Oer de Brêge | Grytsje van der Zee-Broers: ‘De tropenjierren ha no wol sa’n bytsje west’

Redacteur Fokke Wester ontmoette op de hoofdbrug van Gorredijk Grytsje van der Zee-Broers (32) uit Gorredijk.

Wennest hjir al lang?

Nee, ik wenje hjir sûnt 2007, doe bin ik samenwenjen gien.

Wêr komst oarspronklik wei?

Ut de Himrik.

Hjir flakby.

Ja.

Do koest de Gordyk dus ek wol.

Ja. Ik siet hjir op skoalle, op de BHS.

Do hast wurk?

Ja, ik wurkje op it laboratoarium yn it sikehûs.

Yn Drachten?

Ja.

Wat docht ien op in laboratoarium yn in sikehûs?

No, alle lichemsfochten sis mar ûndersykje. Bloed, eh...

Echt analysearje?

Ja.

Sjen wat der yn sit.

Ja. Alle stofkes.

Dan komst dus ek dingen tsjin dy't soms foar minsken minder plesierich binne.

Ja, ja, dy komst ek wol tsjin, ja.

Docht dat dy ek wat, of is it puer technysk ûndersyk.

Ja, eins wol. Jo moatte soks ek net mei nei hûs nimme, tink ik. Tuerlik tinke jo wolris, as jo sjogge oan it bloed of wat oars dat ien achterút giet, dan steane jo dêr wolris by stil. Mar foar de rest docht it my net hiel folle.

Do hast gewoan sa'n scankoade by it guod datsto analyseare moatst, der sit fierder gjin namme by?

Jawol, op de buiskes dêr't wy it bloed yn ôfnimme komme wol de gegevens fan de minsken te stean, natuerlik.

En dan sit der ek wolris in bekende namme by, tink ik.

Ja, in inkele kear, mar jo krije safolle buizen troch de hannen, of safolle monsters troch de hannen, dan lette jo dêr net op.

Mar kinst bygelyks ek sjen oft ien kanker hat, of sa?

Ja, kinst wol dingen sjen dy't wize op kanker, sis mar, mar dan is der altyd mear ûndersyk noadich. It is net oan ús om in diagnoase te stellen.

Nee, mar do bist dus wol de earste dy't sjocht dat er wat mis is.

Ja, dat kin, ja.

Dat is minder plesierich, liket my.

Ja, ja.

It is leuker om te sjen dat ien dy't graach bern ha wol swanger is.

Ja! Oan'e oare kant, as ien graach in bern ha wol en dat wol net, dan binne wy wol degenen dy't dêrby helpe, sis mar.

Do sitst de hiele dei achter sa'n mikroskoop?

Nee, nee, nee, nee, absolút net. Der sit wol mikroskoopwurk by, mar ik sit ek wol op de Poli. It kontakt mei de minsken fyn ik hiel leuk. Dan sit ik in heale dei op de Poli te prikken.

Dat is echt it ôfnimmen fan bloed.

Ja, echt it ôfnimmen, de start fan it ûndersyk. Of de minsken dy't yn it sikehûs lizze prikke. En de rest fan de dei sit ik achter alle apparaten, sis mar. Der steane hiel folle apparaten.

Watfoar apparaten binne dat dan?

Ja, foar alle stofkes. Want yn it bloed sitte hiel folle enzymen en, no ja, in hiele protte stofkes. En dat bepale dy apparaten allegear. En dy moatte wol betsjinne wurde, en dan moatte de útslaggen besjoen wurde, soargje dat alles op it apparaat stean bliuwt, dat it apparaat goed wurket.

Jim stjoere de útslaggen troch en wat der fierder mei gebeurt dat is hiel fier fan jim.

Ja, dat is oan in arts, dy moat sjen oft ien foarút giet of dat der al of net oan de hân is wat hy tocht.

Ja. Hast dit wurk altyd dien?

Ja.

Hast ek de oplieding hân foar laborante.

Ja, ik ha earst de ferpleging dien en dêr bin ik mei stoppe en doe bin ik nei de analisteskoalle gong.

Dat technyske luts dy mear as de soarch?

Ja. Ja, haha.

Ja, dat kin, it moat dy lizze, de soarch. Mar do kaamst der achter: dit is dochs net myn ding.

Nee, ik fyn de soarch, eh, ik ha hiel lang yn Anna Schotanus wurke, yn Hearrenfean, achter de gesloten deuren, sis mar, by de deminte âlderen. En dat fûn'k ek hiel leuk hear. Ik fûn it gewoan hiel leuk om mei dy minsken te wêzen, te praten en om spultsjes te dwaan en sa.

Ja, want dat is echt soarch, hin? It giet net mear om genezing of better wurde.

Ja, mar yn de ferpleging is it dat net mear, dêr moatte jo snel, snel, snel. Fan bêd nei bêd en eins gjin tiid foar de minsken.

Hasto lang yn de soarch wurke?

No, ik bin der kaam doe't ik staazje rûn en doe koe'k der komme yn it wykein, sis mar. En fakânsjewurk haw ik dêr dien. Dat haw ik in jier as sân, acht dien, wykeinen en fakânsjes.

As frijwilliger?

