Oer de Brêge | Hennie Tiesema: ‘Soms bin ik krekt in papparazzi!’

Redacteur Fokke Wester ontmoet op de brug van Gorredijk Hennie Tiesema (62) uit Langezwaag.

Jo ha boadskippe yn Gordyk?

Ja. No ja, yn Langsweagen is fierder neat. Wy hienen in hiele goeie slager, wol garaazjes en oare omballingen der omhinne, mei alle respekt, mar wy moatte foar elk boadskip nei Gordyk. Of kinne wy nei Gordyk, sa.

Dat is jim mazzel, eins.

Ja, wy sitte wol tichtby, natuerlik.

Mar ik begryp dat jo it wol spitich fine dat alles út Langsweagen fuort giet.

Ja, dat fyn ik wol.

Ha jo der altyd wenne?

Nee, nee, no moat ik eefkes goed tinke, in lytse 35 jier, 36 jier. Ik kom der al 40 jier, want ik kin myn man al 40 jier, mar sadwaande, ja.

Mar yn dy tiid ha jo it echt achterút gean sjoen?

Ja.

Doe't jo der kamen wie der folle mear.

Ooh ja, wy hienen noch in lyts postkantoarke, neam mar op. Der binne genôch kappers en oare dingen, mar ja, jo dogge der sels ek oan mei, omdat jo nei Gordyk ta geane en alles. Garaazjes binne der sat, mar goed.

As elkenien yn syn eigen doarp boadskippet, dan hâlde jo it mei mekoar yn stân.

Ik prebearje ek sa lang mooglik nei Gordyk ta te gean. Wat yn Gordyk is, dêr flean ik net foar nei Drachten. En Hearrenfean fyn ik ek net sa'n soad oan.

Mar fernimme jo ek dat it yn Gordyk al achterút giet?

Ja, de Skâns moatte wy hâlde. Miskien meitsje ik hjir wol fijannen mei, mar ik fyn it wol jammer dat it sa feroaret. De Miente is der ôf gong, hin? Dêr ha'k altyd wurke, dêr leit myn siel en salichheid. Wy moatte der ek net te dramatysk oer dwaan, mar dat fyn'k jammer.Dat hie wol oars kinnen.

Hoe lang ha jo dêr wurke?

Oeh, fan '75 oant '79, doe wennen wy der ek noch. Yntern.

Oh, echt as...

As jong famke, út Sigerswâld kom ik, koest dêr net mei de bus weikomme. En ik ha gjin rydbewiis, doe ek net, dan brocht myn heit my wol. Mar ik wie yntern, dus jo jeugd leit dêr. Sa seach ik lêsten myn keammerke gean, fertrietlik.

Ja? Jo ha der by west te sjen, by de sloop?

Ja, ik bin krekt in paparazzi, no? Ik moat dat sjen, dat lêste stikje, dat moat'k sjen. Dy nije garde hat der neat mei, mar wy wol. En mear âlde kollega's.

Ja? Der wienen mear âld-kollega's te sjen?

Seker, seker.

Echt in soart reünie by de sloop noch.

No ja, dat docht sear, ja. Mar dêr moatte jo ek oerhinne stappe, it is klear. It hat west, fuort. Ja!

No ja, jo meie wol eefkes achterom sjen, en spyt ha dat it sa giet, fansels.

Fyn ik wol, fyn ik wol, hie miskien wol oars kinnen. Mar goed, wa bin ik.

Jo ha der wurke en dêrnei binne jo troud?

Doe bin ik troud en doe haw ik noch in skoftsje op It Fean west, yn Mariënbosch. Mei alle respekt, mar dêr mocht ik absolút net wêze.

Oh.

Bin ik gewoan earlik yn, hear. No, en doe bin ik letter, doe wienen de bern al wat âlder, bin ik sa stadichoan wer wat by de Miente krabbele. Dêr ha'k hiel lang frijwilligerswurk dien. En sa no en dan nochris in fêst baantsje der tuskentroch. Ja, dat is't.

Altyd op Gordyk rjochte west.

Ja, altyd wol, de lêste jierren, ja.

Jo ha ek bern krigen?

Ja, wy ha twa bern, dy binne ynmiddels al de doar út. Ik bin beppe wurden, dus ja. Sjoch, doe't de bern wat âlder waarden, doe koe ik wol wat frijwilligerswurk dwaan.

En no dogge jo fierder neat mear?

Nee. Ik besykje noch wol in âlde frou, af en toe, dan bin'k myn eigen frijwillichster. Dan bepaal ik sels de tiid as ik der hinne wol, yn de oanleunwenningen, dan gean ik der hinne.

Dat is hjir ek yn Gordyk.

Ja, by de Miente sels. Miente Nieuwe Vorm, hjit dat no.

It grutte gebouw is der ôf en it giet no fierder yn lytsere ienheden.

Ja, eins is der oan de soarch neat feroare. Miente Nieuwe Stijl, hjit it no.

Mar dat is net jo stijl.

Nee, it is myn stijl net, ha ha. Nee, dan moatte jo dat ôfslute, klear.

No binne jo 62, dus it kin noch hiel lang duorje foardat jo der sels oan ta binne, mar hoe sjogge jo dat dan foar jo?

No sjoch, myn man is in echte Langsweachster, dus dy wol eins net út it doarp wei. Nee, ek fanwege de buorkerij dy't wy noch samen mei de soan hawwe. Mar ik bin wol in Gordykster, eins.

