Oer de Brêge | Fokke Stoelwinder: ‘Der is mear kompassy noadich’

Redacteur Fokke Wester ontmoet op de Gerke Numanbrug in de Hoofdsstraat Fokke Stoelwinder (56) uit Gorredijk. 'Als geroepen', antwoordt hij op de vraag of hij wil meewerken aan de rubriek.

Als geroepen, dat hear ik hjir op de brêge net faak. Wat woenen jo kwyt.

Ik lêsde krekt by de kapper in stikje Oer de Brêge, mei minsken dy't fertelle oer wat harren passy is en wat se dwaande hâldt. Ik tink: no, dat soe no krekt wat wêze, ik soe ek wolris sizze wolle wat my bezich hâldt. No stie der op de foarside fan de Woudklank dat de WTO, de Werkgroep Toegankelijkheid Opsterlân, bezich wie mei it ynventarisearjen fan de gehandicaptentoiletten en dergelike. Ik soe my eins folle breder ynsette wolle foar de minsken mei in ferstanlike beperking.

Foar jo wurk?

Nee, gewoan as betrokkene. Ik haw in broer mei in ferstanlike beperking, en ik merk gewoan dat yn ús samenleving in wat ferrûging en ferhurding optreedt, in indivualisearing en dat Johnny de Mol mei syn Downhotel en cupcakebakkerij mei Downers en wit ik wat leuke sifers skoart, mar dat der yn'e maatskippij dochs wol in protte minsken tusken de wâl en it skip falle. Ik set my dan yn fanút myn persoanlike sitewaasje mei myn broer en minsken mei in ferstanlike beperking, mar tagonklikheid is eins folle breder. De WTO set har dan yn foar minsken mei bygelyks in fisuele handikap, mar wy soenen ús bewust wurde moatte fan: hoe sit dat dan mei minsken dy't gjin handicap ha, mar bygelyks mei in bernewein rinne. Dy tagonklikheid is der ek, mar dan ha wy it oer fysyke tagonklikheid.

Jo ha ek praat mei de WTO?

Ja. En dêr haw ik útlein dat ik ferbûn bin oan in âlderferiening, KansPlus. En KansPlus jout âlders en ferwanten ûndersteuning mei de dingen dy't se tsjinkomme.

Jo sitte dêrby fanwege jo broer?

Ja.

Jo âlders binne der net mear, begryp ik.

Ja, myn âlders binne der noch wol, mar dy jouwe it stokje troch oan de bern. En dat stokje haw ik oppakt, omdat ik tink dat myn broer, ûndanks dat er dingen wol kin, in hiele protte dingen net kin en dat ik der foar him wêze moat, dat ik foar him opkomme moat. Ik ha de WTO ek wiisd op it Heerenveense model, dat him mear konformeard mei it VN-ferdrach foar tagonklikheid. En dat is dus folle breder. Ik wol it net ôfkreakje, want ik begryp it hiel goed, dat dy minsken dy't hjir yn Opsterlân it organiseare en der mei bezich binne, sizze: ja, wy kinne net de hiele wrâld op ús skouders nimme, litte wy ús beperke ta de fisuele en de lichamelik gehandicapten. En ik sis dan: ik soe graach mei jim oparbeidzje wolle, mar dan fanút it perspektyf fan minsken mei in ferstanlike beperking. Want litte wy no ris neigean, minsken dy't in berop dogge op soarch, en dat kin wêze dagbesteding, dat kin wêze help yn'e hús, begelieding. No, wy ha Talant hjir yn Opsterlân, dy kin in protte dwaan, mar der binne ek minsken dy kinne fia it persoonsgebonden budget, it pgb, soarch ynkeapje. Dat fynt ús gemeente eins net sa fijn.

Is dat sa?

Dat is sa. In hiele protte gemeenten stjoere minsken in rjochting yn dy't foar de gemeente foardielich útpakt.

Dat wurdt echt bewust sa stjoerd.

Dat wurdt bewust sa stjoerd. Natuerlik sille se dat ûntkenne, mar ja...

Ha jo dêr persoanlik erfaring mei?

Ik persoanlik net, mar myn broer dy sit yn in ynstelling foar langduerige soarch, mar wy witte gewoan dat gemeenten minsken dy't soarch oanfreegje, dy soarch oanbiede yn de foarm fan zorg in natura. En net fia in persoonsgebonden budget, sadat se sels de regy yn hannen ha om de soarch yn te keapjen. En dat wurdt faak ôfdien mei in argumint ja, mar it pgb moat net sjoen wurde as in oanfulling op jo ynkommen. Dus eins seit de gemeente fan: ik fertrou dy net, want do silst dat jild foar dyn ynkommen brûke en net foar de soarch foar de persoan dy't dat noadich hat. Omdat ik ek yn dy belangenbehartiging sit, en ek wolris yn oare gemeenten myn ear te lústerjen lis, binne dit sinjalen dy't wy krije. In oar sinjaal is bygelyks it wmo-ferfier. De gemeente slút in kontrakt of mei partijen en dy partij hat dan kontraktueel de rûmte fan in kertier speling, eins in heal oere.