Nee, part-time, wannear't sy my noadich hienen, wannear 't ik tiid hie. En doe bin ik slagge foar myn analiste-oplieding en doe krige ik wurk dêryn, dus haw ik dêr ûntslach naam.

En dat befalt goed.

Ja.

Hast ek bern?

Ja, twa.

Dat giet allegear goed? Baan en bern? Ik wit dat ik dat noait oan mannen freegje hear, mar...

Ja, it is wol drok, it is hektysk, se binne seis en fjouwer, dus ja...

Krekt de leeftyd datst wer in bytsje tiid krijst.

Ja, ergens wol. De tropenjierren ha no wol in bytsje west.

No, der komme noch folle mear.

Oh, dat sil wol.

Ja, ik ha se boppe de twintich allegear, mar der komme mear fasen datst tinkst fan...

Ja, dat bliuwt altyd, hin? Aanst de puberteit en alles.

Mar fjouwer en seis jier, it is hjoed 5 desimber, hoe wienen de ôfrûne fjirttjin dagen? In hel?

No, net sasear in hel, hear, mar se wienen wol in bytsje hieperdepieper, foaral jûns mei't sliepen.

Se ha de kadootsjes al hân?

Ja, wy dogge fan'e middei noch wat lyts by myn skoan-âlders, mar dat witte se noch net. Wy sizze ek neat. Wy geane der gewoan hinne...

En dan hat Sinterklaas der ek west.

Ja, mar se hawwe it dochs wol aardich troch, hear.

Sa lang as se noch leauwe is dit in moaie pearioade.

Ja, mar ik bin ek wol bliid dat dy man no wer fuort giet.

No rêstich desimber út en dan yn jannewaris wer fris begjinne.

Ja, wat krystfestiviteiten, dat is altyd wol gesellich.

Ja. Hast ek hobbies? Of hast it dêr te drok foar noch.

Ja, ik sport wol in soad.

Wat dochst, follybal?

Nee, ik doch oan cross-fit.

Sorry?

Cross-fit.

Wat is dat?

Ja, in hiel soad mei eigen gewicht, push-ups en sa...

Eigen gewicht?

Ja, net mei apparaten, sis mar...

Echt oefeningen.

Ja, it binne inderdaad oefeningen, springe, of eh...

Dat is fitness mear, of net.

Ja, mar dan sûnder apparaten.

Dan kin dat dus ek thús.

Nee, dat doch ik yn Hearenfean.

Op de sportskoalle.

Ja.

Mar it kin gewoan thús, ast dochs gjin apparaten noadich hast.

Ja, yn prinsipe kinst it ek thús dwaan. Mar yn in sportskoalle bist wat mear motiveard, jo binne mei in groep, enne...

It is echt groepswurk.

Ja.

Dat liket in bytsje op dûnsjen, mar krekt net.

No, it is in bytsje moeilik te omskriuwen, it is gewoan in training. De trainer set dan in training op it boerd en dan is it 45 menuten eins folút om te prebearjen dat te heljen. En dat is júst it leuke. Ik doch dat no hast trije jier en iderien docht it op syn eigen tempo en op syn eigen gewicht. De iene hellet it wol en de oare hellet it net.

Wurdst der fitter fan?

Ja, it wurket as in trein.

Ja? Do fernimst echt dat de kondysje better wurdt en datst liniger wurdst, sis mar.

Ja, en ôffalle.

Alles wat men fan fitness wol.

Ja, eins wol. Mar fitness is echt allinnich en mei crossfit haw ik mear it idee dat ik yn in groep sit, ek al docht elk it foar himsels.

En dy groepsdwang, dy groepsdissipline, dy helpt dy om it fanatiker te dwaan.

Ja, jo moatte jo ynskriuwe foar in training en as jo net komme, dan moatte jo jo wer ôfmelde en dat is dochs wol wer in drompel.

Dy groepsdwang wurket dus wol.

Ja, want fitness dan kinne jo sels witte wannear't jo hinne geane en as jo gjin sin ha, dan geane jo net.

Ja, en ast healwei in oefening stopje wolst, dan hâldst op.

Ja, ik ha genôch prebearre hear, mar dat hâlde jo in pear moanne fol en dan wurdt it him dochs net. Mar dit doch ik no al hast trije jier.

No, miskien moat ik der ekris oan begjinne. Sitte der wol mannen by? Of is it echt in frouweding.

Ja, ja, ja, myn man sport der ek, meastal dogge wy om de beurt, dan wikselje wy mekoar ôf.

Fierder noch wat by d'ein?

Nee, jah...

Mei twa lytse bern en in baan is it ek drok sat. Hoe-folle oeren wurkest?

32, woansdeis is myn frije dei.

Plannen ek noch, foar de takomst? Jim ha in eigen hûs?

Ja, wy ha in eigen hûs.

Do hast it moai foar me-koar, op dyn 32ste.

No, dat tocht ik! Ik haw in leave man, twa leave bern en myn baan befalt my hartstikke goed. Dêr wurkje ik no sûnt maaie. Ik haw earst acht jier yn Meppel wurke, doe in lyts jier yn Snits en doe kaam der in fakatuere yn Drachten frij. No, tichterby kin ik it net krije, dus sollisiteare.

Ja, ideaal. No, goed om te hearren datst alles moai op'e rit hast.