Oer de Brêge | Helen Zwart: ‘Hearlik, ast dat stemmetje stil krijst’

Redacteur Fokke Wester ontmoette op de Hoofdbrug van Gorredijk Helen Zwart (56) uit Gorredijk. Ze komt oorspronkelijk uit Drachten, maar woont al weer 16 jaar in Gorredijk.

Mei jo man?

Ja.

Mei syn twaën?

Ja, wer mei syn twaën.

Wer mei syn twaën, de bern binne der út.

De bern der út.

Hoefolle bern ha jim?

Wy ha ien soan, samen.

Samen, dat betsjut...

Ja, skieden.

Dat wurdt in hiel yngewikkeld ferhaal?

Nee, hear, myn man hat noch in soan út syn earste huwelik.

Dus jim ha twa bern.

Ja. En dy binne der út.

Moai. Wat dogge jo oerdeis?

Ik bin dwaande mei de oplieding ta yoga-dosint, dy hoopje ik dizze simmer ôf te sluten. Ik jou yogales by Unifit, hjir yn Gordyk.

Dat is in sportskoalle?

Ja. Dat doch ik al in jier. Mei in hiel soad plesier. En ik bin frijwilliger by de Voedselbank Opsterland.

En dat yogawurk dat wolle jo ek echt as praktyk opsette?

Ja, profesjoneel.

Hoe binne jo oan yoga kaam?

Ja, stoppe mei in baan en dan...

Wat dienen jo?

Ik ha by Rinsma wurke, tsien jier.

Klean ferkeapje.

Ja. En dêr bin ik op in gegeven momint mei stoppe. Nei tsien jier hie it moai west. En ja, dan komt it fraachstik: wat wol ik no? Wat wol ik de hjerst fan myn libben noch dwaan?

Ja, want dy is gewoan begûn. Dat witte jo, as jo ien kear 56 binne.

Ja. En dat is prima, dat is allinnich mar leuk hear. Dat is allinnich mar leuker.

Heart dat ek by yoga, dat jo sa yn it libben steane? Dat jo aksepteare dat it allegear trochgiet?

Ja, tuerlik. Ja. Ik sis wol: myn libben is feroare, mar eins is de kijk op it libben feroare. Net myn libben sels, mar hoe't ik der tsjinoan sjoch.

As de bern it hûs útgeane dan feroaret it libben fansels wol.

Ja, dat is in bykommend yts. Mar mei de bern giet it allegear goed, dus dat is prima.

Jo begjinne dus no in hiel nije karjêre. Hoe lang duorret sa'n oplieding?

Trije jier.

Okee, dat is frij pittich, dus.

No, it is net niks. Dat wurdt faak tocht, it is in kursuske, mar...

Ja, eefkes in pear jûnen...

Nee, der komt safolle by te sjen.

Strekke en bûge...

Der is safolle mear as allinnich dat fisyke diel.

Wêr is dy kursus?

Ik doch him yn Arnhim.

Dus ek noch in ein hinne en wer reizigje, steeds.

Ja, tafallich moat ik dit wykein wer hinne, mei ik wer hinne.

It is echt yn de wykeinen?

Ja.

En frij yntensyf, dus.

Ja, it is yntinsyf, mar it is net elk wykein, omdat it yndale moat. It moat besinke.

En jo moatte thús ek oefenje...

Ja, elke dei.

Echt hûswurk.

Ja, mar it is gjin opgave. Want ik doch it mei plesier, myn passy. Myn freondinne seit echt: do hast dyn passy fûn. It is ek neat nijs foar my, ik ha't myn hiele libben al dien.

Jo ha altyd al oan yoga dien.

Ja. En ik bliuw ek altyd les folgjen want it is fierstente leuk.

Wat is it leuke fan yoga.

It leuke fan yoga, eh, de veelzijdigheid, en minsken wer yn hun kracht sette. Kinst minsken echt helpe.

Minsken yn har kracht sette, dat fyn ik altyd sa’n fage útdrukking.

Dat is ek wol wat faach, ja.

Wat kinne jo my mei yoga leare?

Ja, ik wit net hoesto yn it libben stiest, momenteel, dat wit ik net. Mar der binne in hiele protte minsken dy't stress ha.