Dat is in kontrakt mei in taksybedriuw.

Ja. De gemeente slút in kontrakt of mei in taksybedriuw en dy seit fan: no, as de klant freget om om njoggen oere te reizigjen, dan moat hy aksepteare, dy klant, dat jo om kertier foar njoggenen der binne, of kertier oer njoggenen. Dy speling dy ha jo. Best, mar taksybedriuwen dy foldogge dêr net oan. Dy komme rêstich om acht oere. Dan is it: ik bin der no, dus ynstappe en fuort, ek al binne jo net klear. Jo binne op in klubjûn en dat ha'k wol meimakke, dy klubjûn is fan healwei achten oant tsien oere, en dan stiet om njoggen oere de taksy foar de doar. Kom jong, wy geane fuort. Ja, mar myn klubjûn is noch net ôfrûn. No, dêrmei beperke jo de minsken yn hun dingen. en dan moaat jo dus wer nei de gemeente ta om te kleien, mar ja, dy taksybedriuwen sizze ek: ús prizen steane sa ûnder druk, wy moatte.

En dat is allegear ek wer logysk, fansels. En dy WTO, dy is fansels ek beheind yn har tiid en jild en mooglikheden.

Mar wêrom moat dy Werkgroep Toegankelijkheid dat dwaan. Wêrom binne de ûndernimmers har net bewust fan it feit dat der in doelgroep is, dy't 12,5 persint fan Nederlân beslacht, dy't belangryk foar har binne.

Mar dat ûndersyk fan de WTO is fansels ek in seintsje oan de ûndernimmers, sa fan: tink dêr no ris om.

Dat begryp ik wol en ik wol ek net de boeman rjochting de ûndernimmer úthingje, mar minsken binne har gewoan net bewust. Hjir steane allegear grutte buorden op 'e stoepe, fan dy reklamebuorden. Sjoch noris hoe ûngelokkich as dy fytsen hjir parkeard steane. En mear fan dat soart dingen. Minsken mei rolstuollen, rollators en berneweinen dy ha gewoan grutte muoite om hjir lâns te kommen. En dat soe de ûndernimmer him bewust wêze moatte en de gemeente kin dêryn helpe troch dat te stjoeren. En dêr stean ik foar.

Yn de gemeentlike regels stiet ek presys wêr't dy reklamebuorden stean meie. En as it goed is let de gemeente dêr ek op.

Ja, as it goed is. Mar in oar punt. Iepenbiere toiletten, dat is ek sa'n ding. Der binne legio minsken dy't mei maag-, darm- en leverklachten omrinne, wêrom ha wy hjr yn it doarp net twa iepenbiere toiletten. Der soe bygelyks op it parkearplek by Albert Heijn wol ien stean kinne.

Der is hjir hielendal net in iepenbier toilet?

Nee. En seker net yn it winkelgebiet.

As ik hjir winkelje en ik moat hiel noadich, dan moat ik dus in restaurant yn.

Ja, ja, no, dat hie ik dus lêsten ek. En dat fyn ik hiel ûngemaklik.

Dan hast ek altyd it idee datst eefkes in kofje bestelle moatst.

Ja. No bin ik assertyf genôch en ik bin brutaal, dan sis ik deagewoan tsjin dy frou: moatte jo ris lústerje, ik ha fan jo toilet gebrûk makke, bin ik jo ek wat ferskuldige? Dan freegje ik dat fatsoenlik, mar eins soe dat gewoan net noadich wêze moatte. En dat jildt net allinnich foar my, mar hoe sit dat dan mei minsken yn in rolstoel. Kinne dy hjir sa de Hema yn nei it toilet? As it der al is foar besikers?

Yn de Hema yn Drachten is in wc foar klanten. Mar fierder soe ik it net witte. It ynfalidetoilet is hjir yn De Gordyk yn de Bieb en der is ientsje yn de Skâns.

Mar úteinliks, wêr't it op delkomt, is dat wy ús mear bewust wêze moatte fan de dingen dy't wy hiel ienfâldich, want it hoecht net miljoenen euro's te kostjen, mei mekoar oppakke kinne om se op te lossen.

Eins sizze jo: as maatsjippij moatte wy wat better tinke om de minsken dy't wat mear help noadich ha.

Absolút. En dat hoecht gjin jild te kostjen.