Ja?

Ja, wy sykje ek wol om in hûs, mar jo moatte beide wolle, hin? Omdat ik net autoryd, no ha wy in hiele goeie busferbining, mar as ik myn sin krige, dan gongen wy nei Gordyk. Mar jo moatte beide wolle. As ien fan de beiden dat net wol, dan ha jo in probleemke.

Dan hâldt it op. Ik wol ek net stoke, mar, jim wenje op in buorkerij noch?

Nou, nee, myn soan wennet dêr no sûnt trijeëninheal jier, mei syn freondin en wy ha samen it bedriuw noch wol. Wy wenje tydlik yn in hierhûs, eefkes. Dat is hiel goed oplost, hear.

Eefkes in tuskenfase om te wennen.

In tuskenfase, om te sjen, ja, om om ús hinne te sjen. Wy wolle leafst ek wer keapje, fansels. Mar dat falt noch net mei.

Mar jo man is echt in Langsweachster, dy krije jo dêr net gau wei?

Nee, dy krijst der net wei, haha.

Dat hat ek wol wat, hear, fyn ik.

Fyn ik ek, jaaaah, no ja, dan moatte jo ta in kompromis komme. Dan moatte jo wat oars sykje. Dan moatte jo tinke: wêr wolle jo dan beide wol hinne. Mar dat falt net mei, hear.

Mar jim moatte it dochs tegearre rêde.

Ja, en sa lang as jo noch sûn binne, hin?

Ja, en Langsweagen is te fytsen, as it in bytsje knap waar is.

Ik haw noch in moaie nije, elektryske fyts, dus wat dat betreft, ik ha neat te kleien. Nee hear. Myn man bringt my altyd wol. En bussen ride om't oere, om it heal oere. Dus dat is hielendal gjin punt. Mar jo tinke ek wolris foarút, hin?

Sorry?

Jo tinke ek wolris fóarút.

Ja, ja, ja, ja.

Hjir is alles, watst noadich hast is hjirre. No ja, it komt altyd oars, it komt altyd oars.

Jo each falt my op, jo rjochtereach hinget.

Ja, ik ha griperich west, ik wie juster net fit.

Jo rjochtereach hinget wat.

Ja, ha'k wol faker. As ik wurch bin ha'k dat. Neat earnstichs, hear.

It foel my ynienen op.

Ja, ha'k altyd, hear.

Ja, ek altyd al hân?

Ja, hiel lang al, ja.

Ha jo fierder noch wat omhannen.

No, bûten dat frijwiligerswurk, wat oppassen.

Op de beppesizzer.

Ja, en fotografeare mei ik graach dwaan.

Ja? En wat fotografeare jo dan?

Fan alles en noch wat. Mar de lêste tiid wat minder, it hat wolris mear west. Dan geane wy wolris nei Bakkefean ta te rinnen, dêr lizze jo roots dan. Yn Sigerswâld dêr, dêr wenne ik ek graach.

Dat fielt dochs noch oars? Jo binne wol altyd yn de selde gemeente bleaun, mar Sigerswâld en Langsweagen, dat binne wol de beide utersten, fan Opsterlân, fierder út mekoar kin hast net.

Ja, dat komt as der in man op jo paad komt dy't fan dizze kanten is, mar doe wurke ik al yn Gordyk, doe't ik myn man kennen learde.

Mar Sigerswâld is noch altyd thús foar jo?

Jaaah, jaaah, myn broer wennet der noch en dan mei ik der altyd noch wol graach hinne gean, mar fierder ha jo der net safolle mear.

Wat is jo famkesnamme?

Hoekstra. Us heitendy hienen altyd in leanbedriuw, oan de Binnenwei sieten se dan. Ja, en Bakkefean fyn ik ek altyd moai.

Dat is ek in moaie hoeke.

Dan sizze se: do makkest al wer de selde foto. Neehee, dat is net sa. Dy dunen binne alle kearen oars. En op it eilân ek, ik bin ek in eilânhopper natuerlik, ik moat ien kear yn't jier nei Terskelling.

Is dat sa? Mar wat is der dan sa apart oan sa'n eilân?

Dat frijgefochtene. Jo stappe op de boat en jo binne fuort.

Nee, júst net. Want as jo op in eilân sitte, dan sitte jo fêst, dan kinne jo der net samar mear ôf.

En dan haw ik der hielendal gjin lêst fan. Ik ha wol gauris as ik tusken de minsken sit dat it my benauwt, mar op in eilân haw ik dêr hielendal gjin lêst fan.

Dan fiele jo jo echt frij.

Ja. Ik kin der altyd wol wer ôf, tink ik dan.

Mar oeral is wetter om jo hinne, dat is pas echt opsluten.

Ja, myn broer hat dat ek, mar op dat momint haw ik dêr noait gjin lêst fan.

Jo fiele jo hjir júst opsluten.

Noh nee, dat net, mar yn grutte minskemassa's ha'k dat. Mar al sitte der tûzenen op dy boat, dy ferstowe wol, dy sjochst noait wer.

En dan lekker rinne, fytse, strân, útwaaie.

Terraske. En dan meitsje ik ek hieltyd foto's. En dan sizze se: al wer dyselde foto. Mar dat is net sa. Hâld noris op, sizze se dan. Mar dat haw ik júst net.