Oer de Brêge Tia Bloemhoff en de uitdaging van patatbakken

Redacteur Fokke Wester ontmoette op de brug in de Hoofdstraat Tia Bloemhoff uit Jubbega (52).

Tia? Moaie namme, mar ik hoopje datst him noait krijst.

Nee, dêr geane wy mar fanút, net?

Hoe âld bisto?

51. Noch.

Noch.

Ja, snein is myn jierdei.

No, dit komt nei snein yn'e krante, dus ik skriuw op 52. Ik kom hjir op'e brêge in protte minsken tsjin út Jubbegea. Jim binne echt hiel bot rjochte op Gordyk, hin?

No, net perse rjochte op Gordyk, mar it is wol moai tichtby, natuerlik. It kin lekker snel eefkes hin, tusken de bedriuwen troch.

Do bist hjir oan't wurk?

Nee, ik ha myn eigen saak yn Jubbegea.

Wat dochsto?

Cafetaria Tia haw ik.

In kafetaria, dat is gewoan in snackbar dêrst ek kofje drinke kinst?

Dat kin ek, ja, alles kin, alles is mooglik.

Wat is it ferskil tusken in snackbar en in kafetaria?

Ja, ferskillend, dat wit ik net.

By dy hast ek taffeltsjes, kinst der sitte.

Ja, hear, net safolle, mar it kin wol. It is foarnamelik afhaal. Ik gean binnenkoart ferhûzjen mei it bedriuw, nei in grutter pand. Ek yn Jubbegea.

Hast dat kafetaria al lang?

Ja, fyftjin jier.

Hast it oernaam, fan in besteand kafetaria?

Ja, ja.

En doe hjitte it...

Het Luifeltje.

Ja, dat binne fan dy tradisjonele nammen.

Ja, presys.

Wat is der leuk oan in kafetaria? Sitst altyd yn de frituerlucht.

Ja, it leuke der oan is dat jo dy frituerlucht hast net mear rûke tsjintwurdich. Ek omdat je natuerlik mei hiele goeie produkten wurkje. En ja, jo treffe in protte minsken. En it is leuk wurk om te dwaan.

Dat fan dy protte minsken snap ik, mar dy komme om in pûde patat mei in frikandel en dan binne se wer fuort, fansels.

Ja, mar makkest dochs wol eefkes in praatsje. Allinnich as it hiel drok is ha jo dêr gjin tiid foar, mar op oare mominten wol. En it is leuk wurk, ik mei graach iten klear meitsje.

Ja? Mar patat, dêr sit net safolle útdaging yn, liket my. Of wol.

Ja, tuerlik wol. Doch it marris.

No ja, jo skeppe de patat yn it fet en nei safolle menuten giet dat lampke oan en kin it der wer út.

Ja, dat seit iderien. Mar as se komme te wurkjen by my, dan tinke se: bliksem, it is dochs wol eefkes was oars as dat ik tocht. Wy moatte dochs wol fiif, seis bestellings yn ien kear klear meitsje, de juiste bestelling mei de juiste persoan mei jaan. En alles op de juiste temperatuer. En mei kwaliteit, natuerlik. En as it dan hiel drok is, dan falt dat net mei. Want wy ha fansels net allinnich patat.

Wat ha jim noch mear?

Bami, makarony, nassi, stampotten, dy meitsje ik sels.

Ek echt komplete maaltijden.

Jaseker, ja, ja, ja. Spare-ribs, kebab.

As ik froeger nei de snackbar moast, dan wie't patat en frikandel en kroket en fierder wie der net safolle. Dat is echt ôfgryslik útwreide, hin?

Jaseker, ja, ja. Ik ha mar in hiel lyts saakje, mar bêst wol hiel drok.

En it is foaral drok in heal oere foar iterstiid...

Ja, tusken fiif en sân, dat binne ús spitstiden.

En oant hoe let binne jim jûns iepen?

Wy binne yn it wykein healwei tolven iepen oant njoggen oere jûns.

Kontinu.

Ja, dus op dit momint stiet der in persoanielslid yn. Ik ha krekt oan it wurk west en no moat ik eefkes tuskentroch wat dingen regelje.

Wat is der sa leuk oan patatbakke?

Ja, dat wit ik net. Wat is der sa leuk oan. Soms fyn ik it ek net leuk. Dan tink ik fan goh, hie'k mar in oar berop. Mar dit bliuwt dochs altyd wol wer lûken. En ik bin it net oars wend, mear. Ik doch it al hiel lang.

Hast hjir foar ek wat oars dien? Want do wiest 37 doe'st dizze saak oernaamst.

Ja, doe bin ik foar mysels begûn, mar dêrfoar haw ik ek yn dy snackbar wurke. En ik ha earder wol yn oare snackbars wurke. En yn de thuiszorg en as koerier, ik haw in hiele protte dingen dien. En ik ha fjouwer bern op'e wrâld set...

Ek noch.

... en allinnich grutbrocht. Dus ik haw it drok genôch hân. De lêste fyftjin jier bin ik mei de snackbar bezich.

Do bist noch allinnich?

Nee, ik haw in relaasje no.