It is eefkes in knop yn'e holle omdraaie. Tink om dyn naaste, sa't it dan yn de bibel stiet.

Dat is wol wêr't it om giet. Dat wy wat kompassy toane mei de minsken. Ik fertsjintwurdigje dan dy KansPlusgroep. Want no krije jo in bern, dat hat in ferstanlike beperking, mar moat op seker ogenblik nei skoalle ta. Nei it regulier ûnderwiis, foar safier as dat mooglik is. Dat regulier ûnderwiis seit: oh my god, leaver net, want dêr ha wy de middelen net foar. No, dan moatte jo soargje dat jo dy middelen krije. No, seit it bestjoer, mar dat kostet wol in protte jild. Ja, seit de gemeente, probleem, probleem. Mar no wurdt dat bern 18 jier en dan wurdt it loslitten en dan wurdt it oan syn lot oerlitten. En dan? En hoe sitte jo dan mei âlders? Want dan komt de regearing en dy seit: jo binne belêstingplichtich, jo moatte betelje. En wa regelt dat dan? En dan komt heit of mem te overlijden...

Ik tink dat dat ek dè angst is foar âlders mei in handicapt bern. Hoe komt it as wy der net mear binne.

Dêr kin myn feriening ûndersteuning by biede. En ik fyn it sa jammer dat in hiele protte minsken dat net witte. Dêrom woe ik ek sa graach eefkes op de trommel slaan.

Jo sitte ek yn it bestjoer?

Ja, ik sit yn it bestjoer fan de ledengroep Fryslân, wy binne in lanlike feriening, falle ek ûnder in zorgkoepel. Ik haw ek by projekten betrokken west dy't fanút it ministearje initieard binne, zorg en de samenleving. En wat ik doe fentileard ha, en dat fûnen se net sa fijn, is dat de soarch ferkommersjaliseard is. En dêrmei dogge wy in hiele protte minsken tekoart. Want dy kommersy, it moat allegear ôfmjitten wurde. Wy hearre no ek dat de minsken ûnder druk fan de kommersy goedkeaper leverje moatte. Want ja, jo freegje 25 euro foar in handeling, mar miskien koe't wol foar in tientsje. Dokumintear do marris wêrom asto 25 euro ha moatst.

Hearst ek dat foar guon hannelingen trije menuten stean, asto der fiif menuten oer dochst, dan kostet dat dyn eigen tiid.

No, dat is ek in oanklacht. Ik ha famylje, dy wurkje yn de soarch. Dy komme thús en dy moatte nei it wurk noch de administraasje dwaan, yn har frije tiid. Dan tink ik by mysels: hoe krijst it no yn'e harses om yn dyn frije tiid dyn wurk te dwaan. Dat docht de plysjeman dochs ek net, wol? Dy giet dochs ek net yn syn frije tiid stean om it ferkear te regeljen? En do wol. Ja, mar ik kin dy âlde minsken net sitte litte. Dy minsken dy't dat wurk dogge, en dat is echt in komplimint, dy binne fan in bepaald soart hout makke, dy binne echt sa begeesterd om dat te dwaan, dat is foartreflik. Mar se geane te fier en dêr profiteart...

Ja, en omdat se te fier geane, litte se dus net sjen dat it systeem net kloppet.

Nee, want wy losse altyd it probleem fan ús managers op.

Yn feite soe elkenien syn wurk dwaan moatte as as it heart. Dan rint alles yn'e soep en dan pas wurdt dúdlik dat it oars moat.

Ja. Jo moatte earst brân ha, wol der in brandwear komme. En soms wol de brandwear wolris lâns komme en sizze: asto hjir no in blusser hingest, dan kinne wy brân foarkomme. No, dat is dan leuk, mar dat is ien kear yn de safolle tiid. Wy geane allegear foar de koarte termijn en it snelle jild. Wat kostet my dat? En wy sjogge net nei de lange termijn.

As jo broer no net gehandicapt west hie, dan hienen jo jo hjir no net mei dwaande hâlden, tink ik.

Net mei KansPlus. Mar ja, dat is hiel moeilik, hin, as...

Mar it rekket jo.

It rekket my sear, it rekket my sear. En wat my ek rekket is dat myn broer eins de doar útskopt wurdt.

Is dat sa?

Ja, dat is sa. Dat ha wy ûnderfûn.

Wêr wennet hy no?

Hy wennet yn Hearrenfean, yn in wengroep. En dêr hat er it prachtich nei syn sin. En dêr giet it ek hartstikke goed fierder, mar der binne in protte minsken dy sizze fan: kin hy net ergens oars hinne. Net binnen de soarch of sa, hear, mar yn it ferieningslibben. Dêr ha’k ferskeidene gefallen fan, dêr bin ik poerrazen oer.

