Oer de Brêge | Fieneke Schotanus-Talstra: ‘Soms komt it wurk te tichtby’

Redacteur Fokke Wester ontmoette op de hoofdbrug van Gorredijk Fieneke Schotanus-Talstra (46) uit Drachten. Ze is op bezoek bij haar zuster.

Fieneke, wêr komt dat wei?

Fintsje.

Fan Beppe Fintsje?

Ja. Der wienen al twa Finny's, dus doe ha se sein doch mar Fieneke.

Hast ek wurk?

Ja, ik wurkje yn it sikehûs yn Ljouwert, op de nucleaire geneeskunde.

Wat hâldt dat yn? Nucleair dat hat wat mei kernen te meitsjen.

Dat hat mei radio-aktiviteit te meitsjen. Wy meitsje stofkes, of tenminste, wy dogge radio-aktiviteit yn stofkes, en dy spuitsje wy yn. En dat giet dan nei in bepaald lichemsdiel.. en dêr meitsje wy foto's fan.

En giet dat dan samar nei in bepaald lichemsdiel of kinne jim dat stjoere.

Ja, dat kinne wy stjoere. Dat binne allegear ferskillende stofkes foar ferskillende dielen.

Radio-aktive stoffen, is dat ek eng?

No ja, jo ha der in hiel goeie oplieding foar. En wy wurde kontroleard, wy ha allegear in badge op. En jo meie net mear as safolle aktiviteit per jier ûntfange. Minsken ûntfange hjir ek straling, achtergrûnstraling. En wy meie yts mear ûntfange.

Is der ek in bepaald protokol foar, datst dat net te lang dwaan meist?

Nee, dêr is gjin protokol foar. Want ik wurkje der no al bijna 25 jier, dêrfoar ha'k op de röntgen wurke...

Dat is ek mei straling...

Ja, ja. Hast no in hbo-oplieding dêrfoar, fjouwerjierrige hbo-oplieiding. Ik ha noch inservice dien.

Dat is ûnder it wurk.

Ja, wurkje en leare. Do wurdst yn it sikehûs oannaam en dan krijst dus in oplieding yn safolle tiid, hin? In pear dagen yn'e wike moatst dan nei skoalle. Sa learst it fak dus en de theory yn ien kear. En ik ha sawol dat fan de röntgen as fan de nucleaire dien. En dan hast noch byscholing en nascholing.

Dy nucleaire geneeskunde, wat foecht dat ta oan de gewoane geneeskunde?

It is ûndersyk, hin, sjen nei minsken bygelyks dy't boarstkanker ha, of prostaatkanker. Dan sjogge wy oft sy útsaaiingen ha.

Mar wat docht dy nucleaire stof dan?

Dy sykje de dielen op dy't, bygelyks by in botscan, dan sykje se de dielen op dêr't snellere botwurking is. By in útsaaiing yn de botten is de wurking ferstoard. Dêr is folle opbou en folle ôfbraak en dêr giet it júst hinne.

En dy stof siket dat plak sels op?

Ja, dat is in kalkachtige stof. En kalk wurdt opnaam troch de botten. En trochdat dy radio-aktiviteit der oan plakt is, wurdt dat eins opljochte.

En dan kinne jim dat sjen op in skerm.

Ja, ja, presys, no ja, dat is allegear digitaal dan, op de kompjûter. Dat fangt in kamera op en dy stjoert dat byld nei de kompjûter en sa kinne wy dus de botten besjen. Mar hast it ek fan de longen, hast it ek fan de nieren. Wy ha no de petscan, dat is in hiele grutten-ien, dan sjogge se, no ja, oft minsken kanker ha. Dat wurdt in fraachstelling, lêst fan'e longen, hoeste, bloed ophoeste en dan sjogge se, is der longkanker.

En is der dan foar elk plak yn it lichem in apart stofke?

Ja, eins wol.

Dus jim witte: ik moat nei de earmtakke ta, dan sikest it stofke dat nei de earmtakke giet.

No, it giet nei alle botten, mar dan sette wy allinnich de earmtakke op de foto. Dat stofke siket net in bepaald diel op, it giet fia it bloed, it wurdt yn it bloedvat ynspuite. It duorret ek twaëninheal oere foardat it yn de botten sit. Dan meitsje wy in pear oeren letter de foto's.

Knap is dat, sis!

Ja, moai hin? Dat is in moaie ûntwikkeling.

Do wurkest al jierren mei dy radio-aktive stoffen, wurdsto dêr ek op kontroleard?

Wy ha in yngongskontrôle foardatst begjinst, en ast út it wurk weigiest ek.

Dus ast der útgiest en it alarm giet ôf...

Nee hear, dat ha wy net.

Ek net in soart geigerteller dan?

No, dat kin. Asto griemd hast wol. Dan moatst mei de hannen ûnder in soart geigerteller om te sjen wêr't sit it. Oer't algemien kinst it goed ôfwaskje, mar do kinst bygelyks ek bepaalde stoffen ynademje en sa. Ik meitsje no dy stofkes, ik ha froeger de foto's makke, mar dat doch ik eins net mear. No meitsje ik dy stofkes en dan wurkest yn in lafkast...

Yn in...?

Lafkast. Laminair airflow-kast. En dy sûget dus de lucht ôf. En dan sitte wy achter in skerm, dus dan wurde wy wol goed beskerme.

Echt in feilige wurkomjouwing.

Ja. Ik tink dat wy feiliger sitte as piloaten yn in fleantúch en dergelijke, dy krije mear straling as wy.

Ek noait heard dat kollega's siik wurden binne?

Nee. Nee. Dat wie echt fan froeger doe't de röntgenstraling ûntdekt waard, sis mar. En wat ek berucht is, dy minsken dy't froeger de wizers op de klokken ferven.

