Sweltsjetil

De Rottefalle - By de sweltsjetil op de master Keuningwei is saterdeimoarn in plakette mei in ynformaasjeboerd pleatst.

Geart Veenstra en Gertjan de Haan hawwe it hiele gefal mei boerd kreas en stevich yn beton ferankere. Wiebe Klaren, mei Veenstra de inisjatyfnimmer fan de sweltsjetil. wie derby ek oanwêzich. Hy ûntbleate it ynformaasjeboerd. Wiebe Klaren is foar dit inisjatyf ek al beleanne mei de Kulturele Oanmoedingspriis 2017 fan de FNP.

De sweltsjetil is makke troch boubedriu Frankena út Wommels. Foar dit plak hat men destiids keazen om ‘t it moai op ‘e romte is. It leit no noch yn ‘e bedoeling trije peallen te pleatsen dy ‘t mei in line ferbûn wurde sil mei de til, sadat de sweltsjes dêrop rêste kinne.

De sweltsjetil is mei betelle út it buertbudget fan de gemeente Sellingerlân en troch sponsering fan de Compagnons der Rottevalster Vaarten en het Vallaat, Durk Pultrum Fonds Boelensloane, doarpsbelang de Rottefalle, de FNP, boubedriuw Frankena, bou-ûndernimming De Haan, Verreiker Centrum Noord Boelenslaan, BFVW (Bond Friese Vogelwachten) en fûgelwacht Drachtster Kompenije.