Mar hoesa dan?

No ja, wy wienen by de musykferiening en der wurdt op in geven momint sein, myn broer dy siet al fyftjin jier tusken it korps yn, mei syn rinkelbom, en op in geven moment wurde der sein hy moast dêr mar wei.

Want it stoart de oaren?

No, nee, it stoart net.

Mar wêrom moast hy der dan wei?

Ja, presys. No ja, dat wie in beslissing fan it bestjoer.

Hy wie net offisjeel lid fan it orkest, mar hy spile gewoan foar syn lol.

Ja. hy sit gewoan neist de grut-slachwurker, op in stuoltsje, en it is ek noch hiel sachtsjes. En hy praat net, hy seit net in wurd, hy drinkt in bakje kofje en giet dêrnei wer fuort. En de minsken seinen ek fan hy jout gjin oerlêst, mar hy moast dêr wol wei. Hy mocht net mear by’t slachwurk sitte. No, dat wie in grut pynpunt. Sjoch, as der dan in útfiering, in konsert, in presintaasje fan’t korps is, dan seinen wy altyd fan gean do mar moai oan tafel sitte, hoechst der net tusken, mar op freedtejûn op de repetysje wie hy net minsken ta lêst. Hy ferstoarde de repetysjes ek net of datsoart dingen, hy wie hielendal net drok. Mar it bestjoer fûn dat er dêr wei moast. Dan tink ik by mysels: hoe krijst it yn dyn harses om tsjin in mongoaltsje te sizzen dat er dêr net mear wolkom is.

Hy hat Down.

Ja. En dan fyn ik, dan binne jo it gefoel mei jo omgeving hielendal kwyt. Wat wy yn Nederlân neistreve wolle, ynklusy, dat dogge wy net op dy manier. En dat rekket my, dêr wurd ik lilk om. En dêr ha’k ek fan sein, dan moatte jo keuzes meitsje, ik wol ek net langer mear by dizze feriening wêze. Dit past my net.

Do spilest sels ek by dat korps.

Ik spile dêr, en myn mem ek.

Watfoar korps is dat, yn Hearrenfean?

Nee, hjir yn Opsterlân.

Hjir yn’e Gordyk?

Nee, net yn Gordyk.

Do wolst de namme net neame.

Aah, oan’e iene kant wol, mar oan’e oare kant is it ek sysa, it is miskien wol hiel ferfelend foar de minsken dy’t it betreft. Mar ja, goed, it giet wol om it korps, in feriening,

Do spilest no hielendal net mear?

Ik spylje net mear by dy feriening, nee.

By in oar korps no.

Nee, ik spylje jazz-musyk en dat doch ik by in jazzband yn Beetsterweach. Dêr repeteare wy en dat is hartstikke leuk.

En spilet dyn broer ek wolris mei?

Nee, dy spilet net mei, nee, dat is net te kombinearen, sis mar. Mar dy man is gewoan hartstikke wolkom. Want setst him der del en hy fynt it hartstikkene leuk.

Hasto folle kontakt mei dyn broer?

Ja, ja, ik bin ek syn mentor en bewindvoerder.

Hoe âld binne dyn âlders?

Heit en mem binne 85 en 81.

Ja, dan wurdt it te swier.

Jaseker.

En meitsje sy har ek bot soargen, of net?

Nee, want wy ha alles goed regele. En dat is dus eins ek it advys rjochting minsken dy’t yn in fergelykbere sitewaasje sitte, regelje dy saak. Mar ja, hoe moat dat? No, dêr kin myn âlderferiening wat foar betekenje.

Yn it stikje oer dy Werkgroep Tagonklikheid wurdt KansPlus trouwens wol neamd.

Ja, mar ik ha de yndruk dat dy kontakten wol wat inniger meie. En ik krige ek it idee by de kennismaking dat de WTO seit: Ja, dat is allegear bêst leuk Fokke, watst dêr dochst, en datst dy sa gepassioneard ynsetst foar de minsken mei in ferstanlike beperking, mar dat past eins net binnen de doelstelling fan WTO.

Dy geane echt oer minsken mei in lichamelike beperking.

Vooralsnog. En doe tocht ik, no, okee, dat begryp ik en wy kinne de wrâld net op ús skouders nimme, wy kinne net alles, ik kin ek net alles, mar wy meie wolris eefkes lekker op dy trommel omslaan. Om witte te litten fan: jonges, wy binne der ek noch.

Eefkes rumoer meitsje.

Rumoer meitsje.

Dan snap ik ek wêrom ast seist fan do komst as geroepen.

Ja. No, ik seach it krekt by de kapper, hin? En ik toch: dat is no in leuk inisjatyf om op dy trommel te slaan.

No moai, missy slagge.