En dy wurket ek mei yn'e snackbar?

Nee, dy hat syn eigen be-driuw.

Okee. Wannear bisto tefreden, yn dyn snackbar.

As ik in goeie omset draaid ha.

Ja? Dat is echt dyn driuw?

No ja, tuerlik, jo wurkje net allinnich foar de lol en omdat jo it sa ferskriklik leuk fine. Jo moatte der ek fan libje kinne. Dus as it in goeie dei west hat, dan bin ik gewoan happy. En as wy it dan ek noch goed dien ha, as wy goeie produkten ôfleverje en de klanten tefreden binne, dat fyn ik krekt sa belangryk, eins. Mar ik ha op in dei leaver fiifhûndert tefreden klanten...

... as hûndert.

As hûndert. snapst?

Ja. Mar watfoar eargefoel hellesto út de snackbar, út it patatbakken.

No, dat minsken graach wer weromkomme. Dat se in kear by my wat helje, mar dat se dan ek wer weromkomme. Omdat it goed wie, omdat it lekker wie en omdat se it leuk fine om by my te kommen, by my en myn meiwurkers.

Ik kom ek wolris yn in snackbar en dan sjochst gewoan, it ynteressearret dy man gjin bal wat ik yn myn patatbakje krij.

Nee, nee, Ik bin wat dat betreft... se neame my ek wolris de mierenneuker, mar ik wol it presys sa ha en net oars. En dat slagget natuerlik net altyd, hin? As it hiel drok is dan wol der wolris wat fout-sjes ynslûpe, dat jou'k ek earlik ta, mar oer 't algemien moat it goed. Ik besjoch it altyd sa: as ik ergens myn iten weihelje, dan wol ik it op in bepaalde manier thúskrije. Sa wol ik ek dat wy it oan de minsken mei jouwe. Sa't jo it sels graach thús krije wolle.

Do bist sels de noarm.

Ja, ja.

En sa heart it ek.

Sa heart it ek te wêzen, ja. En natuerlik, fouten meitsje wy altyd. Waar gewerkt wordt worden fouten gemaakt, mar it streven is natuerlik om goed spul te bieden, om it goed te dwaan.

En elke dei farsk frituerfet.

Ja, ja, ja.

Ja? Dêr bist ek streng yn?

Ja, ja, ja, ja.

By my thús stiet it fet wolris in pear moanne.

Nee, natuerlik net, man. Dat kin dochs net.

Tuerlik wol, asto mar ien kear yn'e moanne patatbakst.

Tuerlik, dat is wat oars, it hinget der fan ôf hoefaak asto bakst. Mar as ik alle dagen bak yn dat fet, dan moat ik ek alle dagen filterje. En wan-near noadich wurdt it ferferst. It âlde fuort en it nije der yn. Dat dogge wy fansels folgens de noarm. Want dat fyn ik ek wol belangryk. En wy kodeare altyd, wy stickerje alles, wy...

Ja? As dy televysjekok fan de Smaakplysje delkomt, dan krijsto in sticker op'e ruten?

Dêr gean ik al fan út. Mar sokken fine altyd wol wat, natuerlik. Ik fyn him trouwens hielendal net belang-ryk, want hy stelt neat foar. As de Keuringsdienst van Waren delkomt, of de Warenautoriteit, sjoch, dan moatsto goed wêze. Dat is fan belang.

En do hast it altyd goed.

Ja. Ja. Ja. Tenminste, dêr gean ik fan út.

Do krijst noait klachten.

Nee.

Fernimst wol as se west ha?

Ja, se kundigje harsels oan. Se komme der yn en dan moatte se harren legitimeare. Mar se melde net fan te foaren dat se komme.

En se melde ek net achterôf fan dit en dat mankeart der oan?

Jaseker. Krijst echt in rapport.

No ja, as dat altyd goed is...

Dan is der neat oan' e hân, dochs? En ja, der sit ek bêst noch in hiel soad administraasje oan fêst. Mar ja, dat heart der by. En dat is ek allegear mar goed.

Hellest wolris in patatsje by in konkurrint?

Ja, om te sjen wat sy yn har assortimint ha.

Keapest ek wolris gewoan in patatsje? Of is it dochs fan eefkes sjen hoe't se it dogge.

Ja.

Sjochst altyd mei it each fan de patatbakker. Hoe docht hy it.

En watfoar prizen hanteart hy en hoe ferpakt hy it en hoe bakt hy it. Wat kin ik dêr fan leare. Of net. Of fyn ik myn eigen better. No ja, ik doch it net sa faak, want ik hoech natuerlik net sa faak patat.

Nee, do pakst gewoan ien sa út'e skaal.

Tuerlik wol. Jawol.

En noch noait útiten.

Nee, nee, eins net.

Want dat is raar, mei patat. Ik ha wolris in skoft gjin patat hân mar dan kinst der sa'n sin oan krije. En it is mar gewoan ierpels. Mar it hat dochs wat aparts.

Ja, en it kin altyd, eins.

Ja, en it kin oeral by.

Ja, it kin oeral by, eins wol, wat jo mar ite.