Do moatst dus earst yn gesprek mei minsken, om te witten yn watfoar fase as se sitte.

Nee hear, nee, nee, nee, nee. Der binne gjin toelatingseisen. It is hiel tagonklik. Ik doch dru-yoga, in hiel tagonklike foarm fan yoga, wêrby't elkenien sa ynstappe kin. Mar minsken mei in hiele protte drokte en stress, en dy binne der nochal wat, hear...

Dit binne hektyske tiden.

Minsken mei blokkades, troch watfoar omstannichhedne dan ek, blokkades yn it lichem, blokkades yn de geast. En dan sjochst minsken opbloeien.

Ja hin?

Echt ja, opbloeien.

Dat liket my kicken, of net.

Jaaah, echt leuk. En dêr doch ik it foar. Ik bin net belangryk.

Mar jo moatte se stjoere.

Ik hoech it allinnich mar troch te jaan. Mar fierder bin ik hielendal net belangryk.

By yoga tink ik oan sitte yn kleanmakkerssit, mei de hannen op de knibbels, lotushâlding hjit dat leau ik, en dan ohm sizze.

Meditaasje, ja.

Ja, besykje oan neat te tinken.

En dat is in foaroardiel. It is wol in ûnderdiel fan it gehiel. Mar dru-yoga is op it energetyske nivo in hiele protte. En natuerlik is meditaasje belangryk, om by dy sels te kommen.

Sa gau as it faach wurdt, kin ik der net safolle mear mei, miskien bin ik der dan te nuchter foar.

Wat fynst der faach oan?

No, by dysels komme, bygelyks. Ik wit net better as ik bin gewoan by mysels.

Okee, miskien is dat by dy inderdaad net it gefal. Mar minsken dy't hiel drok binne, en miskien herkenst der wol wat fan, dy aktiviteiten nei bûten, dat is faak in flucht. Want asto stil wurdst, by meditaasje of in oefening, dan kinst de chaos yn dysels sjen. Dus dêrom is it maklik om mar gewoan troch te gean. Om mar bezich te wêzen. Nei bûten ta.

Minsken binne bang foar de rêst?

Ja, foar de rêst en foar de konfrontaasje en de konflikten yn har sels. Want de oarlogen bûten ús, dat is neat yn fergeliking mei de oarlogen yn ússels.

Is dat sa heftich?

Ja, dy tsjinstridichheden. Hasto net sa'n stemmetje?

Nee. Nee, neuh.

Okee.

Nôh, miskien ha'k se wol, mar ik bin wat dôf, tink ik dan.

Helemaal goed. De measte minsken ha dat freeslike stemmetje dat altyd krityk levert op dysels, en dat it noait goed is en noait foldwaande. En it is hearlik ast dat sil krijst.

Binne der in protte minsken dy't dêr lêst fan ha? Ik herken dat eins net by mysels.

Miskien is it ek wol in frouwending, hear. Miskien binne frouwen perfeksjonistysker, ha se mear de hang nei it perfekte.

Miskien aksepteare mannen earder it nivo dêr't se op sitte, want dat wurdt dochs net better.

Ja, makliker.

En dat jout dan ek mear rêst.

En ek makliker foar dysels. Want asto makliker foar dysels bist, dan bist ek makliker foar in oar. Mar njonken dy yoga sit ik ek by de Voedselbank, ik doch de acquisitie, de voedselwerving.

It by mekoar sykjen fan it voedsel.

Ja, op regionaal nivo. Dêr ha wy op dit momint ek genôch fan. Wy ha in voedselbrigade opsetten. Dêr ha jim foarrige wike in stikje oer yn de Sa hân.

Ho, dit is de Woudklank!

Ah, do bist fan de Woudklank. Oei!

Ja, dit is hiel pynlik.

Okee, mar dan komt dat hiel goed út. Kinne wy ek noch yn de Woudklank...

Ja, mar jo sizze: jim ha genôch iten op it stuit en genôch frijwilligers, wat is it probleem dan?

It probleem binne de fêste lêsten.

Hier, elektrysk...

Ja, wy sitte yn Gordyk en yn Oerterp, dêr ha wy ek in diel. De eksakte lokaasje jou ik net yn ferbân mei de privacy.

