Koos Tiemersma nominearre foar Simke Kloostermanpriis 2019

Drachten - Koos Tiemersma út drachten is ien fan de fiif nominearde skriuwers foar de simke Kloostermanriis 2019. dat hat de sjuery bekind makke.

It is de earste kear dat Koos Tiemersma nominearre wurdt foar de SimkeKlostermanpriis. De literêre priis wordt om de tirje jier takind oan it bêste berneboek fan de ôfrûne trije jier. De sjuery fan de 13e edysje fan de Simke Kloosterman Priis wurdt foarme troch Geart Tigchelaar, Sytske Eringa en Gerbrich van der Meer. Sy hawwe alle Frysktalige jeugd/berneboeken út de trije foargeande jierren lêzen en beoardiele. Ut dy list mei hast fyftich titels hawwe hja fiif boeken nominearre.

Heech Tymo

Fan Koos Tiemersma is slekteard it boek Heech Tymo, sjoch omheech (útjûn by HetNieuweKanaal). It boek hat yllustraasjes fan Carla van der Heijde. It ferhaal giet oer it jonkje Tymo, waans heit as militêr yn ’e oarloch yn Afganistan omkommen is. Hy moat him thús en op skoalle ferhâlde mei de nije sitewaasje. Yn in âld masjinefabryk komt er yn’e kunde mei in keunstner, dy’t dwaande is twa grutte frjouljusbylden fan stiel te laskjen. Tioemersma hat hij dêrby basearre op it wurk fan Jan Ketelaar. It boek is ek yn dy syn wurkpleats presintearre.

De oare nominaasjes binne Eppie Dam mei Tsjilp! (De Ryp útjouwerij) mei yllustraasjes fan Lieke Boot (in printeboek mei gedichten oer fûgels); Lida Dijkstra mei De weddenskip (Afûk) mei yllustraasjes fan Nina Peckelsen (in jongereinboek mei trije ferhaallagen, ynspirearre op de Edda en midsiuwske poëzy); Mirjam van Houten mei Tije (Afûk) mei yllustraasjes fan Mirjam van Houten (in berneboek oer it jonkje Tije dat fan it plattelân nei de stêd ferhuzet. In swalker helpt him om syn draai wer te finen) en Auck Peanstra & Riemke Pitstra mei Tomke’s foarlêsfeest (Afûk) mei yllustraasjes fan Luuk Klazenga (in tematysk foarlêsboek mei de avontoeren fan Tomke en syn freonen).

Oarkonde

Eppie Dam wûn de SKPriis yn 2001 en Lida Dykstra wûn sels twa kear achterinoar yn 2004 en 2007. Koos Tiemersma skreau earder literatuer foar folwoeksenen. Yn 2015 krige er de Gysbert Japicxpriis foar syn roman Einum. De Simke Kloosterman 2019, besteande út in oarkonde en in bedrach fan 5000 euro, sil op freed 17 maaie, de middeis om trije oere útrikt wurde yn ’e Petrustsjerke fan Twizel.