In de Gevangenis voor een paar plaatjes

De Tweede Wereldoorlog lijkt steeds verder weg te drijven. De ouderen van nu waren toen de oorlog begon nog maar een kind. Wat gebeurt er als er straks niemand meer is om het na te vertellen?

Dan zijn wij er. Om het herdenken voort te zetten. Samen met Nynke van der Lei heb ik Corrie Oostra geïnterviewd ter voorbereiding op de voorstelling Oorlog in Smallingerland. Dit artikel maakt deel uit van een serie over de voorstelling Oorlog in Smallingerland. Deze wordt op 3 en 4 mei gespeeld in De Lawei.

Corrie Oostra: Myn ferhaal giet oer dat ik yn de gefangenis sitten hie.

Beaudine en Nynke: Oooh jeetje!

Corrie Oostra: Dat de Dútsers by ús ynfallen binne. Om by it begjin te begjinnen, wy hiene ferkearing en yn oktober wie Roel ûnderdûkt. Hiel oktober gongen der doe trammen en dy stiene klear op it stasjon Noard, dêr wie froeger in tramstasjon. Alle jongens moasten hiel oktober moarns betiid komme, en waarden nei Dútsland ferfoerd mei de trammen. Mar hy is ûnderdûkt. Der wie net bekend wêr’t Roel siet, wy seinen altyd: ‘Hy sit yn Dútslân’.

Ik wenne doe by myn âlden yn de banketbakkerij, dat wie doe in grut pand wêr’t no Damesmode Van der Zee is. Op 4 desimber stie de hiele gong fol mei pakjes, bestellingen mei banketletters en alles, omdat it de dei fan Sinteklaas wie. Mar doe kaam der in ploechje Dútsers en dy fertochten ús heit fan it fersprieden fan illegale bledsjes. Want hy hie sa’n masjine, dêrst earst op type moast foardat der bledsjes útkamen. Dy hie er foar reklame fan de banketbakkerij. Doe blykte efterôf dat it net kloppe, gelokkich, it skynde letter in Van der Meulen út Dokkum te wêzen.

Mar de Dútsers hiene ús hûs trochsocht. Us heit hienen sy fuort al fêst, sis mar. En doe moast ik ek mei. Want wy hienen, ik wit net oft jim dat wol kinne, in skriuwdoaze. Dat wiene faak moaie, glimmende doazen mei fakjes deryn. Dêr hie ik brânplaatsjes yn. Dat wiene plaatsjes fan de prinseskes. Doe’t se baby’s wiene, Beatrix en Irene.

Beaudine: Mochten jo dat net hawwe yn dy tiid?

Nee, dy waarden útjûn of sa, mar dy mochten wy net ha. Mar yn elts gefal, ik dus mei myn heit nei it polysjeburo. Dêr waarden wy ûnderfrege. In jonge wie dêr as polysje yn oplieding. Dy joech my noch de kâns om stiekem nei bûten te gean, mar dat koe ik natuerlik net dwaan, want as ik útnaaide, wat diene se dan mei ús heit? Dus dat barde net. Doe waarden wy fan Drachten nei Ljouwert brocht, yn Ljouwert yn it polysjeburo wiene wy wer ûnderfrege en fan Ljouwert binne wy nei Grins gong. Dêr binne wy beide earst yn it hoofdkwartier fan dy Dútsers brocht en doe opsluten yn it Huis van Bewaring, yn Grins. No ja, en geregeld krige wy ûnderfragingen fansels, mar wy koene mekoar ek net treffe of yts. It mocht hielendal net. Myn heit siet op de mannenôfdieling en ik op de frouwe-ôfdieling fansels.

Beaudine: Dus jim koenen net mei mekoar kontakt hawwe?

Nee, nee. Mar we gongen wol nei de tsjerketsjinst, op sneintemoarn. En dan (Corrie Oostra kucht even) kuchten wy eefkes. Sadat wy wisten dat wy der beide wienen. Want koest mekoar ek net sjen! Ik woe der letter noch wol graach ris hinne, hoe’t dat presys sit, want alle gefangenen sieten dêr, mar we koene mekoar net sjen. Mar afijn, der sieten ek mear froulje yn de sel, dy sieten dêr foar smokkeljen, dus dat wiene wat oare typen, hahaha.

Mar afijn, ús mem besocht geregeld om op besite te kommen mei myn tante, want ik wie tweintich jier wurden op 29 desimber yn de gefangenis! Mar myn mem en tante koene net kontakt mei ús krije. Dat mocht hielendal net. De bryfkes dy’t se trochjoegen wiene ek allegear lêzen, en eh… ja, dan wie it mar ôfwachtsje.

Doe plotseling, op fjouwer jannewaris, of fiif jannewaris, doe ynienen waarden wy frijlitten. Want tsjin my hienen se eigentlik neat, en se hienen by myn heit ûntdekt dat se de ferkearde te pakken hienen. Wy hienen doe gelok dat it noch mar fjouwer jannewaris 1943 wie, want in pear jier letter wiene se folle wreder en strenger, dan hiene se ús gewoan fêsthâlden of earne oars opslûten. Mar no mochten we gelokkich wêr nei hús.

Tekst: Beaudine Wagenaar