Minsken dy't har oanmelde dy krije wol te hearren wêr't se wêze moatte. Mar jim ha dus ferlet fan jild.

Ja. Donateurs. Dringend beroep op donateurs.

Oars leit it aanst op de rêch?

No, it is sowieso tryst dat it moat natuerlik, dat it noadich is. It leafst soenen wy ússels opheffe. Mar tafallich is der no in item yn de media, oer kinderarmoede, en dat grypt my ek it measte oan. Dy bern.

Ja. It is net allinnich dat minsken der iten helje, it begjint mei in gesin dat gewoan net genôch ynkommen hat om normaal te libjen.

Ja. En do tinkst faak, en dat hie ik sels yn’t begjin ek, hear, want hast faak dyn foaroardiel der oer, sa fan: it sil wol minsken wêze sûnder wurk en dy't neat dogge...

De lapswanzen fan froeger...

Mar dat is absolút net sa. It kin elkenien gebeure. It kin my gebeure, it kin dy gebeure. Do hoechst dyn baan mar te ferliezen, skieding, hûs ûnder wetter...

Skuld.

Dan bist der al, dan sitst al by de Voedselbank.

Ja, dy stap is net sa grut.

Nee. En dêr fersinne minsken har yn, dêr fersjogge se har op. Dan tinke se fan: ja.

Mar jim ha genôch frijwiligers en genôch iten...

Ja, mar wy ha noch wol bestjoersleden noadich. En leafst foar langer as in jier.

Ja, dat skynt tsjintwurdich ek in probleem te wêzen: minsken wolle bêst wol frijwilligerswurk dwaan, mar dan foar ien of twa wiken. En dan moat it ôfrûn wêze.

No ha wy bêst wol trouwe frijwiligers hear, guont sitte der wol tsien jier by. En ús foarsitter is der al tolve jier by.

Hoe lang sitsto der by?

Fiif jier.

Okee. Jo begjinne aanst in praktyk yn yoga, hjir yn Gordyk?

Dat wit ik noch net. Dêr bin ik noch oer oan't tinken.

Wannear kinne jo it diploma krije?

Dizze simmer.

Mar jo witte noch net wat jo der mei dogge.

Jawol. Ik sit no by de sportskoalle en dat fyn ik hiel leuk. En ik jou wol ynfallessen yn Drachten. Ik bin dwaande om kontakten yn te setten. Bepaalde wegen binne iepen, mar hoe't ik dy ynfulle sil dat wit ik noch net. En mei welke doelgroep... Ik wol aanst op frijwillige basis wat dwaan mei âlderen-yoga.

Echt yn tehûzen?

Wit ik ek noch net. Der binne safolle iensume âlderen en dêr wol ik wat foar dwaan. Ik wit allinnich noch net presys hoe.

Jo kinne dus ek noch alle kanten út.

Ja. Want it is oeral ta te passen, yn elke sektor, elke branche.

As jo no gewoan op de fyts sitte, binne jo dan ek oan it yogaën?

Nee, ik bin ek mar in gewoan minske, hear.

No, ik in my ek foarstelle dat jo prebearje yn josels te wêzen.

Ik prebearje wol bewuster yn it libben te stean, of prebeare, dat dochst automatysk.

Jo litte net alles samar foarby gean.

Nee. Der is safolle moais te sjen yn it libben.

Wat dan?

De lytse dingen faak.

Natuer.

Ja, de natuer is geweldich, ek om yn ta rêst te kommen. Mar ek de moaie kommunikaasje tusken minsken, freonskippen tusken minsken. De deistige dingen. Lytse oanrekkings, omhelzingen, kompassy.

Jo moatte it sjen wolle.

Jaah!

En jo sjogge it noch.

No, jo sjogge it noch? It is net sa dat ik no it ljcht sjoen ha.

Mar jo binne yn elk gefal in stik bewuster wurden fan jo libben en...

En ik meitsje my ek folle minder drok, ik haw it minder drok.

Ek minder ruzy thús? Of hienen jim al noait rúzy.

Oh, jawol. Wy binne twa hiel sterke persoanlikheden. Dat sil ek altyd bliuwe. As dat útwaait, dan is it oer.

As it net mear botst, dan reitsje jo mekoar ek net mear.

Dêrom.