Workshop Dûnsje mei Tomke yn bibleteek Gordyk

Gorredijk - Hast alle pjutten en beukers meie graach bewege op muzyk en dêrom komt Tomke ek dûnsjen yn ‘e bibleteek.

Kom en dûnsje mei, mei Tomke en Danswil! Toffe muzyk en leuke moves foar pjutten, beukers en oare wibelkonten. Willy van Assen fan Danswil jout in dûnsworkshop mei Tomke. De workshop slút oan by it tema en ferhaal fan Tomke út de Fryske Foarleswike, de sintugen (priuwe, fiele, rûke, heare, sjen & dûnsje!).

Sjoch foar mear ynformaasje oer Danswil op de website www.danswil.nl

Nei ôfrin kinne de bern mei grutte Tomke op de foto. Yntree foar dizze workshop is €2,- foar de pjutten. De dûnsworkshop is woansdei 22 maaie om 10.00 oere yn bibleteek fan de Gordyk.

De dûnsworkshop is nei oanlieding fan de Fryske Foarlêswike. It doel fan dizze wike is foar te lêzen oan pjutten (2-4 jier) yn Fryslân om sa it aktyf brûken fan de Fryske taal te befoarderjen en it lêzen en foarlêzen yn de Fryske taal te stimulearjen. Yn dizze wike, fan 3 oant 7 juny, binne de bekende Tomke boekjes ek wer te ferkrijen yn de bibleteek.

Oanmelde foar dizze moarn kin per mail by t.devries@bzof.nl , yn de bibleteek of per tillefoan 0513-461548. Foar de foto sels graach in fototastel meinimme.