Rotonde Nijtap krijgt 'opknapper'-Skûtsje als icoon van Drachten

Drachten - Op de vernieuwde rotonde bij Nijtap komt als versiering een skûtsje. Als ode aan Drachten als skûtsjestêd en het oude ambacht. Automobilisten zien in vier jaar het wrak tot leven komen.

De gemeente Smallingerland wilde op de rotonde bij Nijtap een oud skûtsje plaatsen, die gevuld met bloemen langzaam ten prooi zou vallen aan de tand des tijds. Dat valt niet goed bij skûtsjeliefhebbers, vertelde Haiko van der Werff aan de gemeente, toen die hem benaderde om een wrak te zoeken. ,,In fuortrotsjend skip fol blommen is net representatyf foar Drachten, wy wolle krekt it byld fersterke fan it farrende kultuer-histoaryske erfskip, dat boud is yn Drachten.''

Hendrika

De gemeente sloot aan bij zijn idee en heeft inmiddels een skûtsje gekocht, De Hendrika, ooit gebouwd op de werf van Barkmeijer in Stroobos. ,,Wy koenen net in Drachtster skûtsje fine, eins. Dat is wol spitich. Se binne der wol, mar se binne net te keap'', vertelt Van der Werff.

,,Mar de Hendrika is ek in hiel moai skûtsje, hear. It wie fan in man yn Nieuw-Amsterdam, yn Drinte. Hy hie syn hiele libben al in skûtsje ha wollen, sei syn frou, mar foardat er der mei oan'e slach koe, rekke er wei, krekt yn'e fyftich. Syn widdo en bern bleaunen der mei sitten, mar dy fine it fantastysk dat it hjir no dochs opknapt wurdt.''

Het schip komt in april op de rotonde, met een kopie van de oude dwarshelling van Buitenstvallaat. ,,Dy bouwe wy nei. It skûtsje komt te lizzen op fjouwer karren dy't symboal steane foar de fjouwer Drachtster werven dy't skûtsjes bouden: De Piip, De Lange Wyk, Bûtenstfallaat en de Dwersfeart. Dy nammen wurde der útsnien en dan komt der ljocht yn de karren, sadat de nammen ek yn 't tsjuster goed te sjen binne.''

Opleiding Scheepsbouw

In de wintermaanden gaat het schip er steeds een paar maanden af, om gerestaureerd te worden. Daarvoor heeft Van der Werff contact gelegd met Friese Poort Sneek, waar studenten van de opleiding Scheepsbouw heel enthousiast reageerden. ,,De Jonge Trijntje haw ik mei studinten fan Drachten dien. En dat gong wol, mar yn Snits binne der wol tolve studinten dy't sels ek skûtsjesile. Dat binne skûtsjemannen. En dat fynst hjir yn Drachten noch net.''

De restauratie wordt een project van jaren, zoals ook de Jonge Trijntje in vier jaar tijd is opgeknapt. Steeds als er weer een fase van een paar maanden wordt afgerond komt het schip opnieuw op de rotonde te liggen. ,,Sa komt der stadichoan ek libben yn it skûtsje, it wurdt hieltyd moaier.''

Zorgen

Het budget van de gemeente voor het 'Landmark-project' is voorlopig 50.000 euro. Verder is er provinciaal geld mee gemoeid als uitvloeisel van de aanpak van de rotonde. Het skûtsje is er en de helling is geregeld, maar Van der Werff maakt zich nog wel zorgen over het vervolg.

,,Dêrnei komt noch in hiel trajekt, dat haw ik sels oanswengele, mar dan moat it skip opknapt wurde. En wa sil dat dwaan? Dat kin ik net allegear op my nimme. It leafst hie ik dat de skoalle de karre lûke soe. De Jonge Trijntje wie in gigantysk projekt. Ik ha der in protte fan leard en it hat wol in protte spin-off oplevere, mar ik wol dat net wer sa dwaan.''

Studinteteam

Als het schip klaar is, wordt er vanuit Drachten weer mee gezeild. ,,Dan sykje wy in bemanning, krekt as by de Trijntje. De man fan Friese Poort sei al: wy ha jierrenlang it fierljeppen hiel bot sponsore, mar miskien kinne wy tenei ek wol wat mei it skûtsjesilen dwaan. Dan woenen se der by de IFKS mei farre mei in eigen Friese Poortteam. Geweldich fansels, want dan krijst in jeugdteam. Der is al in âlde mannenteam en in frouljusteam, mar noch net in studinteteam.''

Stiekem zoekt Van der Werff ook al weer een nieuw schip voor op de rotonde als de Hendrika klaar is. ,,Leafst in âlde Bûtenstfallaatster. Ik haw al ferskeidene op it each, soms wenskippen, soms wrakken. Ik wit sa fjouwer, fiif te lizzen, mar dy wolle se net ferkeapje. Faak sit der famylje-emoasje by. Mar hjoed of moarn komt der wol wer ien los.''

Tekst en foto’s Fokke Wester