Fiif jonge Burgumers yn de finale fan SjONG 2019

Drachten/Burgum - De finalisten fan SjONG 2019 binne bekend en dêr sitte mar leafst fiif jongeren út Burgum by.

De audysjes fan SjONG, it Fryske sjongfestival foar jongeren, binne achter de rêch. Ek dizze edysje luts wer in megasoad talint nei de studio’s fan ROC Friese Poort yn Drachten. De sjueryleden, Janneke Brakels en Wiebe Kaspers, wiene ûnder de yndruk. Sy keazen 10 acts dy't troch meie nei de grutte finale op saterdei 8 juny yn Neushoorn yn Ljouwert.

By de finalisten sitte fiif jonge Burgumers:

Baukje de Graaf (HAVOtop Burgum) mei 'Doe’t ik dy seach', orizjineel: Toen ik je zag fan Antonie Kamerling.

Rowan Veltman (CSG Liudger Burgum) mei ‘Wat ik wol’, orizjineel: All I want fan Kodaline

Lieve Smit (Singelland Burgum) mei 'It duorret te lang', orizjineel: Het duurt te lang fan Davina Michelle

Elise Westerhof en Sarah Stougie (Liudger Burgum) mei ‘Net sûnder dy’, orizjineel: Can’t help falling in love fan Elvis Presley

De oare finalisten binne:

Laura Kooistra en Lars van der Werf (Bogerman Snits) mei 'Werom nei ús', orizjineel: Shallow fan Lady Gaga en Bradley Cooper.

Sara Orsel en Lisa Sijbesma (Friesland College/Bogerman Snits) mei 'Dreamelân', orizjineel: A million dreams fan The Greatest Showman/Pink.

Tara van der Meulen en Nynke van der Eems (Bogerman Snits) mei ‘Gewoan', orizjineel: I would stay fan Krezip.

Klaske Smid (Bogerman Koudum) mei 'Famke fan ‘e greide', orizjineel: How far I’ll go fan Alessia Cara.

Lútzen Rypma (Bogerman Snits) mei 'Eartiids', orizjineel: Photograph fan Nickelback.

Amarins Popma (Friesland College It Hearrenfean) mei ‘Unseker’, orizjineel: Million reasons fan Lady Gaga.

Fideoklip

In wike foar de audysjes krigen de dielnimmers op de SjONG Workshopjûn tips en trúks fan ûnder oaren Elske DeWall en Sytse Broersma. Elske DeWall joech feedback neidat se harren SjONG-nûmer songen hiene en mei Sytse Broersma namen se harren SjONG-songtekst troch.

De audysjedagen fûnen plak op 26 en 27 maart 2019 yn de studio fan ROC Friese Poort Drachten. Studinten regissearren en filmen de audysjes, regelen in griene romte (green room) foar publyk en makken programmaboekjes. Alle dielnimmers krije in fideoklip, te sjen op it YouTube kanaal fan Cedin/sintrum meartaligens.

De finalisten wurde op de finale taret mei in workshop fan Vangrail-sjonger Raynaud Ritsma. Dêrneist trede se op freedtemiddei 17, 24 en 31 maaie en 7 juny op by Noardewyn, it programma fan Omrop Fryslân.

Finale

De finale op 8 juny yn Neushoorn is foar publyk tagonklik. Kaarten (5 euro) binne te bestellen fia de website fan Neushoorn. De acts wurde dan beoardield troch ûnder oaren Tim Douwsma en Willem de Vries. Dêrneist is der in tekstsjuery yn de persoan fan Bart Kingma. Hy sil de Fryske sjongteksten fan alle kandidaten beoardielje en de bêste tekst útkieze. Ek dy priis wurdt by de finale bekend makke.

Wat is SjONG?

SjONG is it Frysktalich sjongfestival foar jongerein fan 12 oant en mei 18 jier, organisearre troch Cedin yn gearwurking mei Productiehuis Beat fan ROC Friese Poort. Dielnimmers skriuwe in Fryske tekst op in besteand nûmer. Dêrmei dogge se audysje, mei 'live'-begelieding of mei in karaokebân. De bêste dielnimmers geane troch nei de finale. Doel fan SjONG is om jongeren te entûsjasmearjen foar it skriuwen en sjongen fan Frysktalige nûmers.