Dat griene spul dat nachts ljocht jout?

Presys. Dy makken mei de tonge eefkes it puntsje fan de kwaste wiet. No, dy ha allegear tongkanker krigen. Doe waarden minsken noch net kontroleard. Mar wy wurde enoarm kontroleard.

Sa wurken de minsken froeger sûnder euvelmoed ek allegear mei asbest.

Presys, dus úteinliks kinst beter hjir wurkje, want wurdst mear beskerme as de minsken yn de bûtenwrâld, sis mar, mei ferven en dat soart rommel.

No sitsto der al 25 jier yn, fernimst no ek dat der in ûntwikkeling yn sit. Want dy professor yn Grins, dy't de Nobelpriis wûn hat, dy hat it dan oer autokes dy't troch de bloedbanen ride om stoffen teplak te bringen.

Ja, It is ûnfoarstelber. Sjoch, wy ha no al in Pet-CT-kamera,

Petct?

Ja, Pet-ct, dat is nucleaire en rôntgen oan mekoar koppele. Dan hast dus twa technieken by inoar. Dat giet sa ûntsettend snel.

Is dat mei sin sa betocht, of per ûngelok útfûn?

Nee, nee, dat is mei sin sa betocht. Want de nucleaire sjocht hiel snel yts, mar dan is it hiel ûndúdlik wêr't it presys sit. En röntgen is hiel plakbepalend. Dus dan kinst presys sjen hé, dêr sit wat en it is op dát plak.

Moai.

Ja, hiel moai. It giet razendsnel, de techniken wurde allegear, no ja, it wurdt allegear digitaal, it wurdt sneller, it is ûnfoarstelber. Ik ha noch mei in kamera wurke mei ien kamerakop. Dat binne letter twa kamerakoppen wurden.

Dan kinst fan twa kanten fotografeare.

Ja, presys, fan foar en achter tagelyk, kin minsken der by lizze.

En straks 3D.

Ja, hast al 3D. Pet-ct is ek al 3D. En de kompjûter berekkent it allegear, dat giet razendsnel. Dus dat binne hiele moaie techniken.

Do sitst yn in sektor dy't foaral mei kankerpasjinten te krijen hat?

It grutste diel is by ús kanker, mar ek wol oaren, hear.

Geneest elkenien dêrsto mei te meitsjen hast? Of folgesto dat sa fier net.

Nee, dat folgje wy net. Wy sjogge minsken sa koart, in inkelde kear...

Der wurdt in diagnoase steld en dan is it fan jim boardsje ôf.

Ja, dan is it eins al wer fuort. En ik wurkje dan tafallich ek noch mei radium, dat jouwe se mannen mei prostaatkanker, eins yn de lêste fase. Dat is puer om de kwaliteit fan it libben wat te ferbetterjen en in yts langere libbenstiid. Dy minsken komme seis kear by ús, ien kear yn'e moanne, dus dy folgje ik in heal jier. En ja, dan krijst in bettere bân mei sokken. Hin? Dat is gewoan sa.

Mar foar de rest is it eins technyk, wêrsto mei te meitsjen hast, net sasear mei pasjinten.

Ja, ja, ja, en dat ha'k úteinliks ek mei sin dien.

Ja?

Ja, want ik woe froeger net yn de soarch. Haha, soarch wie foar my...

Do woest leaver eefkes wat ôfstân hâlde?

Ja, no ja, ik fyn't hiel moai foar de kontakten mei minsken, júst dat persoanlike, mar ik bin net soarchsoarch, sis mar. Ik bin net fan it minsken waskjen. ik fyn it praten mei de minsken hiel moai, want yn sa'n oerke kinst soms hiel wat hearre. Hiele moaie ferhalen hast soms. Mar ja, do hast ek minsken, datst tinkst fan... Nee.

Lit mar gewurde.

Presys.

Mar it kin ek gebeure datst hiel bot belutsen wurdst by minsken. Datst it dy te bot oanlûkst.

Ja, dat is wier. Dat hast foaral as it dy persoanlik ek gebeurt, hin? Wy ha't koartlyn hân, myn sus dy't hjir dan wennet yn'e Gordyk, wy binne in jier, oardel jier lyn beide âlders ferlern, yn koarte tiid...

Ek oan kanker?

Us heit net, dy hie longemfyseem, en al hiel lang, mar ús mem úteinliks longkanker.

Dan komme wurk en persoanlik libben wol hiel ticht by inoar.

Ja. En dan komme de ferhalen fan minsken ek hiel tichtby, hin? Want dan sjoch'k se yn de wachtkeamer sitten en dan tink ik: oh ja, in tydsje lyn ha wy ek sa sitten.

Presys. Dan komt it folle tichter by.

En dan wurdt it ek moeiliker om dyn wurk te dwaan.

Ja?

Ja, want dan wurdt elk ding beladen. En dan wurdt it swier. Do moatst wol... do moatst wol in bytsje de, de...

Nuchter bliuwe.

Ja... de balâns krije tusken kompassy, mar dochs ek net datst it mei nei hûs ta nimst. En der binne altyd guont, dy nimst mei nei hûs, hear. Der is in oantal, dy reitsje dy, dêr hast in bepaalde klik mei. Dat hast gewoan. En dat is ek hiel moai, mar dat moatst net mei elkenien ha, want dan wurdt it in swier gebeuren.

Ja, as alles dy hieltyd yn'e holle om meallet, dan wurdst gek.

Ja, dan wurdst gek. En dan wurdt it swier. Want it binne dochs allegear persoanlike, grutte dingen, hin? Do sjochst de spanning by minsken, do sjochst de stress by minsken, dat is heftich, hear.