Overtoom voor vierde keer beloond met Keurmerk Veilig Ondernemen

GORREDIJK - Voor de vierde keer sinds 2009 heeft bedrijventerrein Overtoom donderdag het Keurmerk Veilig Ondernemen ontvangen. Wethouder Anko Postma kwam langs om het certificaat te brengen.

Het keurmerk is belangrijk voor het bedrijventerrein, zegt parkmanager Jan Teunissen van de Stichting Bedrijven Gorredijk (Stibego). ,,It betsjut dat wy de saakjes gewoan goed foar mekoar ha. Der is foaral sjoen nei de befeiliging en oft it der allegear knap útsjocht. Dat kin in argumint wêze foar bedriuwen dy’t útbreide wolle of plak sykje foar in fêstiging yn Frysllân om foar De Gordyk te kiezen.’’

Werkgroep

De keurmeester van het KVO heeft het Plan van Aanpak van de Overtoom beoordeeld en heeft in december met een afvaardiging van de ondernemers een ronde over het bedrijventerrein gemaakt. ,,Hij wie hiel tefreden’’, zegt Teunissen. Het plan van aanpak is opgesteld door een speciale werkgoep Keurmerk Veilig Ondernemen (KVO). Daarin wordt samengewerkt door ondernemers van de Stibego, team Oost van de Politie Friesland, de brandweer en de gemeente Opsterland. ,,Wy geane as Wurkgroep twa kear yn’t jier alles bylâns om te sjen oft der noch wat ferbettere wurde kin, ien kear oerdei en ien kear by nacht’’, vertelt Teunissen.

Het keurmerk heeft ook voordelen voor de bestaande bedrijven op de Overtoom. Zo kunnen ze bijvoorbeeld korting krijgen op hun verzekering, omdat het keurmerk aangeeft dat er voldoende aandacht is voor de veiligheid. ,,De kriminaliteitssifers binne hjir aardich geunstiger as op fergelykbere terreinen. Alle nachten wurdt der kontroleard en der binne sels plannen foar kamerabewaking. Wy ha hjir glêsfezel op it hiele terrein, dus wy kinne op elk plak dêr’t wy wolle in kamera ophingje. Goed tasicht en kontrôle kin in protte lijen foarkomme’’, zegt Teuissen. Zelf maakt hij geregeld een rondje over het terrein om te kijken of alles er nog goed bij ligt. Waar nodug neemt hij contact op met de ondernemers.

Ruimte

Er is nog ruimte op De Overtoom en het beleid van de gemeente is er op gericht nieuwe bedrijvigheid zoveel mogelijk naar Gorredijk of Azeven bij Drachten/Ureterp te dirigeren, weet Teunissen. ,,As der wat yn de doarpen komt, dan komt it hjir. Wy ha noch wol rûmte, der lizze noch in pear hektares iepen. Fierder kinne wy noch útbreide oan de râne, de kant fan de A7 út. Nee, ik tink net dat wy oait oan de A7 takomme sille, dy sprong is wat te grut.’’

De Overtoom heeft een mooie mix aan bedrijven, stelt de parkmanager, met als grote trekkers Houtbouw en Van Wijnen. Verder zijn er verschillende autobedrijven, die veel klanten trekken. ,,Wy meie wiis wêze mei sokke bedriuwen, dy jouwe De Gordyk ek in soarte fan status. Wy binne ek in pear bedriuwen kwytrekke, sa as Beenen nei It Hearrenfean en Veenbaas nei Drachten, mar it is wichtich foar De Gorsyk dat dit bedriuweterrein der is. Der is gjin plak mei safolle bedriuwen, yn ferhâlding mei it oantal ynwenners. Dat jout oan dat der in grutte potinsje is. Wy sitte tusken Drachten en It Hearrenfean miskien yn in spanningsfjild, mar dat kin ek ús kracht wêze. It sprekwurd seit net foar niks dat as twa hûnen fechte om in bonke, dat dan faak de tredde der mei fuort giet.’’

Tekst: Fokke Wester