En it hat ek wat typysk Nederlânsks, ek al is it miskien Belgysk.

Ja, dat is sa, kinst it yn't bûtenlân hast net krije. It is hiel bot Nederlânsk.

De trend de lêste tiid skynt te wêzen dat snackbarren oernaam wurde troch Sjinezen.

No, it gebeurde in hiel soad, ik wit net oft dat op it momint ek noch sa is. Mar neffens my wol.

En hoe kin soks dan? Binne dy minsken noch bereid om al dy oeren te meitsjen.

Ja, ja, dy nimme gjin personiel oan. Dy dogge alles mei de famylje, hin?

Mar do hast trije bern.

Fjouwer.

Fjouwer. Dan hast ek personiel.

Nee, nee, nee, dy dogge allegear wat oars.

Se steane ek net achter de frituer?

Nee, net ien fan allen.

Wolle se net, of...

Nee. Nee, want ik ha der ek in skoftsje in kroech by hân, en in seal en sa, dêr bin ik no fan ôf, want dat wie wol hiel heftich. Mar dêr woenen se dan miskien wolris meihelpe.

Mar net yn'e patat.

Nee, dêr wienen se net geskikt foar. De âldste sit yn'e trappen, by De Vries, hjirre. De twadde dy wurket yn'e soarch...

Hoe âld binne se? Allegear boppe de twintich?

Ja, myn âldste wurdt direkst 29, myn dochter is 28, dan is der ien 27 en de jongste dy is no 24, tink ik.

En bist ek al beppe?

Nee, nee.

Want dan fielsty sa âld, liket my. Ik sjoch dy al hast skrikken ast seist hoe âld sy binne.

Ja, as minsken dat oan my freegje, dan tink ik: wat haw ik al âlde bern. Ik bin sels ek al in âld wiif oan it wurden.

Ik bin yn desimber 60 wurden, ik skrik elke kear wer as ik it stean sjoch.

Haha, ik bin noch gjin beppe en dat hoecht foar my ek noch net., hear, dat is myn streven net. Lit se mar lekker hun gong gean. De iene wennet yn Amsterdam, dy is tatoeëarder. Dy wol wol bern ha, mar no noch net.

Hoe komt dy by tattoo's?

Ja, no ja, dy hie echt talint foar tekenjen en doe hat er him dêr wat op rjochte, op dat tatoeëaren, sjen wat dat is.

Do hast ek al in tattoo krigen op'e jierdei?

Ik ha wol, no net sasear op'e jierdei, mar ik ha wol tattoo's, in stik as alve.

Alve! Ik ha net ien, wat is dêr no leuk oan?

Ik wit net. Ek omdat hy se set, hin? As it jo eigen soan is.

Se binne allegear fan him?

Nee, net allegear. Yn it begjin net. Ik ha der ek wol in pear krigen doe't hy oan it learen wie.

Haha, oefenmateriaal, wat grappich.

Ja. Doe't ús heit weirekke is, doe haw ik myn earste tattoo sette litten, op 'e rêch. Dat fûn'k doe wol leuk. En dat gie doe fan kwaad tot erger. Net alve hiele grutten, of sa, in pear grutten.

En hoefolle dêrfan binne echt hûswurk?

Fan him? Stik as seis, tink ik.

Kinst se allegear sjen? Want hast der ien op'e rêch, seist.

Ja, neffens my wol. Der binne ek sokke dinkjes by, hear, hiele lyse dinkjes, sa as dizze.

Ja, ik hoech se net allegear te sjen, hear. Dat binne hûnepoatsjes, do hast in hûn?

Ja, twa.

Ik snap sels hielendal neat fan dy tattoo's.

Nee? Wêrom net.

Do hast in hûn, wêrom silst dan in hûnepoat op itboarst sette.

Wêrom net? Ticht by't hart, hin?

Ja.

Sjoch, fan'e bern haw ik ek allegear dingen op it lichem. Fjouwer flinters, fjouwer bern. Fûgeltsjes dy't útfleane. Hjir op'e pols in ûltsje, dy slacht nergens op, mar is gewoan leuk.

Gewoan fersiering.

In ferslaving. Allinnich it docht sa sear.

En oer fjirtich jier sitst yn it bejaardentehûs en dan hingje al dy bisten.

Kin my niks ferrekke.

Hahaha.

Dy't it net moai fynt, sjocht dan mar in oare kant út.

Is ek sa.

Ja hear, dat heart dus by my.

Moai. Ien fraach noch: do hast hiele aparte eagen.

Oh, is dat sa?

Der sitte hiele donkere rânen omhinne. Hearst dat faker?

Ik haw... jawol, jawol.

It foel my eins fuort al op. Dyn pupillen binne hiel ljocht grien, mar der sit in hiele donkere blauwe râne omhinne.

Ik haw it faker heard, mar de lêste tiid net sa faak mear. Mar yn it ferline ha'k dat faker heard, ja. Dan seinen se, nee, dat wol ik net yn'e krante ha.

Wat sizze se dan, hekse-eagen? Katte-eagen?

Dit meist net yn'e krante sette.

Ik set it apparaat no út.