsje ferkâlden, en tafallich, jo moasten dêr del, en ik ha der ek noch boppe stien te snuven, ik tink dat rûkt ek net sa fris...

Hahaha...

En dan krije jo dat spul binnen.

It is in rotsykte.

Ja. En as soks wer spilet, dan krij ik ûnderweis ek wer reaksjes, fan hoe is’t mei dyn salmonella, en dat soarte dingen. Mar der wurdt wolris in bytsje licht oer tocht.

Wat te lakonyk.

Bytsje lakonyk. En no is it gelokkich feroare, der is in bettere kontrôle en der binne nije testen, dus se kinne it yn’t sikehûs ek folle better fêststelle. Mar sjoch, minsken dy’t in kruser ha, in boat, it kin ek sitte yn it wettereservoir, wat in setsje net brûkt wurdt. As dat waarm wurdt. Of yn in caravan, in jerrycan, it kin sels yn in túnslange, dy’t oan de skutting hinget. Dêr kin it ek yn sitte.

Ja? En sa gau as jo dan be-gjinne te sproeien, dan...

Ja, it moat eins nevel wêze. Want besmet wetter kinne jo wol drinke. Dat hindert niks. Mar it is júst de nevel dy’t jo dan binnen krije en dy’t yn de longen...

It wurdt wol in bytsje in medyske rubryk, dizze wike, mardat hartfalen, wat hâldt dat dan presiis yn?

Eh, dat kinne jo krije troch ûnder oaren hege bloeddruk. No, ik haw dik fjirtich jier rookt, dus ik hie lêst fan hege bloeddruk, dat is gewoan in feit. Ik krige in almachtige pine op it boarst, en ja, nei’t sikehûs, nei Ljouwert, en dan komst yn sa’n mûne, allegear ûndersiken.

Hartfilmkes, fytse...

Oh, jo kinne it sa raar net betinke. En doe sei dy kardiolooch, ik ha goed nijs en ik ha slecht nijs. It goeie nijs is, der sit niks ferstoppe. It is alle-gear hartstikke skjin. No ja, dat wie op sich wol knap. Mar hy sei ek: wêr’t jo de pine weikrigen ha, dat wit ik net.

Dat wie it minne nijs.

Dat wie it minne nijs. En no ja, noch ferskillende ûndersiken, en no hat dat dus oplevere dat de pompfunksje fan de linker hartkeamer, dy is onvoldoende. Dat is dan noch tritich prosint fan de kapasiteit wat it die. No ja, dat hâldt dan yn dat jo gauwer wurch binne.

Is dat dan ek wat se neame in tikkende tijdbom?

No, de folgjende stap soe wêze miskien in pace-maker. Mar dat is wer in stap fierder.

Binne jo no ek bliid as jo sa’n postman fytsen sjogge dat jo de dyk net mear op hoege mei dit waar?

Dêr ha’k noait oer ynsitten. Nee, nee. Want as jo dêr yn sitte, yn sa’n proses, dan dogge jo dat gewoan. Mar ik bin wolris as grut keardel skriemendewei thúskaam. Sa kâld wienen de hannen. Ik tink ik wurd noait wer waarm.

Kjeld kin inderdaad sear dwaan.

Ja. No’t ik yn’e hûs sit fyn’k it yn ferhâlding kâlder. Oars as ik thúskaam dan wie’t my altyd te waarm yn’e hûs. Dan goaide ik de boel út. Mar dat ha’k no net mear.

Jo reitsje wat bedoarn, hin?

Ja jong, jo reitsje bedoarn.

Wêr komme jo oarspronklik wei?

Langsweagen.

En jo binne hjir kaam mei’t trouwen of sa?

Ja, ik wurke hjir by de bakker en ja, wy sieten achter in hierhûs oan. Wy hienen wol plak, yn Jobbegea. Earst in heal jier by myn skoanfolk, no, doe kaam dêr in plakje frij, in hûske dat koenen wy wol hiere, mar ja, wy wurken yn’e Gordyk, myn frou ek, dus dan is’t ek wol maklik as jo hjir wenje. Dus doe binne wy oan de Heerenakker kaam te wenjen, yn de nijbou en wy sitte no op Nijlân, yn in twa ûnder ien kappe, sûnt 2003. En dêrfoar sieten we op de Marktstrjitte.

Jim ha hjir aardich wat adressen hân. Jo binne no in echte Gordykster?

Nee.

Noch noait?

Nee, wurd’k ek net.

Jo binne noch Langsweachster? Of ek al net mear.

No...

Jo binne niks mear, haha.

Dêr fynst ek neat mear. As jo dêr sa lang wei binne. Ik fiel my hjir wol thús, mar ik wurd noait in echte Gordykster.

Wylst wy hjir steane te praten groetet wol elkenien jo.

Jawol, jawol, dat kaam ek troch it wurk, natuerlik. Dat is sa. Mar Gordyk is ek neat mis mei, ik bedoel: fan alles is hjir. It hat wol wat.

Ik fyn’t ek in moai plak.

It hat útstraling. As wy fisite hienen, dan gongen wy in eintsje te rinnen en dan seinen se: wat is’t hjir moai. Hjir by de wâlen en dêr by de Groene Long. En no ja, it winkelbestand is ek reedlik.

Mar ik begryp wol: jo ha der gjin spyt fan dat jo seis jier lyn sein ha ik nim dy regeling oan en ik kap der mei.

Yn safiere, jo komme thús te sitten, terwyl as jo altyd tusken de minsken binne. No, ik lis maklik kontakten en jo komme hjir, jo komme dêr. Jo hearre in hiele protte en jo witte in hiele protte en as jo thús binne dan binne jo it ek wer ferjitten, dêr giet it net om, mar der binne kollega’s dêr ha jo 30, 35 jier mei wurke.

Ha jo no it gefoel dat jo nergens mear by hearre?

Earst wol. En dan gong ik wolris eefkes fuort en no ja, dan sjogge se jo ek oankommen, no?

Ja, jo hoege no net mear nei de post om kofje moarns, want dan sitte dêr ek al allegear minsken dy’t jo net mear kenne.

Nee, mar dat is der ek net mear. Al dy postkantoaren binne sluten. It binne no postbesoargers, dy’t in kontrakt ha foar twaënheal, trije oeren, mar krekt hoe lang’t se wurk ha, en that’s it.

Jo hearre net mear by in groep.

Nee, nee.

Ja, by de groep bejaarden.

Ja. En dat giet sa ûntsettend snel. En dêr fyn’k neat oan. It is noch mar krekt lyn dat’k sechttjin wie en hjir in brommer weihelle. No, no bin’k 66, dat is fyftich jier lyn, hin?

Ja, aaklik, eins.

Ik sei tsjin myn frou: fan’t jier yn oktober, dan ha wy fyftich jier ferkearing. Yn 1969 ha wy ferkearing krigen, 5 oktober, of 4. No aanst 50 jier lyn.